{"id":3588,"date":"2024-02-28T21:03:33","date_gmt":"2024-02-28T19:03:33","guid":{"rendered":"https:\/\/bistedokter.nl\/?p=3588"},"modified":"2024-03-05T21:05:18","modified_gmt":"2024-03-05T19:05:18","slug":"in-poatebinerke-derby","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/in-poatebinerke-derby\/","title":{"rendered":"In poatebinerke derby"},"content":{"rendered":"\n

Al wol langer hie ik der praat fan heard, mar in skoftke lyn wie it dan safier. Hjoeddeis spaant der hjir in lytse soartgenoat fan my om h\u00fbs en hear. No is der wolris faker in \u00fatfanh\u00fbzer, mar ik h\u00e2ld der perfoarst rekken mei dat dizze net mear fuort giet. Sadwaande haw ik nei twa dagen fan har negearen der mar oan taj\u00fbn. \u2018Eefje\u2019 neame se har en se blaft spitigern\u00f4ch wat nuvertalich en in bytsje eigenwiis. Hawar, sa slim is dat no ek wer net. Lokkich nimt se rap de krekte toan fan my oan. En it falt my net \u00f4f hoe skjin oft sy al is. Dochs barden der yn it begjin wolris \u2018\u00fbngemakjes\u2019 en dan moast ik goed \u00fatsjen w\u00ear\u2019t ik myn poaten delsette soe om\u2019t ik oars betiden it hiele h\u00fbs troch printe. Tsjintwurdich docht se alles yn de t\u00fan; de stront moat Baas lykwols daliks opromje om\u2019t se dy oars sels wer opfret. De lytse fiislak moat alsa noch in protte leard wurde …<\/p>\n\n\n\n

Yn de keamer is der in grut plak tusken skieppestekjes foar har ornearre, lykas by my doe\u2019t ik hjir alwer hast seis jier ferlyn kaam. Noflik dat se sa no en dan efkes opsluten wurde kin, oars hinget dy dogeneat my de hiele dei oan de hals! No moat ik earlik blaffe dat ik yntusken ferdraaid graach efkes mei har h\u00fbntheie mei, mar net de hiele dei troch! En alhiel net at ik sels mei Frou te trainen of, noch moaier, nei in h\u00fbnekriich west haw, dan haw ik myn nocht fansels.<\/p>\n\n\n\n