{"id":2492,"date":"2020-10-03T15:06:25","date_gmt":"2020-10-03T13:06:25","guid":{"rendered":"https:\/\/bistedokter.nl\/?p=2492"},"modified":"2023-01-05T20:19:43","modified_gmt":"2023-01-05T18:19:43","slug":"middelpunt","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/","title":{"rendered":"Middelpunt"},"content":{"rendered":"\n

S\u00fbnt myn stopjen yn septimber liket it oft ik yn it \u2018Middelpunt\u2019 fan de belangstelling stean. Fan \u2018e moarn bygelyks foel dat bl\u00ead mei deselde namme yn \u2018e bus. Eltse moanne stean der kolumns fan mysels yn, mar dizze wike ek in fraachpetear fan Broer Roorda, melkfeeh\u00e2lder \u00fat Grou, mei de bistedokter. Broer hie my frege syn ferhaal tefoaren efkes nei te sjen. Der stiene in pear misbegripen en in inkeld taalflaterke yn. Mar fan \u2018e wike krige ik in sms\u2019ke werom, dat der dochs wat misgien wie: de ferbettere ferzje hie de redaksje net berikt. It wie Broer opbrutsen dat er digibeet is… \u2018Do kinst de juste ferzje wol op de bistedoktersite sette.\u2019 \u2018Komt klear, Broer!\u2019 It falt ek net ta, reporter te w\u00eazen en in grut bedriuw geande te h\u00e2lden…<\/strong><\/p>\n\n\n

\n
\"\"<\/figure><\/div>\n\n\n

Menno Wiersma, 33 jier feedokter; \u201cIk mis wolris de ferw\u00fbndering\u201d<\/strong><\/h2>\n\n\n\n

\u201cJa, in pluske hear.\u201d Mei feardige h\u00e2n taast feedokter Menno Wiersma (59) yn de ko. Noch even de sken deryn, hy nimt d\u00ear de tiid foar. Dan wurdt ornaris ek it tal dagen neamd, dat yn de regel befestige wurde kin troch de byhearende ynseminaasjedatum. Wykt it al \u00f4f, dan folget noch de meidieling fan in boltsje of kokealtsje.<\/p>\n\n\n\n

Dit fertroude taferiel op mannich boerehiem sil net mear troch boppeneamde feedokter beoefene wurde. Menno h\u00e2ldt der mei op. Krupsjes oan de eigen lea bringe him derta, mar wol mei de nedige pine yn it hert. \u201dJa, ik hie noch graach in tal jierren trochgean wollen, en dan ek net yn dizze koroanaomstandichheden oph\u00e2lde moatte. It fielt as in anty-klimaks, in moai slot sit der sa net yn\u201d, sa stelt hy yn it byw\u00eazen fan syn frou Lia f\u00east.<\/p>\n\n\n\n

Mar it besl\u00fat is hjir en d\u00ear wol hurd oankommen. Want Menno wie soms mear as in feedokter. Om it ferhaal fan de saneamde \u2018bedriuwsbegelieding\u2019 \u00f4f te meitsjen, as de boer noch dwaande wie om kij los te litten en in haal te dwaan, siet Menno al yn ‘e h\u00fbs om mei de boerin saken troch te nimmen, saken wer\u2019t de boer soms ek better net by w\u00eaze koe…<\/p>\n\n\n\n

In echte \u2018all-rounder\u2019 sa as der him sels wol neamt. Th\u00fas mei kij, skiep en lytsfee; mar ek mei boer \u00e9n boerinne. Pake Minne wie boer oan de Ayttawei yn Reduzum. Heit Jan waard feedokter. Dat die hy 35 jier lang yn maatskip mei syn sweager, in omke fan Menno. Dat wie yn in tiid dat de feedokter noch, mei oare foaroansteande lju yn it doarp op in fuotstik stienen. No neame we inoar by de foarnamme, doe wie dat \u00fbn-be-steanber. \u201dIk haw leaver dat ik Menno neamd wurd dan Wiersma.\u201c<\/p>\n\n\n\n

Dochs is it aard fan \u00fas haadpersoan gjin feestfierder, earder serieus en fersichtich. Menno: \u201cJa, foarhinne sels bleu. Ik bin \u2018beskermjend\u2019 grut brocht. Sa maklik gie it th\u00fas ek net allegear. Der kaam noch in drama oerhinne, ik wie sels oardel jier, myn suske trije. Mei de Reduzumer merke soene we nei omke en muoike op Trije Romers, by it oerstekken waard sy skept troch in auto.\u201d Letter kaam der dochs noch in broerke.<\/p>\n\n\n\n

