{"id":2014,"date":"2018-07-01T21:31:38","date_gmt":"2018-07-01T19:31:38","guid":{"rendered":"https:\/\/wordpress-93166-1056199.cloudwaysapps.com\/?p=2014"},"modified":"2023-01-05T17:57:44","modified_gmt":"2023-01-05T15:57:44","slug":"wrafke-2","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/wrafke-2\/","title":{"rendered":"In nij begjin"},"content":{"rendered":"
De woansdei nei Pinkster wiene allinne Abe en ik noch oer fan \u00fas n\u00east fan seis. Ik f\u00fbn it sneu foar Abe mar ik wie bliid dat \u00edk net as \u00e2lderl\u00easte ophelle waard troch myn nije baas en syn frou. Ik seach se al fan fierren oankommen en hie daliks troch dat ik no oan bar wie en sa sette ik myn sturt yn de heechste wyspelst\u00e2n.<\/p>\n
<\/a><\/a><\/p>\n Pyt hie de triennen yn \u2018e eagen doe\u2019t wy mei syn trijen \u00f4fsetten mar ik tocht by mysels: \u2018ja fader, dan hiesto my mar net fersizze moatten!\u2019 Ik mocht by Frou op skoat sitte yn in grut kabaalding dy\u2019t sy \u2018auto\u2019 neame. Ik krige noch in aai oer \u2018e kop fan Pyt en Emmy en d\u00ear gong ik mei myn krapoan s\u00e2n wike \u00e2ld de wiide wr\u00e2ld yn. Weemoedich \u00fatswaaien wie it l\u00easte wat ik fan harren seach. \u00dbnderweis waard ik in bytsje mislik en \u2018k moast derfan flybje. Frou hie d\u2019r rekken mei holden en str\u00fbpte in grutte doek \u00fbnder my del. Gelokkich duorre it net lang en s\u00fbnder koarjen kaam ik al rillegau op myn nije wenstee. De \u00fbntfangst d\u00ear wie alderhertlikst. D\u2019r wenje hjirre noch trije grouwe jonges th\u00fas dy \u2018t my om bar oankr\u00fbpe woene. Mar boppedat wennet hjir ek noch in \u00e2ld sok. Sy soe wolris muoite mei my ha kinne en dus setten wy op \u2018e nij wer \u00f4f nei in \u2018neutraal gebiet\u2019 om elkoar te moetsjen. Ik waard yn myn nije reistinte efter yn \u2018e auto treaun en d\u00ear gongen wy wer. Ja ho\u2019ris, tocht ik, wat sille wy no ha! Ik seach neat, \u2018k wist alhiel net wat my te wachtsjen stie en dat sille jimme witte ek! Sadwaande haw ik hearre litten dat ik fan de wolven \u00fatskaai. Mar it duorre grif noch gjin fiif minuten en doe mocht ik mei dy \u00e2lde swarte yn \u2018e kunde komme. A\u00efcha neame se har. In swarte labrador fan mear as fjirtjin jier. No, sa swart as \u00fas mem is se net mear; sis mar sulvergriis. Foaral om \u2018e sn\u00fat en \u00fbnder de sturt. En se rint wat krebintich mar wa seit my hoe\u2019t ik noch omspaan at ik s\u00e1 \u00e2ld wurde mei..? Sy f\u00fbn my wol wat drok, mar ik haw neat oars dien as har om \u2018e bek \u00f4fslikje en der is gjin ferkearde blaf fallen, lit stean biten en grommen… Ik haw har daliks \u00fbnderdienich merke litten wat myn plakje is en dat sil foarearst f\u00east sa bliuwe at it oan my leit. Fansels hat sy de \u00e2ldste rjochten hjirre. Faaks kin ik ek noch in protte fan har leare. \u2018At dat mar net it ferkearde is\u2019, seit Frou perfoarst. No, dat sil de tiid leare.<\/p>\n <\/a><\/a><\/a><\/p>\n Doe gongen wy werom nei myn nije stee en lieten se my myn sliepplak sjen. In grutte koai gewoan yn \u2018e h\u00faskeamer. Ik krige wat brokjes dy\u2019t Pyt meij\u00fbn hie, mar der hie \u2018k noch gjin ferlet fan en doe haw ik my daliks delj\u00fbn yn myn h\u00fbnekuorke. Dat is d\u00fadlik earder br\u00fbkt, mar dat makket my neat \u00fat om\u2019t it h\u00fbneb\u00ead deryn skjin is.<\/p>\n <\/a><\/p>\n Op \u2018e neimiddei haw ik wakker yn \u2018e t\u00fan boarte mei eltsenien en bin ik al oan in halsb\u00e2n de strjitte \u00fat west. Wat in dei. Ik wie dy j\u00fbns folslein \u00fat \u2018e liken! Safolle nije yndrukken, nije gesichten en sa. Yn it l\u00e2n efterh\u00fbs haw ik bygelyks mei niget hiele grutte swarte en wite skepsels sjoen dy\u2019t net blaffe mar bl\u00eate. Hiel nijsgjirrich! Doe \u2018t it letter op \u2018e j\u00fbn stil en tsjuster waard yn \u2018t h\u00fbs miste ik \u00fas mem en myn bruorkes dochs wol ferskuorrend. Pyt hie in stik tekken fan \u00fas n\u00eastkoer meij\u00fbn en dat joech my treast. Dochs moast ik s\u00fantsjes jammerje. Mar dat hat noch gjin kertier duorre, doe foel ik as in blok yn sliep…<\/p>\n <\/a><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":" De woansdei nei Pinkster wiene allinne Abe en ik noch oer fan \u00fas n\u00east fan seis. Ik f\u00fbn it sneu foar Abe mar ik wie bliid dat \u00edk net as \u00e2lderl\u00easte ophelle waard troch myn nije baas en syn frou. Ik seach se al fan fierren oankommen en hie daliks troch dat ik no oan bar wie en sa sette … Lees verder \u00bb<\/a><\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_mi_skip_tracking":false,"_exactmetrics_sitenote_active":false,"_exactmetrics_sitenote_note":"","_exactmetrics_sitenote_category":0,"footnotes":""},"categories":[12],"tags":[],"yoast_head":"\n