{"id":2234,"date":"2019-09-25T21:32:26","date_gmt":"2019-09-25T19:32:26","guid":{"rendered":"https:\/\/wordpress-93166-1056199.cloudwaysapps.com\/?p=2234"},"modified":"2023-01-05T19:54:00","modified_gmt":"2023-01-05T17:54:00","slug":"wrafke-sin","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/wrafke-sin\/","title":{"rendered":"Sin"},"content":{"rendered":"\n
Myn namme is noch immer Afke, fol\u00fat Afke fan it Fryske Wetterl\u00e2n. Ik bin in Labrador fan it jachtsoartich slach. Nea haw ik in min sin; ik bin nammentlik wakker fleurich fan aard. Ik bin sljocht op trene mei de Frou. Kinsto my midden yn \u2018e nachtkoes foar wekker meitsje! Dat wol net sizze dat myn stimming altiten gelyk is. Oer de dei sjoen kin dat like goed fariearje as by minsken. Mar dat wol dyselde minsken faaks net oan. Nim no bygelyks it iten. Jou in Labrador wat yn syn h\u00fbnebak en hy fret it daliks op. At it no te fretten is as net. Ikke net. Ik yt allinne at ik d\u2019r ferlet fan haw. Sa net, dan lit ik it grif stean. Myn baaskes moasten d\u00ear bot oan wenne. Sy wiene daliks \u00fbnger\u00east at ik myn itensbak in heale dei net oanrekke. Hiel oars is dat as ik bliid bin. Dan moat ik earne wat yn \u2018e bek hawwe. Sa haw ik in trijetal kr\u00fbpbisten, \u2018knuffels\u2019 neame myn bazen dat. Myn favoryt is Gnoarreke, in barchje mei in \u00fbnbidich lange krolsturt. At d\u2019r oanrin komt, begroetsje ik dyjinge steef\u00east mei Gnoarreke yn myn waffeltsje. Eltsenien fernuvert him deroer dat it bistke, en mei nammen syn sturt, hiel bliuwt. Fansels! Ik haw in s\u00eafte bek. In jachth\u00fbn mei it wyld ommers ek net ferropje! Dochs hawwe se my te pakken h\u00e2n. Ik liet mei it apportearjen de dummy\u2019s te gau los. Smiet se Frou foar de fuotten. Dat mocht net fan \u00c2ldbaas Pyt. Om my dat \u00f4f te learen wie it better dat Gnoarreke \u2018op fek\u00e2nsje gie\u2019. Dat waard alhiel yn s\u00eane set mei kofferke en al, saneamd nei \u2018Skylge\u2019 ta. No, dat hawwe se witten! Ik krige d\u00ear net in min sin fan, mar waard suver swiermoedich. Ik tink dat ik my krektlyk fielde as Frou doe\u2019t ik net mear mei har mei mocht nei it spr\u00eakoere ta. Noch gjin twa wike letter wie Gnoarreke wosken en al wer werom. En se wolle it wol litte om him wer \u00f4f te pakken. Koartlyn binne we sels wer nei Skylge west en dan triuw ik Gnoarreke as earste yn myn reistas. En no\u2019t wy it d\u2019r dochs oer hawwe, ik mei stomme graach mei op fek\u00e2nsje gean. Wy troffen ek noch ris prachtich waar en sadwaande wiene wy de hiele dei op \u2018e sweef it eil\u00e2n oer. <\/p>\n\n\n