Heit en mem binne al wer jierren wei, broer Tom is rjochter yn Grins. Der is no gjin famylje mear yn de praktyk Reduzum-Grou. De trije jonges fan Menno en Lia geane in oare kant \u00fat, technyk en hoareka.<\/p>\n\n\n\n

En al wie it h\u00e2lden fan bisten him net frjemd (kninen, hinnen en dowen), Menno h\u00e2ld earst ek de boat wat \u00f4f. Nei it RSG yn Ljouwert (atheneum) koe hy alle kanten op.  Menno: \u201cD\u00ear moast ik wol wat foar dwaan. Der wiene drege fakken by.\u201d<\/p>\n\n\n\n

Mar hy slagge wol en sa waard dochs de feedoktersoplieding besocht. Mar dat gie ek net samar. Wylts der no in tekoart oan feedokters is, wie it doe oarsom. De talitting gie by ynlotting en mei syn gewoane einsifers wie dy k\u00e2ns lyts. Om\u2019t Menno earst \u00fatlotte waard drige de tsjinstplicht. En d\u00ear hie \u2018\u00fas maat\u2019 gjin nocht oan. Menno: \u2018Dat is neat foar my, mei in gewear omsjouwe. Ik r\u00fbn suver mei de siel \u00fbnder de earm.\u00b4 Twa dagen ear\u2019t de kolleezjes beg\u00fbnen krige hy te hearren dat er dochs noch neipleatst waard. In dei letter wie er al yn Utert, earst yn de kost by in nicht. De st\u00fadzje wie net tige dreech, wol yntinsyf. Menno; \u201cIt is echt stampe, stampe, stampe.\u201d<\/p>\n\n\n\n

Lokkigern\u00f4ch wie der ek tiid om ris om jin hinne te sjen, Menno wie al ferhuze nei de studinteflet en d\u00ear wie ek d\u00fbmny\u2019s dochter Lia Bos, in biologystudinte. En dat kaam nei de st\u00fadzje goed fan pas; troch in hastich houlik koe hy mei in berop op it kostwinnersskip opnij de wapens by him weih\u00e2lde.<\/p>\n\n\n\n

Menno; \u201cEn dan bin je 26 jier, grutte wurkleazens by feedokters, mar omke wie hast 70 jier; ik koe fuort begjinne.\u201d Dat wie earst yn leantsjinst mar letter al gau yn de maatskip. In \u2018gedrocht\u2019 kin men dat neame, mar in feedokterspraktyk is \u00e9k gewoan in bedriuw, sa leit Menno \u00fat. Unyk neamt hy it tiidrak oant 2015 ta dat hja mei fjouwer feedokters yn maatskip de praktyk dienen, werby ek alle fjouwer froulju meiwurken. No hat men dit model loslitte moatten, \u00fbndertusken binne der 8 bistedokters en tal fan assistentes…<\/p>\n\n\n\n

Men kin der fan opsjen mar it is de tiid, it is de opkomst fan it \u2018lytsfee\u2019 en it wurkjen yn dieltiid. De ferhuzing nei Grou past ek yn dit ferhaal. Mar mei minder tiid en romtebeslach jout it grutfee altyd noch rom 60 % fan de omset.<\/p>\n\n\n\n

Trijentritich jier feedokter, dan makket men ek wat mei. En Menno mei der graach oer fertelle en skriuwe; PR leit him wol, al hoechde dat om de oaren net altyd. J\u00fbn seit er ek by elk ferhaal dat ik it mar net opkriuwe moat…<\/p>\n\n\n\n

