{"id":3542,"date":"2023-11-01T19:29:51","date_gmt":"2023-11-01T17:29:51","guid":{"rendered":"https:\/\/bistedokter.nl\/?p=3542"},"modified":"2023-11-11T19:31:26","modified_gmt":"2023-11-11T17:31:26","slug":"nimrot","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/","title":{"rendered":"Nimr\u00f4t?"},"content":{"rendered":"\n

Ier en betiid raus ik njonken Baas op syn twatsjiller yn \u2018t roettsjuster oer de dyk by it spoar l\u00e2ns foar de pipoe (om te pisjen en te poepen, red<\/em>.). Efkes letter karkje wy mei Frou yn de bistedokterswein op nei De Sweach. Net dat plak fan de hynstestr\u00fbpers, mar dat fan de b\u00f4lefretters, der\u2019t ik yn it ferline ek wol trainde mei Frou. Yn dat grutte bosk mei in w\u00fbndermoai heidefjild en ek noch wat wetter. Afke stiet hjoed wer hielendal \u2018oan\u2019;<\/strong> machtich fyn ik dat!<\/strong><\/p>\n\n\n\n

Ik begjin der slach fan te krijen om presiis te dwaan wat Frou en de karmasters op de jachth\u00fbnekrigen fan my ferwachtsje. Ik bring de dummys of it wyld sekuer en rap op tiid binnen en lit my net mear \u00f4fliede troch oare h\u00fbnen, rinnend of fleanend wyld, lokf\u00fbgels of hantlangers dy\u2019t op it ferkearde plak omstrune. Wat dy helpers oanbelanget, der sitte betiden dummysmiters by, blaf my der net fan! Meastentiids goed bedoeld hear, d\u00ear net fan, mar net altyd like snoad. Benammen at se te betiid \u00fat harren sk\u00fblplak komme en dan hiel behoedsum fuortsl\u00fbpe, wylst ik noch oan it sykjen bin. Hawar, ik sjoch de maneuvels en hear de t\u00fbkjes kreakjen, mar l\u00fbk my der neat mear fan oan! Sadwaande fertsjinnen ik en Frou yn de hjerstmoanne twA-diploma\u2019s en ek noch, as in brokje b\u00fbter yn \u2018e brij, in earste priis. Wat dat opsmiet? No, Frou in stik izer dat no op \u2018e kast stiet en ik in grutte p\u00fbde h\u00fbnebrokken. Wer ris wat oars te smikkeljen as altiten dyselde deistige brot! Sels Baas kriget hieltyd mear nocht oan dit soarte fan barrens. W\u00earom? Dat blaf ik jimme oan \u2019e ein wol s\u00fantsjes yn \u2019t ear \u2026<\/p>\n\n\n\n

S\u00fakses komt net samar fansels; ik en Frou ha wat \u00f4ftraind! De l\u00easte tiid by de boskfiver in Sint Nyk. Ek in prachtplak! En koartlyn noch by myn \u00e2ldbaas in bys\u00fbndere wurkwinkel dy\u2019t efternei in moaie tarieding wie op myn grutste boppeslach oant no ta. Hokker dat is? No, dat gong sa: op freed de trettjinde kaam Frou \u00fat de skroeven th\u00fas: \u2018Wy meie moarn nei De Sweach!\u2019 In oare h\u00fbn wie siik of sa en wy mochten ynfalle. Joepydepoepy! Dy j\u00fbns waard alles redsum troch Frou klearsetten en haw ik my noflik yn myn koer delj\u00fbn. At baas dan midden yn \u2018e nacht my \u00fatlit, wit ik dat it wer safier is!<\/p>\n\n\n\n

It is noch skimerich at wy yn in lange rige fan baaskes mei harren h\u00fbnen troch it bosk omtoarkje nei de earste proef ta. Mear as in oere moast ik wachtsje ear\u2019t ik oan bar wie om in ein \u00fat it wetter te fiskjen en in goes yn \u2018e w\u00e2l te sykjen. Samar klear, skytmaklik! Op nei de folgjende proef, in ka op \u2018e heide markeare, mar earst in jager yn \u2019t bosk helpe eat op te sykjen. Ek beide samar binnen! En sa gie it de hiele dei troch. Ik brocht Frou alles kreas yn \u2018e h\u00e2n en gjin inkele karmaster hie kommentaar. \u2018Het hondje (dat bin ik dus!) zoekt goed en brengt het keurig binnen\u2019, sizze se dan.<\/p>\n\n\n\n

