{"id":1376,"date":"2009-03-04T16:56:28","date_gmt":"2009-03-04T14:56:28","guid":{"rendered":"https:\/\/wordpress-93166-1056199.cloudwaysapps.com\/?p=1376"},"modified":"2019-12-09T12:55:20","modified_gmt":"2019-12-09T10:55:20","slug":"lolke-kalsbeek-fiifentritich-jier-feedokter","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/lolke-kalsbeek-fiifentritich-jier-feedokter\/","title":{"rendered":"Lolke Kalsbeek, fiifentritich jier feedokter"},"content":{"rendered":"
Hoe yn \u2018e goedichheid kinne jo it libbenspaad fan in feedokter gearfetsje yn ien ferhaal? Dat bestiet hielendal net! Heech\u00fat binne der in pear krinten \u00fat de brij te fandeljen. Hokker krinten dan?<\/strong>\u00a0<\/strong><\/p>\n It beg\u00fbn goed 35 jier lyn mei tongblierspuitsjen yn dizze omkriten. Noch mar krekt it rydbewiis en noch gjin \u00fbnderfining fan \u00fas fak. Beide hat Lolke lykwols yn de rin fan \u2018e jierren goed yn \u2018e fingers krigen. It fakmanskip fan feedokter sels poerb\u00east; it autoriden koe somtiden noch wol wat better. At er breinroer hastich is, parkeart er syn wein bygelyks samar by Bouke yn \u2018e brijkarre!<\/p>\n Lolke, hikke en tein yn it Grouster Leechl\u00e2n, kaam hjir nei de st\u00fadzje werom as frijgesel. De keallefokclub en de Red\u00faster merke brochten Jantsje by him; trije s\u00fbne bern foelen harren ta. Der sitte gjin opfolgers by. Dat hie it neiteam gau besjoen: it feedoktersbestean is drok. Lolke is teminsten altyd en ivich drok mei \u2018de praktyk\u2019. Syn wurk is syn hobby.<\/p>\n Hoe \u2018t er yn \u2018e omgong is? Hy is goed mei kij, hat er ek ferst\u00e2n fan. Kin ek b\u00east mei de measte boeren. De kollega\u2019s? It is mei in maatskip krektlyk as yn in houlik. At der noait argewaasje w\u00eaze soe, binne der sufferts yn \u2018t spul. En it lytsfee dan? Al hoe \u2018t er syn b\u00east ek docht, it sprekoere is gjin pree foar him. H\u00fbnen en katten, hawar. Mar rap hie er de doaze wer ticht doe \u2018t der net in knyn of in marmot \u00fat kaam mar in echte slang! \u201cDy moasto mar dwaan\u201d, seit er dan. Leaver hat er in t\u00fanslang yn \u2018e hannen of pielt er yn syn frije tiid wat by de sitk\u00fble om.<\/p>\n Ljipaaisykjen is syn grutste passy. Der moat sels syn wurk bytiden foar wike. It sil dreech wurde at er him yn \u2018e takomst beheine moat ta de neisoarch allinne.<\/p>\n Krityske noaten h\u00e2ldt Lolke net sa fan. Wol om se sels te kreakjen, mar net om se te \u00fbndergean. Doe\u2019 t bygelyks in kear it bloedtaapjen \u00fat de sturt by in ko net sa goed slagge sei de boer: \u201cIt liket wol akupunktuer!\u201d Fuort wie Lolke, en dy boer hat him dy deis nea wer sjoen…<\/p>\n Syn lingte frustrearret him ek wol ris wat. By grutte kij moat in batte, in pak strie of in hiel kninehok, sa giet it ferhaal, wolris \u00fatkomst biede om him op hichte te bringen. Meastentiid lykwols kompensearret er mei kennis en kunde en foaral mei de m\u00fble. Dat wurdt wer wat dreger foar in grutter publyk. Dochs wie it op \u00fas boerej\u00fbn yn Poppenwier wer fermaaklik at er syn ferhaal docht mei in Simmer 2000-ko op it toaniel, dy\u2019t yn alderhande posysjes maneuvrearre wurdt om ynjeksjetechniken sjen te litten. En al hielendal at er dernei mei in hylaryske utering komt oer it televyzjeprogramma \u2018Spuiten en slikken\u2019. Der wie in wr\u00e2ld en noch wol folle mear foar him iepen gongen, d\u00ear \u2018t er sels net iens mei Jantsje oer doarde te praten.<\/p>\n It is foar syn kompanjons wol ris dreech Lolke te folgjen. Wie er doedestiids de grutte promotor fan it r\u00f4ljen en stekken fan in ko mei in l\u00eabmageferdraai\u00efng, s\u00fbnt er sels ek ris in ko dea hie nei sa\u2018n aksje, mei dat tsjintwurdich net mear. Of it moat w\u00eaze…. en dan bel\u00e2nje wy yn de lytse letterkes fan Lolke syn betingsten. Dat l\u00eabmagestekken fan him is oars in \u00fbnneifolgber ritueel. Fral syn mimyk! Earst al by it hanwaskjen mar letter ek seker net minder by dat eksplosive stekken. Freegje de boeren mar nei.<\/p>\n Lolke mei graach op \u2018e hichte bliuwe. Hy hat him bytiden al opj\u00fbn foar in kursus, foardat de oare trije maten fan it bestean witte. Dat kostet him soms sels in auto. Op Papendal rekke er syn praktykwein kwyt. Mei de hiele mikmak deryn fansels. Eins ek noch in gelok by in \u00fbngemak. Koe er alles ris hielendal nij oanskaffe.<\/p>\n Mear krinten? Dy binne der by \u2018t soad. Mar ik wol my noch ta ien beheine. Tsjintwurdich hawwe in protte boeren de badkeamer \u00fatwreide oant yn de skuorre. Dy sit dan faaks by de achterdoar. Sa kaam hy ris yn it foarporteal om \u2018folk\u2019 te roppen, kaam der net krekt de boerinne \u00fbnder de d\u00fbs wei stappen? Lokkich hie se al in broekje oan, mar mear ek net! Wat Lolke doe sein hat kin ik allinne mar riede. Wol wat er seit at er dat ferhaal wer ris docht; \u201cGodtomme! En se die net iens in handoek foar!\u201d<\/p>\n Op 2 maart is Lolke Kalsbeek sechtich jier wurden. Al 35 jier in besiele bistedokter. Dei en nacht foar h\u00fbndert persint ree stean foar de boeren en harren fee. It leafst soe er noch wol 35 jier trochgean wolle…<\/p>\n Maart 2009<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":" Hoe yn \u2018e goedichheid kinne jo it libbenspaad fan in feedokter gearfetsje yn ien ferhaal? Dat bestiet hielendal net! Heech\u00fat binne der in pear krinten \u00fat de brij te fandeljen. Hokker krinten dan?\u00a0 It beg\u00fbn goed 35 jier lyn mei tongblierspuitsjen yn dizze omkriten. Noch mar krekt it rydbewiis en noch gjin \u00fbnderfining fan \u00fas fak. Beide hat Lolke lykwols … Lees verder \u00bb<\/a><\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_mi_skip_tracking":false,"_exactmetrics_sitenote_active":false,"_exactmetrics_sitenote_note":"","_exactmetrics_sitenote_category":0,"footnotes":""},"categories":[10],"tags":[],"yoast_head":"\n