{"id":2824,"date":"2022-01-04T16:04:00","date_gmt":"2022-01-04T14:04:00","guid":{"rendered":"https:\/\/bistedokter.nl\/?p=2824"},"modified":"2023-01-23T17:49:27","modified_gmt":"2023-01-23T15:49:27","slug":"de-hantekening-fan-kroes","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/","title":{"rendered":"De hantekening fan Kroes"},"content":{"rendered":"\n

Ik haw it as bistedokter noch meimakke dat in boer op skreiershoeke by winterwaar inkeld op redens te berikken wie. Dan gong ik fan\u00f4f Heechhiem op noaren nei de Roekeboer foar keallerij mei yn \u2018e iene h\u00e2n de ferlostas en yn d\u2019oare de operaasjekoffer. Kleare romantyk! Machtich f\u00fbn ik dat. Spitigern\u00f4ch bin ik in hakkenkruk op redens; absolut gjin talint en sloppe ankels. Ik gean net oer ien nacht iis, mar at der lykwols in toertocht riden wurde koe, wie \u2018k fan de partij. F\u00fbn it manjefyk om mei kr\u00f4kjend waar de Prinseh\u00f4ftocht te streekjen troch de \u00c2lde Feanen. Nei sa\u2019n 40 km riden en kl\u00fanjen skearden de binnenkanten fan myn ankelknobbels lykwols oer it iis en wie de \u2018koek\u2019 wol op en in \u2018zopie\u2019 mear as wolkom. De Alvest\u00eadetocht wie sadwaande net foar my ornearre\u2026<\/p>\n\n\n\n

Myn jongere broer Tom is fansels \u00fat itselde hout snien. Hij skafte noaren oan mei fan dy stive, hege skuon. Ik f\u00fbn dat dy jo tefolle yn jins bewegingsfrijheid beheinden sadat it like oft  jo \u2018mei de broek fol\u2019 rieden. Dy liet ik dus sl\u00fbpe\u2026<\/p>\n\n\n\n

Yn it winterke fan \u201896 trof ik op \u2018e \u00dblesprong op it iis by tafal Hotse, in boer by \u00fas \u00fat de krite. Hotse is krekt sa\u2019n leafhawwer as ik, mar behept mei itselde mankemint. Hy hie him b\u00fbgels oanmjitte litten troch in \u00fatfiner \u00fat Ie. Dy moasten op de noaren monteard wurde om jo ankels te stypjen, s\u00fbnder dat jo bewegings nei foaren en efteren begrinzge wurde. Hotse swearde derby! Ik dus op nei Ie. Fan\u00f4f de alderearste kear dat ik mei b\u00fbgels ried koe \u2018k myn lok net op. No koe \u2018k pas tochten reedride! Oerdwylsk waard ik daliks lid fan de Alvest\u00eadeferiening.<\/p>\n\n\n\n

De winter d\u00earop batste de froast der noch f\u00fbler yn. Doe\u2019t foarsitter Henk Kroes op 2 jannewaris \u2018It giet oan!\u2019 ferkundige, foel ik haljetrewalje yn \u2018e prizen. Ik wie nammentlik dat earstfolgjende jier fuortendaliks ynlotte! Sa oerkaam my wakker deselde mazzel as doedestiids mei de lotterij foar myn bistedokterst\u00fadzje! Myn lidmaatskip op it l\u00easte stuit resultearre fansels wol yn in lette starttiid fan pas tsien oere op dy ferneamde 4 \u0364 jannewaris. It soe ek in hiele k\u00e2lde klobbe wurde\u2026<\/p>\n\n\n\n

Manmoedich gong ik foarearst foar de wyn fan start. By Reduzum waard ik op de Swette troch doarpsgenoaten l\u00fbd oanmoedige. Op de Luts helle ik myn broer yn dy\u2019t goed trije kertier earder fan start gongen wie. Wie \u2018k de earste yn \u00fas praktyk dy\u2019t in mobyltsje oanskaft hie; dat kaam my no moai te pas. Yn Starum hie \u2018k foar \u2018t  earst en fuort ek foar \u2018t l\u00east efkes kontakt mei it th\u00fasfront, d\u00earnei st\u00fbke de Nokiabatterij nei alle gedachten fan \u2018e kjeld.<\/p>\n\n\n\n

No waard it mienens st\u00f4k yn \u2018e wrede noardeastewyn. Yn hyltyd wikseljende ploechjes bel\u00e2ne ik yn Boalsert. Healwei! Ik gunde mysels d\u00ear in lang skoft en de kochte snert en meinommen brogge smakken goed. Poeh, ik koe d\u00earnei mar dreech de slach wer te pakken krije. Safolle oefenkilometers hie myn drokke praktyk my net gund te meitsjen. Ik moast weromfalle op myn basiskondysje fan jierren as skoaljonge troch waar en wyn fytst te hawwen.  Om en naby Arum rekke ik in skoftke yn \u2018e streek mei in aardige maat. Hy skoudere my lykwols doe\u2019t ik trochskimerje liet dat ik perfoast geniete en alles wat no noch op myn iispaad kaam as tajefte besk\u00f4ge. Hy gong inkeld en allinne foar de einstreek op \u2018e Bonke\u2026<\/p>\n\n\n\n

