{"id":3520,"date":"2023-08-01T17:24:00","date_gmt":"2023-08-01T15:24:00","guid":{"rendered":"https:\/\/bistedokter.nl\/?p=3520"},"modified":"2023-10-29T17:25:23","modified_gmt":"2023-10-29T15:25:23","slug":"lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/","title":{"rendered":"Lofsankje op it l\u00e2n fan James Herriot"},"content":{"rendered":"\n

Ofr\u00fbne simmer haw ik mei myn sydsulver goed trije wike op fak\u00e2nsje west nei Ierl\u00e2n. Dat stie al tiden op it amerlistke en dy prachtige reis brocht \u00fas nei \u00fatwrydsk wiidweidige l\u00e2nskippen, r\u00fbge kliffen, nijsgjirrige st\u00eaden en folkse kroegen mei noflike minsken. Om nea wer te ferjitten, sa moai. Mar earlik sein moast doe op de weromreis it aldermoaiste noch komme. Eat der\u2019t ik my al hiel lang och sa op ferh\u00fbge hie!<\/strong><\/p>\n\n\n\n

Underweis fan Dublin mei it grutte fear werom nei Wales wie \u2018t al griemerich waar en dat waard allinne mar slimmer op de seisbaans autodyk tusken Liverpool en Manchester troch nei it noarden ta. Sa\u2019t de Ingelsen sizze \u2018reinde it katten en h\u00fbnen\u2019 en wy stuiteren loftsridend troch \u00fbnbidige plassen op \u2018e dyk fan de iene file yn \u2018e oare en skrokken fan alle \u00fbngemakken dy\u2019t wy \u00fbnderweis seagen. Sels kin ik d\u00ear poer min oer om\u2019t soks my in \u00fbnbehaachlik gefoel jout. Wy wiene bliid dat wy efkes foarby Lancaster de M6 s\u00fbnder skansearjen ferlitte koenen en it wrachtich dr\u00fbch beg\u00fbn te wurden. It l\u00e2nskip en ek wysels knapten der suver daliks fan op. Dat mocht ek wol om\u2019t wy yntusken rom seis oeren riden hienen oer in stik dat neffens de navigaasje maklik yn trije kinnen hie. Doe\u2019t wy de heuvels fan it Yorkshire Dales National Park efkes letter ynrieden kaam sa no en dan sels de sinne derby. Dit is presys it l\u00e2nskip dat ik sa goed werken fan de tillefyzjesearje fan de lette jierren santich oer myn Ingelske kollega James Alfred Wight. Fansels is dizze man folle better bekend as skriuwer fan syn \u00fbnderfinings as bistedokter \u00fbnder de ferneamde sk\u00fblnamme fan James Herriot.<\/p>\n\n\n\n

\"\"<\/a><\/figure>\n\n\n\n

Ik wol oeral wol efkes stopje en kykjes meitsje, sa moai is it hjirre! At ik dat doch en \u00fat \u2018e wein stap, hear ik wylpen roppen en sjoch ik ljippen om my hinne wjukkeljen. Opsteapele stiennen muorkes en me\u00e4nderjende beekjes foarmje in soarte fan postsegell\u00e2nskip mei r\u00fbnom skiep en hjir en d\u00ear kij of in hynder yn de greiden en it j\u00fbnsljocht fan de sinne betsjoent dat gehiel folmakke. Ik reitsje folslein \u00fat de skroeven en myn kamera klikt oan ien tried wei oant myn oare helte my ta de oarder ropt: \u2018Sille wy j\u00fbn ek noch earne sliepe?\u2019 Jawis, wy moasten troch nei Askrigg.<\/p>\n\n\n\n

\"\"<\/a><\/figure>\n\n\n\n
\"\"<\/a><\/figure>\n\n\n\n

At wy dat doarp ynride, stiet lyk tsjinoer de tsjerke mei in markante kantige midsiuwske toer in antike bistedokterswein foar Skeldale House, it p\u00e2n der\u2019t myn \u00e2ld-kollega wier syn praktyk holden hat. Hjoeddeis sitte der in oantal apparteminten yn mei romrofte nammen as bygelyks de \u2018Tricky Woo Room\u2019, nei \u2018t bys\u00fbndere rikefroush\u00fbntsje dat gauris yn de ferhalen foarby komt. Goed fyftich meter fierderop stap ik de smoarfolle pub fan it White Rose Hotel binnen. D\u00ear leit sels in h\u00fbn lang\u00fat foar de bar. Ik moat muoite dwaan om yn petear te reitsjen mei de \u00e2ld baas efter de taap en begryp dat er spitigern\u00f4ch gjin keamer mear beskikber hat. Mar goed dat wy reservearre hiene!<\/p>\n\n\n\n

