{"id":2870,"date":"2022-04-21T18:21:07","date_gmt":"2022-04-21T16:21:07","guid":{"rendered":"https:\/\/bistedokter.nl\/?p=2870"},"modified":"2023-01-23T18:52:59","modified_gmt":"2023-01-23T16:52:59","slug":"op-e-klepper","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/op-e-klepper\/","title":{"rendered":"\u2018Op \u2018e klepper\u2019"},"content":{"rendered":"\n
Ja hear, it wie wer safier! \u2018t Wie noch neare nacht doe\u2019t Baas my \u00fatliet. Ik wit daliks wat der barre sil as it noch roettsjuster is en ik op nei it spoar krekt b\u00fbten it doarp mei Baas omtoarkje mei. Dan wurd ik gysten en oer\u00e9mis en draaf ik op myn alderhurdst foar syn fyts \u00fat. It kin net misse: wy geane hjoed wer op \u2018e klepper!<\/p>\n\n\n\n
In hoart letter sitte wy mei syn trijen yn \u2018e wein. Baas rydt, Frou fuorret him broadsjes en bakjes kofje en ik haw myn b\u00fakje al smoarfol efteryn. Foar myn gefoel duorret it dan in ivichheid ear\u2019t wy teplak binne, mar \u00fateinliks kamen wy tel\u00e2ne op in fjildsje oan de boskseame. Gl\u00fbpende k\u00e2ld, mar gelokkich kaam de sinne lykwols al foar\u2019t ljocht. En fansels wie d\u00ear ek wer in kloft swarte, giele en sels br\u00fane soartgenoaten. By fjouwer h\u00fbnen meielkoar amper op alle teannen te tellen! Fierwei de measten hie\u2019k noch net earder begn\u00fafkje en begluorkje kinnen. Machtich moai!<\/p>\n\n\n\n
En fuortendaliks beg\u00fbn wer dat \u00fbnhuerich lange wachtsjen; kin ik min oer. Ik wol proefstikken dwaan! Mar lang om let mochten ik en Frou dochs los. Troch myn breinroerichheid seach ik by dy foarste proef de earste dummy net goed yn \u2018e greppel fallen en de twadde yn \u2018t fjild al hielendal net. Moast sadwaande folslein de oanwizings fan Frou opfolgje. No, sy hat wakker fluite en roppen en sa brocht ik dy earste dummy by har yn \u2018e h\u00e2n. Mar dy twadde wie lestiger. Ik haw r\u00fbnom socht, wer werom nei dat plak wer\u2019t ik al west wie, yn it sk\u00fblplak fan de helpers en \u00fateinlik fluite Frou my nei dy greppel. Ferduld! D\u00ear lei dat kring! En doe moast ik skite. W\u00earom? Gjin flau benul. No ja, it kaam op as poepen…\u2018Tja, dat moet ook gebeuren…\u2019, hearde ik de karmaster oan Frou noch sizzen. Hawar, beide apporten dochs binnenbrocht. Mar ik moat earlik blaffe, ik waard ferskuorrend \u00f4flaat troch in allegeduerigen geklepper yn dit hiele gedoch. Yn it fjildsje dernjonken sieten twa eiberts boppe op in heule hege n\u00eastpeal te feiljen. Soks wie mysels ommers koartlyn spitigern\u00f4ch net slagge… Baas stie myn aksje te filmjen en dat wie blykber ek net lokt. Ik hearde letter dat hy klearebare loft feistlein hie mei inkeld dy ynstruksjes fan Frou en dat geklepper as eftergr\u00fbnl\u00fbd. Ik tink dat dy earrebarren him ek fan syn sjapiter brocht hawwe, want ferdeald noch en ta: benammen fan harren gedoente hie hy wol in ferdraaid moai plaatsje!<\/p>\n\n\n