{"id":2721,"date":"2021-11-24T20:50:33","date_gmt":"2021-11-24T18:50:33","guid":{"rendered":"https:\/\/bistedokter.nl\/?p=2721"},"modified":"2023-01-23T17:41:48","modified_gmt":"2023-01-23T15:41:48","slug":"yn-e-prizen","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/yn-e-prizen\/","title":{"rendered":"‘Yn \u2018e prizen’"},"content":{"rendered":"\n
Frou reizget wat \u00f4f mei my! Koartlyn wiene wy wer withoefier op \u2018e flutter. Op syn minsten twa oeren riden. Moat ik al om healwei fiven yn stikneare nacht \u00fat myn waarme n\u00east wei komme om mei Baas de dyk \u00fat te pisjen en te poepen. Dan gau ite en hupsakee efteryn de wein. Wat wol noflik wie, in oare h\u00fbnemaat wie ek mei. Koe \u2019k \u00fbnderweis lekker deun knuffeltsje-buffeltsje mei yn de kofferbak lizze. Mei \u2019k stomme graach oer, al wraf ik dat sels. It wie noch hieltyd skimertsjuster doe\u2019t wy earne op in fjildsje yn \u2019t bosk \u00fat \u2018e auto sprongen. D\u00ear wiene withoefolle soartgenoaten. Mei in grut ferskaat: swarte, br\u00fane, giele en sels krolhier Labkes. Wat in aksje! Ik haw my ferskuorrend fernuvere en in hiele bult nije kunde byinoar begn\u00fafke. Mar wat ek in b\u00fbnt selskip oan baaskes! Wat heite? En dy dogge neat oars as meielkoar babbelje en rabbelje…<\/p>\n\n\n