Oan de ein fan sa\u2019n dei bin ik sa wurch as in h\u00fbn en lis ik lekker te koesen \u00fbnder Frou har stoel, wylst sy oan \u2019t huppeltsjewetter drok sit te rabjen en te swetsen mei oare baaskes. Dan stjonkt it gewoan fan de opsnijerij! Dat wolle jo net witte en ik hoech it ek net te hearren! Dan ferkear ik hearlik yn dreaml\u00e2n. Mar ynienen skrik ik wekker at alle minsken stean gean te klappen. Frou l\u00fbkt my oan myn line mei nei foaren ta en kriget triennen yn har eagen. Wat wie it gefal? Wy hiene de folle mep oan punten krigen en dus de haadpriis! In grut stik hout, moai foar yn \u2018e kachel.<\/p>\n\n\n

\n
\"\"<\/a><\/figure><\/div>\n\n\n

Ta eintsjebesl\u00fat is eltsenien grutsk op my. Fan \u00e2ldbaas Pyt oant de trainer ta. Fansels strielet soks ek in bytsje op harren \u00f4f. Wat dy l\u00easte oanbelanget, hy hat b\u00east wol faai west, hear. Der wie in snuorje dat ik neat mear goed dwaan koe! Hy hat my sels, hoe sil ik no dat kreas grommelje, wolris foar \u2018frutselh\u00fbn\u2019 \u00fatmakke. Frou moast der suver om g\u00fble. Mar dy\u2019t mei triennen siedzje, sille wille rispje, seit it bylwurd. En de w\u00e2ldrikel hat byleard. No mient er dat er my nei de \u2018Nimr\u00f4t\u2019 bringe sil. Wat dat no wer is? Gjin flau benul. Eat mei hiele grouwe m\u00fbzen snippe of sokssawat. Ik tink dat ik dat wol kin. Mar lit ik jimme dit bylje, der is mar ien dy\u2019t \u00fatmakket hokker r\u00f4t Afke snipt en dat is Afke sels. Punt \u00fat! En at ik \u2018m gryp, dan doch ik dat net allinne foar Frou, mar fral ek foar Baas. Want dy seit dat er troch al \u00fas boppeslaggen Frou tsjintwurdich folle better yn \u2018e stokken h\u00e2lde kin. No, dat is wat wurdich. Mar net trochblaffe, hear, h\u00e2ld jim de bek \u2026    <\/p>\n\n\n\n

                                                                                                <\/p>\n\n\n\n

\"\"<\/a><\/figure>\n\n\n\n

Oktober 2023<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"

