{"id":2151,"date":"2019-03-01T18:01:58","date_gmt":"2019-03-01T16:01:58","guid":{"rendered":"https:\/\/wordpress-93166-1056199.cloudwaysapps.com\/?p=2151"},"modified":"2023-01-05T18:28:18","modified_gmt":"2023-01-05T16:28:18","slug":"wrafke-moaie-dei","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/wrafke-moaie-dei\/","title":{"rendered":"Moaie dei"},"content":{"rendered":"\n
Fansels hie\u2018k al lang yn \u2018e noasters dat it net goed gie mei dy \u2018\u00e2lde Swarte\u2019, A\u00efcha. Sy siet al yn har Fyftjinde (!) libbensjier, mar se wie noch s\u00e1 geef mei har fjoer fan in rjochtaarde jachth\u00fbn. Jawis, krebintich troch in fersliten r\u00each, mar d\u00ear joech Baas har pillen foar. Ferline hjerst hat dyselde Baas har noch twaris \u00fbnder it mes h\u00e2n om frjemde bulten fan har liif fuort te heljen en dat hat se geweldich goed trochstien. Fan \u2018e wike hat se wer mei Frou en Baas nei de bistedokterspraktyk west. Doe\u2019t se th\u00fas kamen wienen de gesichten fertrietlik. A\u00efcha wie ek fan\u2019t hynder, mar dat wie se lykwols altyd at se nei de praktyk west wie. Ik sn\u00fafde de rook fan minsken oan har dy\u2019t ik net rjocht th\u00fasbringe koe, mar fernaam oan Frou har praat dat se by dyjinge west wiene der\u2019t Aicha har puppetiid trochbrocht hat. Om \u00f4fskie te nimmen, koe\u2018k begripe. Eltse dei dernei giene wy nei in plakje te kuierjen wer\u2019t wy wolris earder west wiene en op woansdei binne wy sels meienoar nei myn ferneamde jachtoefenmasterin yn Harich west. A\u00efcha moat fan Anjolien alles leard hawwe wat ik no mei safolle nocht opdoch. Mar Anjolien beweart ek fan A\u00efcha in bulte leard te hawwen. Wat wiene dy twa seldsum bliid mekoar wer te sjen! Ik haw dy \u00e2lde Swarte noch nea sa \u00fat de skroeven sjoen… Oandwaanlik! En se hat by eintsjebesl\u00fat ek noch twa kear in dummy-ein apperteard. Net te fier fuort, hear. De dei dernei moast se dat lykwols ferskuorrend belije. Se wie \u00fat \u2018e liken, moast hyltyd mear koarje, mar woe en koe dochs noch wol lekker ite. Dat skynt se har hiele libben graach dwaan mocht te hawwen. Wat dat oanbelanget: in echte Labrador. Kin ik noch wat fan leare, om\u2019t ik noch wolris in miel oerslaan wol…<\/p>\n\n\n