{"id":2361,"date":"2019-12-15T22:06:00","date_gmt":"2019-12-15T20:06:00","guid":{"rendered":"https:\/\/www.bistedokter.nl\/?p=2270"},"modified":"2023-01-05T19:56:15","modified_gmt":"2023-01-05T17:56:15","slug":"wrafke-it-paad-bjuster","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/wrafke-it-paad-bjuster\/","title":{"rendered":"It paad bjuster\u2026"},"content":{"rendered":"\n
Ynienen stie hy foar \u00fas. De man dy\u2019t wy wolris faker th\u00fasbrocht hawwe, om\u2019t hy syn eigen h\u00fbs net wer fine koe. Mar dat wie by ljochtskyndei; no wie\u2019t sa tsjuster as de nacht w\u00eaze kin. Frou skrok d\u2019r suver fan, ikke net fansels. Ik hie him allang yn\u2019e noas. Wy r\u00fbnen de slach om it plak wer\u2019t deade minsken \u00fbnder de gr\u00fbn lizze, want d\u00ear mei ik altiten efkes los omstr\u00fane. De b\u00easte man moat op it bankje sitten hawwe te j\u00fbnpizeljen of sa. Hy hie hielendal net yn\u2019t sin om Frou skrikke te litten. \u201cWat in moaie ferjlochting hat jo h\u00fbntsje om\u2019e hals, nei alle gedachten is dat ek wol wat foar my!\u201d, lake hy. Mei-inoar kuieren wy op nei\u2019t stek, d\u00ear moast ik wer f\u00east oan de line. L\u00e2ns it nijmoadrige caf\u00e9 wer\u2019t ik earder fan tocht dat de man d\u00ear wenne. Hy komt d\u2019r wol faak, sei er. Se skine gjin huppeltsjewetter te skinken, it moat dus in soarte fan Blauwe Tinte w\u00eaze foar minsken dy\u2019t it paad nei h\u00fbs bjuster binne. Ik kin my soks net begripe. At se my de earflappen foar de eagen f\u00eastbine, kin ik it paad nei h\u00fbs blyn noch wol fine. Myn noas bringt my altyd wer\u2019t ik w\u00eaze wol. Dat skynt lykwols by minsken net sa te wurkjen. De man beg\u00fbn Frou \u00fat te lizzen w\u00ear\u2019t hy wol en net l\u00e2ns rinne mocht, en dat hy foaral net l\u00e2ns in feart rinne moat. Dat kin ommers nuodlik w\u00eaze. \u00dbnderweis woe hy \u00fas fan alles sjen litte en oanwize. Sadwaande r\u00fbnen wy slingerjend it doarp troch. Ik fyn dat nijsgjirrich, sa komme jo nochris earne. Mar doe f\u00fbn Frou it moai west en brochten wy de b\u00easte man nei syn eigen h\u00fbs ta. <\/p>\n\n\n