Sa wie syn earste keizersneed, by in skiep, net in s\u00fakses: it skiep gie dea. Menno: \u201cDer is noait in ferkeard wurd oer fallen. Ik ha my ek altyd oeral wolkom field. Mar it bliuwt wol minskewurk. En soms tink ik wolris, it hie oars moatten. Sa hat eltse (fee)dokter syn eigen tsjerkh\u00f4f. Der ha je de st\u00fadzje net foar dien, mar it heart der wol by. Wat ik wol ris mis is de \u2018ferw\u00fbndering\u2019 oer dat it meastal wol goed giet, en oer hoe\u2019t de natoer yninoar stekt.\u201d No is it by feedokters ek sa fan \u2018u vraagt, wij draaien\u2019 en stean je der fersteld fan wat minsken soms besteegje wolle oan in h\u00fbn of kat, sa fertelt Menno. Dochs hat hy altyd in soad aardichheid h\u00e2n oan dit ferskaat oan bisten \u00e9n minsken. Heroysk binne syn ferhalen oer de begjintiid dat der mei de skou of winterdei op redens it wetter oer gie foar keallerij, yn eltse h\u00e2n in tas. Derby wie it maklik dat hy grut en sterk wie want ien kear by de boer wol men him sa lang mooglik sels r\u00eade. Menno: \u201cin slach yn\u2019t l\u00each, dat koe ik faak wol opr\u00eade.\u201d In sterk ferhaal is ek dat in kollega him r\u00f4p by in boer mei fiif deade kij, in sechsde stie op omfallen. Ek Menno stie foar in riedsel, oan\u2019t dat er it bist by it ear fielde en stream fernaam. Koartsl\u00fating hie in ramp feroarsake. Op sokke mominten komt syn omgong mei minsken, foar guon boeren in beaken, by need fan pas. <\/p>\n\n\n\n

Hoe it allegear komt wit Menno ek net. De skaalfergrutting hat goede dingen brocht, grutte st\u00e2llen, bettere fentilaasje, s\u00fbner fee. \u201cWe wurkje no mear preventyf. Dogge mear bedriuwsbegelieding. Mei soms ien-twa besites op in moarnskoft h\u00e2ld it op. Us heit die wol ris fiventweintich! Foar eltse spuit moast er komme.\u201d<\/p>\n\n\n\n

Dat de praktyk gjin yntinsive feeh\u00e2lderij hat spyt him net. Dat massawurk leit him minder. By kij ha we ek wolris tefolle oan \u2018bulk\u2019 dien, sa seit hy, tink oan de droechsetters. En nije kwalen tsjinje har oan. Eartiids stiene de kealtjes op de b\u00fbth\u00fasflier, s\u00fbn en wol, no dogge we alles wat kin en ha we krypto…<\/p>\n\n\n\n

\u201cMar der stean dingen oan te kommen dat it wer oars moat. It is net maklik\u201c, sa besl\u00fat hy. \u201cEn ik bin mear fan de sike ko as fan it gehiel fan bedriuwsfiering. Der sit ek wer myn niget foar lytsfee oan f\u00east.\u201d<\/p>\n\n\n\n

Omdat fan \u00fatstel soms \u00f4fstel komt en we net witte wannear we troch de koroana wer wat meie wol ik graach no, en ik tink nammens alle boeren \u00e9n boerinnen Menno hertlik tank sizze foar alle noed en soarch oan \u00fas en \u00fas fee bestege. We winskje dy mei Lia en de jonges alle goeds ta.<\/p>\n\n\n\n

Broer Roorda, Grou<\/em><\/p>\n\n\n\n

Oktober 2020<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"

