{"id":3598,"date":"2023-09-30T19:34:00","date_gmt":"2023-09-30T17:34:00","guid":{"rendered":"https:\/\/bistedokter.nl\/?p=3598"},"modified":"2024-11-13T22:22:30","modified_gmt":"2024-11-13T20:22:30","slug":"krityk","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/krityk\/","title":{"rendered":"Krityk"},"content":{"rendered":"\n
\u2018Was dat nou nodig?\u2019 It is alwer goed fyftjin jier lyn, mar ik wit it noch sekuer. It wie moarns yn it telefoanysk sprekoere op de praktyk yn Grou. Ik luts myn wynbrauwen op en wist efkes net wer\u2019t it oer gie. \u2018Ik lees jouw stukjes altijd en ik moet zeggen dat ik ze niet allemaal even goed vind, hoor\u2019, ferfolge it minske oan de oare kant fan de line om\u2019t it efkes stilfoel. Doe skeat my ynienen yn it sin w\u00ear\u2019t sy nei alle gedachten op doelde. Myn stikjes ferskynden yn de ferskate doarpskranten r\u00fbnom yn it hert fan \u00fas provinsje en ik wist net hokker stik wannear yn watfoar krantsje presys pleatst waard. Ik hie al moannen lyn in bistedokter skreaun oer kommunikaasje mei bisten \u00fbnder de titel Dokter Dolittle. Wat dy dokter en Eddy Murphy yn de film mei deselde namme sa goed kinne, pretindearje \u00edk absl\u00fat n\u00e8t. Om fan \u2018fl\u00fasterpraktiken\u2019 hielendal mar te swijen. Ik moast it sadwaande altiten dwaan mei it ynkleure petear fan de baaskes en myn eigen \u00fbndersikings. Blykber stie d\u00e1t ferhaal op dat stuit yn de Kommune fan Warten.<\/strong><\/p>\n\n\n\n