Fan\u00f4f Harns wie it foaral wer rjocht yn \u2018e wyn op. It beg\u00fbn te skimerjen en foar myn gefoel duorre it in ivichheid ear\u2019t ik Frentsjer yn \u2018t fizier krige. Mar dat wie in bagatel yn fergelyk mei wat my yn tsjuster noch oer de blikfeart naar \u00c2lde Leie te wachtsjen stie! Derfan oerts\u00fbge dat ik yn Bartlehiem fan \u2018t iis reage wurde soe, besaude ik my deroer dat ik gewoan nei Dokkum dirigeard waard! Op de Dokkumer Ie ried ik it hiele ein op kop, myn folgers lieten it \u00f4fwitte om oer te nimmen…<\/p>\n\n\n\n

It th\u00fasfront siet \u00fbnderwilens yn t\u00fbzen noeden en belle \u00fbnger\u00east mei de organisaasje oft der ek riders onderweis yn \u2018t reid oantroffen wiene. Lokkich waard ik troch myn oare helte op de tillevyzje sinjalearre yn it skynsel fan de st\u00eadsljochten. It die bliken dat ik fiif minuten foar\u2019t de post yn Dokkum sluet \u00f4fstimpele. No pas beg\u00fbn ik sels te leauwen dat ik de Bonke helje soe! It l\u00easte hoart wie ommers foar de wyn.<\/p>\n\n\n\n

As in nochteren keal bin \u2019k yn ienlikens oer de Ie werom gisele. In pear kear gong ik \u00fbnhuerich op \u2018e h\u00fbd troch skuorren yn it troch t\u00fbzenen tramtearre iis en \u00fbnderwilens gunde ik mysels net iens tiid foar foeraazje. Yn in flok en in sucht wie \u2018k wer tebek yn Bartlehiem. Doe rekke myn illuzje yn skossen op de \u00c2ldtsjerkster Feart. Troch op \u2018e nij dy skrale wyn en hongerlapje gong by my it ljochtsje \u00fat. Yn \u00c2ldtsjerk waard my ferkundige dat ik it l\u00easte stik wol kalm \u00fatride koe, omt ik de einstreek dochs net mear foar tolven helje soe.<\/p>\n\n\n\n

Oer de Moark seach ik yn \u2018e fierte de felle lampen op de Bonkefeart. Efternei besjoen siet ik yn it ploechje dat foar it each fan de kamera\u2019s delsetten waard as de \u2018teloarstelden\u2019 dy\u2019t it krekt net helje soene. Sels fielde ik dat net sa. Gjin kr\u00faske fansels. Mar ik wie sa goochem om kertier oer tolven efkes it einpetear dat de NOS mei Henk Kroes op \u2018e Bonke hold \u00f4f te wachtsjen. Fuortendaliks d\u00earnei skeat ik de foarsitter oan mei de fraach oft hy yn \u2018t l\u00easte stimpelfakje syn hantekening sette woe. Fansels wie hy my te wille. Sadwaande helle ik precys fiifentweintich jier lyn nota bene de sjournaalbylden. En ik bin oprjocht grutsk dat ik de fiiftjinde Alvest\u00eadetocht folbrocht haw! In barren om te kuozjen omt krupsjes my op dit stuit beheine soks ea nochris te dwaan.<\/p>\n\n\n\n

Jannewaris 2022<\/p>\n\n\n

\n
\"\"<\/figure><\/div>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"