\"\"<\/a><\/figure>\n\n\n\n

De oare moarns stap ik ier en betiid fan b\u00ead om it lemieren yn Yorkshire te belibjen. Nei in slachje troch de buorren set ik it fjild yn op ien fan de \u00fbntelbere kuierpaden dwerstroch it l\u00e2n en meitsje in slach om it doarp. Yn in jisterke rinne trije kij mei nochteren keallen. Ientsje is der noch mar suver krekt en siket mei de kop skean omheech stjittend it bloeiende jaar fan mem. It \u00fbng\u00e2ns leit noch as in glysterige bringst njonken dit tafriel yn \u2018e greide. Ik fernuverje my oer de gastfrijens fan de boeren hjir, de d\u00fadlike paadwizers en it hechte houtwurk fan alle stekjes foar de trochstappen en de brechjes oer de beken. B\u00fbtengewoan! Knyntsjes spatte ferskrokken foar my \u00fat harren holtsjes yn, mar de kij dy\u2019t krekt molken yn in lange rige it l\u00e2n ynstappe litte har perfoarst net troch my fersteure. Wylst de spronkjes fan myn hert my oantrune troch te kuierjen yn de moarnsdage, l\u00fbkt myn mage my werom nei \u2018t hotel foar in \u2018full English breakfast\u2019.<\/p>\n\n\n\n

\"\"<\/a><\/figure>\n\n\n\n

De hiele dei doarmje wy troch de Dales, ride troch \u00fbnmjitlike heidefjilden en genietsje fan prachtige fiersichten. Wy swalkje troch blomrike fjilden, typyske Ingelse plakjes en l\u00e2ns glinsterjende streamkes dy\u2019t boartlik troch it l\u00e2nskip slingerje. De tiid fljocht en foardat wy der goed en wol erch yn hawwe sitte wy oan in grouw\u00e9lich j\u00fbnsmiel yn \u00fas hotel. Moarn moatte wy troch nei Newcastle en op de boat werom nei h\u00fbs. Ien dei is fierstente koart yn dizze machtich moaie krite! Sadwaande nimme wy it besl\u00fat dat we wis en f\u00east weromkomme. Mar it lit him tinke fan dan in hiele fak\u00e2nsje lang!        <\/p>\n\n\n\n

Augustus 2023                                                        <\/p>\n\n\n\n

\"\"<\/a><\/figure>\n\n\n
\n
\"\"<\/a><\/figure><\/div>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"

