{"id":2858,"date":"2022-03-10T15:41:33","date_gmt":"2022-03-10T13:41:33","guid":{"rendered":"https:\/\/bistedokter.nl\/?p=2858"},"modified":"2023-01-23T18:51:24","modified_gmt":"2023-01-23T16:51:24","slug":"de-nachtmerje-fan-afke","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-nachtmerje-fan-afke\/","title":{"rendered":"De nachtmerje fan Afke"},"content":{"rendered":"\n
\u2018Och mokkeltsje, dreamsto al fan dy hetsige w\u00e2ldrikel?\u2019, en wylst waard ik oer myn lyfke tyske. Ferheard skrok ik wekker en seach ik \u00fat myn koer wei Baas rjocht yn \u2018e eagen. \u2018Of gie it dochs wer oer haskes?\u2019, liet hy derop folgje. No nee, hy moast ris witte hokker nachtmerje ik hie! Hyltyd wer oer dat spul begjinne, blaf my der net fan! Fan \u2018e middei lykwols noch. Baas liet my oer de dyk \u00fat en yn \u2018t l\u00e2n fan de buorman fleagen twa hazzen efter elkoar oan en dat draaide \u00fat op joeien. \u2018No moatst efkes goed sjen, Afke!\u2019, siet Baas my op te stoken. No haw ik altyd niget oan dy hurddravers, mar sok \u00f4fwaaid praat hy ik net fan him ferwachte! Hawar, ik bin al twa wike sa loopsk as in teef, mar d\u00ear rin ik absl\u00fat net mei te keap. Ik floei fansels, mar dat is lykwols hiel behindich. Boppedat behimmelje ik mysels goed mei de beklape sadat se mar amper wat yn \u2018e h\u00fbs fine. Dochs wiene Frou en Baas der wol g\u00e2ns op fiksearre. Sy wolle stomme graach pupkes by my. No haw ik my sels ek wolris \u00fatere oer \u2018pykjes\u2019 te prakkesearjen, mar \u2018k seach noch wol wat apen en bearen op it paad d\u00earhinne. Hoe yn de goedichheid moat soks? No, dy l\u00easte nachtmerje hat my wol goed \u00fat myn \u2018dream\u2019 weihelle…<\/p>\n\n\n