{"id":2132,"date":"2019-01-19T19:06:57","date_gmt":"2019-01-19T17:06:57","guid":{"rendered":"https:\/\/wordpress-93166-1056199.cloudwaysapps.com\/?p=2132"},"modified":"2023-01-05T18:26:35","modified_gmt":"2023-01-05T16:26:35","slug":"wrafke-frutsel","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/wrafke-frutsel\/","title":{"rendered":"Frutsel"},"content":{"rendered":"\n
Doe\u2019t Baas fan \u2018e moarn \u00fbnder kaam en my nei b\u00fbten litte soe, fielde ik mysels sa ferskuorrend modzich. Hy moast my suver wekker meitsje, sa sleau en moalich wie\u2019k. Baas kin dat hiel fynfielend. Hy begjint my earst \u00fbnder myn str\u00f4tsje te kardzjen en dan rek ik my \u00fat, draai ik mysels stadichoan op \u2018e r\u00each, en d\u00earnei tysket er my oer myn b\u00fakje. Dat lit ik sa lang mooglik mei de eagen ticht gewurde om\u2019t er my eins gjin grutter deugd dwaan kin! Mei in protte muoite r\u00f4le\u2018k op myn poatsjes werom en gappe wiidbekkich. En dat wylst ik fan \u2018e wike krekt de hiele wr\u00e2ld wol oan koe. Doe haw ik sa hearlik traind mei Frou. Ik speurde as in spear en appertearre as \u2018t spoar. Ik haw alle dummys prompt f\u00fbn en fuortdaliks by Frou brocht. Och, wat wie se grutsk op har lytse mokkeltsje! Sels de jachtoefenmasterin wie optein. Ik begryp dus neat fan dy lamliddichheid . Bin wier net siik of sa mar ik kin wol in gat yn \u2018e dei sliepe\u2026 Dochs mar efkes yn \u2018t waar sjoen en dernei krige ik, krekt lyk as eltse moarn, iten fan Baas. Hie\u2019k sljocht gjin sin oan. Ik haw him oansjoen en doe beg\u00fbn Baas te skodholjen: \u2018dan mar net, Afke\u2026\u2019 Hy seach wat sneu om\u2019t ik in bytsje jierdei bin. Ik bin hjoed sekuer acht moanne \u00e2ld.<\/p>\n\n\n\n