{"id":2632,"date":"2021-05-31T22:51:00","date_gmt":"2021-05-31T20:51:00","guid":{"rendered":"https:\/\/bistedokter.nl\/?p=2632"},"modified":"2023-01-14T20:21:14","modified_gmt":"2023-01-14T18:21:14","slug":"afkes-tsiental","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/afkes-tsiental\/","title":{"rendered":"Afke’s Tsiental"},"content":{"rendered":"\n
At baas moarns fan \u2018t b\u00ead \u00f4f komt, lit hy my alderearst troch de efterdoar yn \u2019e t\u00fan. Ik mei dan nei it pisjen stomme graach efkes oer it fjild dikerje. Meastentiids bart der net safolle bys\u00fbnders, mar op Himelfeartsdei hat de einewr\u00e2ld my ferbjustere. <\/p>\n\n\n\n
Midden yn \u2019e fiver hat baas fan \u2018t maitiid in nagelnije einekoer pleatst, rjocht tsjinoer it stalt. Ik hie wol fernommen dat d\u00ear al in pear wiken in ein yn h\u00fasmanne. Krekt dy moarns kaam sy mei har neiteam foar \u2018t ljocht. D\u2019r wie al ien pyk yn \u2018t wetter en it memke mar kweakje om de folgende nei \u00fbnderen te tr\u00fanjen. Ik seach de pykjes wifeljen oft se dy lytse himelfeart oandoarden. Hoe tapaslik op dizze dei! Dochs lang om let plompte de iene nei de oare it wetter yn: ….acht, njoggen en sels n\u00fbmer tsien r\u00fbgele d\u2019r doe samar hommels yn d\u00fbkflecht efteroan. It hiele spul beg\u00fbn daliks nei michjes te happen yn \u2018t reid. No, wat in aardichheid!<\/p>\n\n\n