{"id":2592,"date":"2021-03-22T13:38:26","date_gmt":"2021-03-22T11:38:26","guid":{"rendered":"https:\/\/bistedokter.nl\/?p=2592"},"modified":"2023-01-14T20:16:44","modified_gmt":"2023-01-14T18:16:44","slug":"it-jachtynstinkt-fan-afke","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/it-jachtynstinkt-fan-afke\/","title":{"rendered":"It jachtynstinkt fan Afke"},"content":{"rendered":"\n
Ja hear, d\u00ear bin ik nochris: Afke fan \u2018t Fryske Wetterl\u00e2n! Jim kenne my grif noch fan dy frutselfratsen earder yn de Ljouwerter krante. Doe moast ik fan de redakteur noch yn\u2019t Holl\u00e2nsk op \u2018e tekst. Hjoed blaf ik wer gewoan yn\u2019t Frysk, folle moaier!<\/p>\n\n\n\n
Ik gean eltse moarn op \u2018e kuier mei Baas en Frou. Meastentiids nei de Swette ta; at sy wat minder tiid hawwe fytse en rinne we nei de Ienswei by\u2019t spoar del. L\u00eastendeis krige\u2019k wer ris op myn faalje. Dat sit sa. Ik bin in labrador fan it fjildtype. De jacht sit my yn myn genen, myn bloed en yn\u2019e djipste fezels oan\u2019t yn\u2019t puntsje fan myn kwike kwispel. Ynstinkt neame se dat. Ik apportear as de allerb\u00easte. Oft dat no dummy\u2019s binne as wyld, dat makket my neat \u00fat. Mar\u2026at ik in hazze yn\u2019e noasters krij, dan wol ik dy pakke! Dat haw ik wol mear as ien kear besocht; it is my lykwols noch nea slagge. Mar dat jakkerjen troch it fjild fyn ik sa m\u00e1chtich moai! Ik doch soks inkeld en allinne foar de sport omt ik wit dat se hurder kinne as Afke. Mar Frou wol \u2018t net lije\u2026 At ik wer ris oanstriid haw om efter sa\u2019n hurddraver oan de greide yn te str\u00fbzen, krij \u2019k op myn soademiter fan har. Dan grypt se my yn\u2019t nekfel, sjocht se my f\u00fbleindich oan en ropt se l\u00fbd \u2018Foei!\u2019. Frou rekket dan suver in bytsje yn de stres. Okkerdeis dus ek wer. \u2018Moat it no sa m\u00e2l\u2019, hear ik Baas protteljen. \u2018Hie se mar gjin h\u00fbn wurde moatten\u2019, andert Frou him suver lulk. Dan tsiere se noch wat en is de sfear in skoftsje om te snijen. Kin\u2019k net oer… Mar earlik is earlik, as ik der wer ien rinnen sjoch, stean ik by myn wrafke as de hazze by de tromme.<\/p>\n\n\n