S\u00fbnt myn stopjen yn septimber liket it oft ik yn it \u2018Middelpunt\u2019 fan de belangstelling stean. Fan \u2018e moarn bygelyks foel dat bl\u00ead mei deselde namme yn \u2018e bus. Eltse moanne stean der kolumns fan mysels yn, mar dizze wike ek in fraachpetear fan Broer Roorda, melkfeeh\u00e2lder \u00fat Grou, mei de bistedokter. Broer hie my frege syn ferhaal tefoaren efkes … Lees verder \u00bb<\/a><\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_mi_skip_tracking":false,"_exactmetrics_sitenote_active":false,"_exactmetrics_sitenote_note":"","_exactmetrics_sitenote_category":0,"footnotes":""},"categories":[10],"tags":[],"yoast_head":"\nMiddelpunt — Bistedokter<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Middelpunt — Bistedokter\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"S\u00fbnt myn stopjen yn septimber liket it oft ik yn it \u2018Middelpunt\u2019 fan de belangstelling stean. Fan \u2018e moarn bygelyks foel dat bl\u00ead mei deselde namme yn \u2018e bus. Eltse moanne stean der kolumns fan mysels yn, mar dizze wike ek in fraachpetear fan Broer Roorda, melkfeeh\u00e2lder \u00fat Grou, mei de bistedokter. Broer hie my frege syn ferhaal tefoaren efkes ... Lees verder \u00bb\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Bistedokter\" \/>\n<meta property=\"article:published_time\" content=\"2020-10-03T13:06:25+00:00\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2023-01-05T18:19:43+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Middelpunt-002A-1024x683.jpg\" \/>\n<meta name=\"author\" content=\"Menno Wiersma\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Geschreven door\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"Menno Wiersma\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:label2\" content=\"Geschatte leestijd\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data2\" content=\"7 minuten\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\/\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"Article\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/#article\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/\"},\"author\":{\"name\":\"Menno Wiersma\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6\"},\"headline\":\"Middelpunt\",\"datePublished\":\"2020-10-03T13:06:25+00:00\",\"dateModified\":\"2023-01-05T18:19:43+00:00\",\"mainEntityOfPage\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/\"},\"wordCount\":1489,\"publisher\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\"},\"articleSection\":[\"FRYSKE COLUMNS\"],\"inLanguage\":\"nl-NL\"},{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/\",\"name\":\"Middelpunt — Bistedokter\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#website\"},\"datePublished\":\"2020-10-03T13:06:25+00:00\",\"dateModified\":\"2023-01-05T18:19:43+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-NL\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/\"]}]},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Middelpunt\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#website\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\",\"name\":\"Bistedokter\",\"description\":\"\",\"publisher\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\"},\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":\"required name=search_term_string\"}],\"inLanguage\":\"nl-NL\"},{\"@type\":\"Organization\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\",\"name\":\"Bistedokter\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\",\"logo\":{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-NL\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png\",\"contentUrl\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png\",\"width\":576,\"height\":109,\"caption\":\"Bistedokter\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/\"}},{\"@type\":\"Person\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6\",\"name\":\"Menno Wiersma\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/author\/menno-wiersma\/\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Middelpunt — Bistedokter","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Middelpunt — Bistedokter","og_description":"S\u00fbnt myn stopjen yn septimber liket it oft ik yn it \u2018Middelpunt\u2019 fan de belangstelling stean. Fan \u2018e moarn bygelyks foel dat bl\u00ead mei deselde namme yn \u2018e bus. Eltse moanne stean der kolumns fan mysels yn, mar dizze wike ek in fraachpetear fan Broer Roorda, melkfeeh\u00e2lder \u00fat Grou, mei de bistedokter. Broer hie my frege syn ferhaal tefoaren efkes ... Lees verder \u00bb","og_url":"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/","og_site_name":"Bistedokter","article_published_time":"2020-10-03T13:06:25+00:00","article_modified_time":"2023-01-05T18:19:43+00:00","og_image":[{"url":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Middelpunt-002A-1024x683.jpg"}],"author":"Menno Wiersma","twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Geschreven door":"Menno Wiersma","Geschatte leestijd":"7 minuten"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"Article","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/#article","isPartOf":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/"},"author":{"name":"Menno Wiersma","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6"},"headline":"Middelpunt","datePublished":"2020-10-03T13:06:25+00:00","dateModified":"2023-01-05T18:19:43+00:00","mainEntityOfPage":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/"},"wordCount":1489,"publisher":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization"},"articleSection":["FRYSKE COLUMNS"],"inLanguage":"nl-NL"},{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/","name":"Middelpunt — Bistedokter","isPartOf":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#website"},"datePublished":"2020-10-03T13:06:25+00:00","dateModified":"2023-01-05T18:19:43+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-NL","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/"]}]},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/middelpunt\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/bistedokter.nl\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Middelpunt"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#website","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/","name":"Bistedokter","description":"","publisher":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization"},"potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/bistedokter.nl\/?s={search_term_string}"},"query-input":"required name=search_term_string"}],"inLanguage":"nl-NL"},{"@type":"Organization","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization","name":"Bistedokter","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/","logo":{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-NL","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png","contentUrl":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png","width":576,"height":109,"caption":"Bistedokter"},"image":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/"}},{"@type":"Person","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6","name":"Menno Wiersma","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/author\/menno-wiersma\/"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/2492"}],"collection":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=2492"}],"version-history":[{"count":5,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/2492\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":3270,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/2492\/revisions\/3270"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=2492"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=2492"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=2492"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}