Ofr\u00fbne simmer haw ik mei myn sydsulver goed trije wike op fak\u00e2nsje west nei Ierl\u00e2n. Dat stie al tiden op it amerlistke en dy prachtige reis brocht \u00fas nei \u00fatwrydsk wiidweidige l\u00e2nskippen, r\u00fbge kliffen, nijsgjirrige st\u00eaden en folkse kroegen mei noflike minsken. Om nea wer te ferjitten, sa moai. Mar earlik sein moast doe op de weromreis it aldermoaiste noch … Lees verder \u00bb<\/a><\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_mi_skip_tracking":false,"_exactmetrics_sitenote_active":false,"_exactmetrics_sitenote_note":"","_exactmetrics_sitenote_category":0,"footnotes":""},"categories":[10],"tags":[],"yoast_head":"\nLofsankje op it l\u00e2n fan James Herriot — Bistedokter<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Lofsankje op it l\u00e2n fan James Herriot — Bistedokter\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"Ofr\u00fbne simmer haw ik mei myn sydsulver goed trije wike op fak\u00e2nsje west nei Ierl\u00e2n. Dat stie al tiden op it amerlistke en dy prachtige reis brocht \u00fas nei \u00fatwrydsk wiidweidige l\u00e2nskippen, r\u00fbge kliffen, nijsgjirrige st\u00eaden en folkse kroegen mei noflike minsken. Om nea wer te ferjitten, sa moai. Mar earlik sein moast doe op de weromreis it aldermoaiste noch ... Lees verder \u00bb\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Bistedokter\" \/>\n<meta property=\"article:published_time\" content=\"2023-08-01T15:24:00+00:00\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2023-10-29T15:25:23+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Ierland-2023-705-Dales-1024x600.jpg\" \/>\n<meta name=\"author\" content=\"Menno Wiersma\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Geschreven door\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"Menno Wiersma\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:label2\" content=\"Geschatte leestijd\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data2\" content=\"6 minuten\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\/\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"Article\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/#article\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/\"},\"author\":{\"name\":\"Menno Wiersma\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6\"},\"headline\":\"Lofsankje op it l\u00e2n fan James Herriot\",\"datePublished\":\"2023-08-01T15:24:00+00:00\",\"dateModified\":\"2023-10-29T15:25:23+00:00\",\"mainEntityOfPage\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/\"},\"wordCount\":900,\"publisher\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\"},\"articleSection\":[\"FRYSKE COLUMNS\"],\"inLanguage\":\"nl-NL\"},{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/\",\"name\":\"Lofsankje op it l\u00e2n fan James Herriot — Bistedokter\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#website\"},\"datePublished\":\"2023-08-01T15:24:00+00:00\",\"dateModified\":\"2023-10-29T15:25:23+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-NL\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/\"]}]},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Lofsankje op it l\u00e2n fan James Herriot\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#website\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\",\"name\":\"Bistedokter\",\"description\":\"\",\"publisher\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\"},\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":\"required name=search_term_string\"}],\"inLanguage\":\"nl-NL\"},{\"@type\":\"Organization\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\",\"name\":\"Bistedokter\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\",\"logo\":{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-NL\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png\",\"contentUrl\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png\",\"width\":576,\"height\":109,\"caption\":\"Bistedokter\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/\"}},{\"@type\":\"Person\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6\",\"name\":\"Menno Wiersma\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/author\/menno-wiersma\/\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Lofsankje op it l\u00e2n fan James Herriot — Bistedokter","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Lofsankje op it l\u00e2n fan James Herriot — Bistedokter","og_description":"Ofr\u00fbne simmer haw ik mei myn sydsulver goed trije wike op fak\u00e2nsje west nei Ierl\u00e2n. Dat stie al tiden op it amerlistke en dy prachtige reis brocht \u00fas nei \u00fatwrydsk wiidweidige l\u00e2nskippen, r\u00fbge kliffen, nijsgjirrige st\u00eaden en folkse kroegen mei noflike minsken. Om nea wer te ferjitten, sa moai. Mar earlik sein moast doe op de weromreis it aldermoaiste noch ... Lees verder \u00bb","og_url":"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/","og_site_name":"Bistedokter","article_published_time":"2023-08-01T15:24:00+00:00","article_modified_time":"2023-10-29T15:25:23+00:00","og_image":[{"url":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Ierland-2023-705-Dales-1024x600.jpg"}],"author":"Menno Wiersma","twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Geschreven door":"Menno Wiersma","Geschatte leestijd":"6 minuten"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"Article","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/#article","isPartOf":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/"},"author":{"name":"Menno Wiersma","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6"},"headline":"Lofsankje op it l\u00e2n fan James Herriot","datePublished":"2023-08-01T15:24:00+00:00","dateModified":"2023-10-29T15:25:23+00:00","mainEntityOfPage":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/"},"wordCount":900,"publisher":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization"},"articleSection":["FRYSKE COLUMNS"],"inLanguage":"nl-NL"},{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/","name":"Lofsankje op it l\u00e2n fan James Herriot — Bistedokter","isPartOf":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#website"},"datePublished":"2023-08-01T15:24:00+00:00","dateModified":"2023-10-29T15:25:23+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-NL","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/"]}]},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/lofsankje-op-it-lan-fan-james-herriot\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/bistedokter.nl\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Lofsankje op it l\u00e2n fan James Herriot"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#website","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/","name":"Bistedokter","description":"","publisher":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization"},"potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/bistedokter.nl\/?s={search_term_string}"},"query-input":"required name=search_term_string"}],"inLanguage":"nl-NL"},{"@type":"Organization","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization","name":"Bistedokter","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/","logo":{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-NL","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png","contentUrl":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png","width":576,"height":109,"caption":"Bistedokter"},"image":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/"}},{"@type":"Person","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6","name":"Menno Wiersma","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/author\/menno-wiersma\/"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/3520"}],"collection":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=3520"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/3520\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":3527,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/3520\/revisions\/3527"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=3520"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=3520"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=3520"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}