Ier en betiid raus ik njonken Baas op syn twatsjiller yn \u2018t roettsjuster oer de dyk by it spoar l\u00e2ns foar de pipoe (om te pisjen en te poepen, red.). Efkes letter karkje wy mei Frou yn de bistedokterswein op nei De Sweach. Net dat plak fan de hynstestr\u00fbpers, mar dat fan de b\u00f4lefretters, der\u2019t ik yn it ferline ek … Lees verder \u00bb<\/a><\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_mi_skip_tracking":false,"_exactmetrics_sitenote_active":false,"_exactmetrics_sitenote_note":"","_exactmetrics_sitenote_category":0,"footnotes":""},"categories":[12],"tags":[],"yoast_head":"\nNimr\u00f4t? — Bistedokter<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Nimr\u00f4t? — Bistedokter\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"Ier en betiid raus ik njonken Baas op syn twatsjiller yn \u2018t roettsjuster oer de dyk by it spoar l\u00e2ns foar de pipoe (om te pisjen en te poepen, red.). Efkes letter karkje wy mei Frou yn de bistedokterswein op nei De Sweach. Net dat plak fan de hynstestr\u00fbpers, mar dat fan de b\u00f4lefretters, der\u2019t ik yn it ferline ek ... Lees verder \u00bb\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Bistedokter\" \/>\n<meta property=\"article:published_time\" content=\"2023-11-01T17:29:51+00:00\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2023-11-11T17:31:26+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/MAP-Beetsterzwaag-2-001-683x1024.jpg\" \/>\n<meta name=\"author\" content=\"Menno Wiersma\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Geschreven door\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"Menno Wiersma\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:label2\" content=\"Geschatte leestijd\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data2\" content=\"5 minuten\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\/\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"Article\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/#article\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/\"},\"author\":{\"name\":\"Menno Wiersma\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6\"},\"headline\":\"Nimr\u00f4t?\",\"datePublished\":\"2023-11-01T17:29:51+00:00\",\"dateModified\":\"2023-11-11T17:31:26+00:00\",\"mainEntityOfPage\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/\"},\"wordCount\":976,\"publisher\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\"},\"articleSection\":[\"Wrafkes\"],\"inLanguage\":\"nl-NL\"},{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/\",\"name\":\"Nimr\u00f4t? — Bistedokter\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#website\"},\"datePublished\":\"2023-11-01T17:29:51+00:00\",\"dateModified\":\"2023-11-11T17:31:26+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-NL\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/\"]}]},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Nimr\u00f4t?\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#website\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\",\"name\":\"Bistedokter\",\"description\":\"\",\"publisher\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\"},\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":\"required name=search_term_string\"}],\"inLanguage\":\"nl-NL\"},{\"@type\":\"Organization\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization\",\"name\":\"Bistedokter\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/\",\"logo\":{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-NL\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png\",\"contentUrl\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png\",\"width\":576,\"height\":109,\"caption\":\"Bistedokter\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/\"}},{\"@type\":\"Person\",\"@id\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6\",\"name\":\"Menno Wiersma\",\"url\":\"https:\/\/bistedokter.nl\/author\/menno-wiersma\/\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Nimr\u00f4t? — Bistedokter","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Nimr\u00f4t? — Bistedokter","og_description":"Ier en betiid raus ik njonken Baas op syn twatsjiller yn \u2018t roettsjuster oer de dyk by it spoar l\u00e2ns foar de pipoe (om te pisjen en te poepen, red.). Efkes letter karkje wy mei Frou yn de bistedokterswein op nei De Sweach. Net dat plak fan de hynstestr\u00fbpers, mar dat fan de b\u00f4lefretters, der\u2019t ik yn it ferline ek ... Lees verder \u00bb","og_url":"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/","og_site_name":"Bistedokter","article_published_time":"2023-11-01T17:29:51+00:00","article_modified_time":"2023-11-11T17:31:26+00:00","og_image":[{"url":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/MAP-Beetsterzwaag-2-001-683x1024.jpg"}],"author":"Menno Wiersma","twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Geschreven door":"Menno Wiersma","Geschatte leestijd":"5 minuten"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"Article","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/#article","isPartOf":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/"},"author":{"name":"Menno Wiersma","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6"},"headline":"Nimr\u00f4t?","datePublished":"2023-11-01T17:29:51+00:00","dateModified":"2023-11-11T17:31:26+00:00","mainEntityOfPage":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/"},"wordCount":976,"publisher":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization"},"articleSection":["Wrafkes"],"inLanguage":"nl-NL"},{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/","name":"Nimr\u00f4t? — Bistedokter","isPartOf":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#website"},"datePublished":"2023-11-01T17:29:51+00:00","dateModified":"2023-11-11T17:31:26+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-NL","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/"]}]},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/nimrot\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/bistedokter.nl\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Nimr\u00f4t?"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#website","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/","name":"Bistedokter","description":"","publisher":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization"},"potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/bistedokter.nl\/?s={search_term_string}"},"query-input":"required name=search_term_string"}],"inLanguage":"nl-NL"},{"@type":"Organization","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#organization","name":"Bistedokter","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/","logo":{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-NL","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png","contentUrl":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-content\/uploads\/Bistedokter_N.png","width":576,"height":109,"caption":"Bistedokter"},"image":{"@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/logo\/image\/"}},{"@type":"Person","@id":"https:\/\/bistedokter.nl\/#\/schema\/person\/06998608a90a23b9179a25619e984ff6","name":"Menno Wiersma","url":"https:\/\/bistedokter.nl\/author\/menno-wiersma\/"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/3542"}],"collection":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=3542"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/3542\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":3546,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/3542\/revisions\/3546"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=3542"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=3542"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/bistedokter.nl\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=3542"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}