Ik haw it as bistedokter noch meimakke dat in boer op skreiershoeke by winterwaar inkeld op redens te berikken wie. Dan gong ik fan\u00f4f Heechhiem op noaren nei de Roekeboer foar keallerij mei yn \u2018e iene h\u00e2n de ferlostas en yn d\u2019oare de operaasjekoffer. Kleare romantyk! Machtich f\u00fbn ik dat. Spitigern\u00f4ch bin ik in hakkenkruk op redens; absolut gjin talint … Lees verder \u00bb<\/a><\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_mi_skip_tracking":false,"_exactmetrics_sitenote_active":false,"_exactmetrics_sitenote_note":"","_exactmetrics_sitenote_category":0,"footnotes":""},"categories":[10],"tags":[],"yoast_head":"\nDe hantekening fan Kroes — Bistedokter<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"De hantekening fan Kroes — Bistedokter\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"Ik haw it as bistedokter noch meimakke dat in boer op skreiershoeke by winterwaar inkeld op redens te berikken wie. Dan gong ik fan\u00f4f Heechhiem op noaren nei de Roekeboer foar keallerij mei yn \u2018e iene h\u00e2n de ferlostas en yn d\u2019oare de operaasjekoffer. Kleare romantyk! Machtich f\u00fbn ik dat. Spitigern\u00f4ch bin ik in hakkenkruk op redens; absolut gjin talint ... Lees verder \u00bb\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Bistedokter\" \/>\n<meta property=\"article:published_time\" content=\"2022-01-04T14:04:00+00:00\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2023-01-23T15:49:27+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Stempelkaart-Menno-1997-Elfstedentocht-639x1024.jpg\" \/>\n<meta name=\"author\" content=\"Menno Wiersma\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Geschreven door\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"Menno Wiersma\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:label2\" content=\"Geschatte leestijd\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data2\" content=\"5 minuten\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\/\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"Article\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/#article\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/\"},\"author\":{\"name\":\"Menno Wiersma\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6\"},\"headline\":\"De hantekening fan Kroes\",\"datePublished\":\"2022-01-04T14:04:00+00:00\",\"dateModified\":\"2023-01-23T15:49:27+00:00\",\"mainEntityOfPage\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/\"},\"wordCount\":1046,\"publisher\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\"},\"articleSection\":[\"FRYSKE COLUMNS\"],\"inLanguage\":\"nl-NL\"},{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/\",\"name\":\"De hantekening fan Kroes — Bistedokter\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#website\"},\"datePublished\":\"2022-01-04T14:04:00+00:00\",\"dateModified\":\"2023-01-23T15:49:27+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-NL\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/\"]}]},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"De hantekening fan Kroes\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#website\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\",\"name\":\"Bistedokter\",\"description\":\"\",\"publisher\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\"},\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":\"required name=search_term_string\"}],\"inLanguage\":\"nl-NL\"},{\"@type\":\"Organization\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\",\"name\":\"Bistedokter\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\",\"logo\":{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-NL\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png\",\"contentUrl\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png\",\"width\":576,\"height\":109,\"caption\":\"Bistedokter\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/\"}},{\"@type\":\"Person\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6\",\"name\":\"Menno Wiersma\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/author\/menno-wiersma\/\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"De hantekening fan Kroes — Bistedokter","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"De hantekening fan Kroes — Bistedokter","og_description":"Ik haw it as bistedokter noch meimakke dat in boer op skreiershoeke by winterwaar inkeld op redens te berikken wie. Dan gong ik fan\u00f4f Heechhiem op noaren nei de Roekeboer foar keallerij mei yn \u2018e iene h\u00e2n de ferlostas en yn d\u2019oare de operaasjekoffer. Kleare romantyk! Machtich f\u00fbn ik dat. Spitigern\u00f4ch bin ik in hakkenkruk op redens; absolut gjin talint ... Lees verder \u00bb","og_url":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/","og_site_name":"Bistedokter","article_published_time":"2022-01-04T14:04:00+00:00","article_modified_time":"2023-01-23T15:49:27+00:00","og_image":[{"url":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Stempelkaart-Menno-1997-Elfstedentocht-639x1024.jpg"}],"author":"Menno Wiersma","twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Geschreven door":"Menno Wiersma","Geschatte leestijd":"5 minuten"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"Article","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/#article","isPartOf":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/"},"author":{"name":"Menno Wiersma","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6"},"headline":"De hantekening fan Kroes","datePublished":"2022-01-04T14:04:00+00:00","dateModified":"2023-01-23T15:49:27+00:00","mainEntityOfPage":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/"},"wordCount":1046,"publisher":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization"},"articleSection":["FRYSKE COLUMNS"],"inLanguage":"nl-NL"},{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/","name":"De hantekening fan Kroes — Bistedokter","isPartOf":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#website"},"datePublished":"2022-01-04T14:04:00+00:00","dateModified":"2023-01-23T15:49:27+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-NL","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/"]}]},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-hantekening-fan-kroes\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/bistedokter.nl\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"De hantekening fan Kroes"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#website","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/","name":"Bistedokter","description":"","publisher":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization"},"potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/bistedokter.nl\/?s={search_term_string}"},"query-input":"required name=search_term_string"}],"inLanguage":"nl-NL"},{"@type":"Organization","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization","name":"Bistedokter","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/","logo":{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-NL","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png","contentUrl":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png","width":576,"height":109,"caption":"Bistedokter"},"image":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/"}},{"@type":"Person","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6","name":"Menno Wiersma","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/author\/menno-wiersma\/"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/2824"}],"collection":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=2824"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/2824\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":3337,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/2824\/revisions\/3337"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=2824"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=2824"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=2824"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}