{"id":624,"date":"2011-12-25T22:38:02","date_gmt":"2011-12-25T20:38:02","guid":{"rendered":"https:\/\/wordpress-93166-1056199.cloudwaysapps.com\/?p=624"},"modified":"2019-12-09T12:55:20","modified_gmt":"2019-12-09T10:55:20","slug":"de-slachrjemme-op-e-taart","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bistedokter.nl\/de-slachrjemme-op-e-taart\/","title":{"rendered":"De slachrjemme op \u2018e taart"},"content":{"rendered":"
In lyts kertier ear\u2019t de wekker giet, rattelt de tillefoan. Jelle hat help nedich by keallerij fan in rier. Ik rek my \u00fat en bliuw noch eefkes op \u2018e r\u00each lizzen oan\u2019t myn oare helte oer myn b\u00fak strykt en my oantrunet dat ik der \u00f4f moat. Gau str\u00fbp ik yn \u2018e klean en str\u00fbs nei \u00fbnderen ta.<\/p>\n
\u00dbnderweis yn \u2018e auto betink ik dat Jelle dat bist dochs net yn dy\u00a0 b\u00fbtenst\u00e2l kealje litte sil mei dit \u00fbnlijige waar? Wol dus, want Jelle troant my mei troch de tsjustere melkerij nei dy potst\u00e2l \u00fbnder in selsmakke \u00f4fdak. Hecht gen\u00f4ch, der net fan, mar it siicht der \u00fbnhuerich op it stuit. \u201cIk tink net dat it keizersneed wurdt hear\u201d, b\u00eadet Jelle myn tinzen del, krekt as hie der dy l\u00eazen. Ik l\u00fbk in lange plastikwant oan, himmelje it bunt fan it rier en sil de geboartewei ynd\u00fbke. Dat slagget net samar; Jelle moat him goed te skoar sette tsjin it bist om har te plak te h\u00e2lden. Mei syn trijen wrakselje wy sa wat om en goed tsien minuten letter haw ik toutsjes om de poaten fan it keal en hingje Jelle en ik d\u00ear tegearre oan. Der sit absol\u00fat gjin skot yn, want der is fierstente min romte. \u201cIk wol b\u00east wol snije, hear, mar hjir net.\u201d Dat begrypt Jelle.<\/p>\n
It rier hat nea earder in bine om h\u00e2n, lit stean oan tou r\u00fbn. Ear\u2019t wy mei it bist troch it donkere gat fan de melkerij yn \u2018e lisboksst\u00e2l binne, is der al in kertier ferr\u00fbn. Dan bine wy oan de hoarnen in twadde lange loopline fan peal nei peal rjochting it foerpaad en buorkje sa meter foar meter nei it plak d\u00ear \u2018t wy hinne wolle. Jelle soalt in kear oer de roasterflier en ik knyp myn h\u00e2n alderheislikst tusken de touwen. Wy foeterje al, mar flokke net. It rier rekket dan noch in kear los en fjouwert it foerpaad twa kear op en del. Nei trije kertier stiet it bist einliks sa \u2018t wy it hawwe wolle en kin ik har skeare en waskje. Wy binne der dan lykwols noch net, want wylst ik de pleatslike ferd\u00f4ving ynspuitsje sil, feecht it rier wyld om har hinne. Dan noch mar in prip jaan om har sleau te meitsjen. \u00dat foarsoarch doch ik ek noch in h\u00e2ndoek oer har eagen om it bist it idee fan \u2018nacht oer Java\u2019 te jaan.<\/p>\n
Yntusken is Mieke, de frou fan Jelle, mei twa pake- en beppesizzers foar it ljocht kaam. Mieke h\u00e2nlanget altiten by keizersneed, mar woe de \u00fatfanh\u00fbzers net allinne yn \u2018e h\u00fbs achter litte. De beide berntsjes hawwe in jaske oer harren nachtklean oan en observearje de hiele situaasje sl\u00fbch en klomsk. Lokkich kinne se beide wol oer bloed en feroarje se net at ik it mes yn de lofter flank fan \u2018e pasjint set.<\/p>\n
Rillegau leit der in grouwe bolle op \u2018e flier, sa helder as in bij. It hechtsjen fan it liif en de w\u00fbne nimt altyd in protte tiid, mar it rier stiet no as in peal, sadwaande kinne wy moai efkes prate. Mieke hat jimmer belangstelling foar jins famylje en sa en dan fljocht dat skoft om. Jelle wol it leafst mei melken begjinne, mar dat mei net fan my. Jo witte mar nea oft it bist wer it m\u00e2le fel oankriget, no? Ik wit net krekt mear hoe \u2018t wy deroer yn petear rekken, mar doe kaam it \u00fbnderwerp reynkarnaasje op it aljemint. As hokker bist soe Jelle werom komme wolle, frege ik him op de man \u00f4f. \u201cAs bist?!?\u201d, andere Jelle f\u00fbl.\u00a0 \u201cIk wol as mins werom komme, en dan it leafste as wynboer. Wynboer yn Frankryk, fansels!\u201d It blykt dat de santiger(!) eltse j\u00fbn twa gl\u00eazen reade wyn mei in protte smaak oer syn tonge nei binnen slabbert. Mieke knikt bef\u00eastigjend dat it wier is. Sa leare jo ris wa\u2019t jo boeren binne wylst jo in w\u00fbne naaie.<\/p>\n
It l\u00easte eintsje fan it h\u00fbdhechtsjen kin ik allinnich wol oan. Jelle makket risselwaasjes om te melken en Mieke ferdynt mei de beide bern yn \u2018e h\u00fbs. Oft ik aansten noch efkes yn \u2018e h\u00fbs kom as ik klear bin, freget Mieke by de doar. Graach! Mieke har appeltaart is ferneamd by myn kollega\u2019s en sels bin ik oan\u2019t no ta noch net yn \u2018e gelegenheid west om dy te priuwen…<\/p>\n
As ik de koken ynstap r\u00fbk ik him al. Mieke hat alf\u00east in stik yn \u2018e magnetron opwaarme. De beide bern boartsje \u00fbnder de krystbeam en tsiere in bytsje. Mieke weeft der rap mei \u00f4f. Oft ik ek slachrjemme derop ha wol. Graach, fansels. De kollega\u2019s hawwe net oerdreaun, heite! \u00dbnder it genot fan it baksel prate wy noch in pypfol en dan set ik wer \u00f4f. As ik by de melkerij Jelle noch eefkes goeie sizze sil, hear ik de man foeterjen en skellen op in \u2018akelige rotko\u2019. It liket my wiis Jelle gewurde te litten. Mar ik hie it al lang en goed witten at ik Jelle west hie: ik hie tsien jier lyn de hiele brot ferkocht en in spultsje yn Frankryk oanskaft. Mei in \u00e2ld wyngert derby. Wachtsje op dy reynkarnaasje, ik tocht it net!<\/p>\n
As ik myn eagen iepen doch hear ik yn \u2018e fierte de klok lieden. It is krystmoarn, earste krystdei. Ik slikje mysels om \u2018e m\u00fble, mar priuw gjin slachrjemme. Dat ha\u2019k dreamd. En dy keizersneed wie fan \u2018t hjerst. En Mieke wie troch har appeltaart hinne doe \u2018t ik d\u00ear wie, wit ik noch. Ik draai my nei myn oare helte ta en lis hoeden myn ear op har hert, wylst ik har in bytsje \u00fbndogens tyskje. Ik fernim dat sy ek al wekker is.<\/p>\n
Desimber 2011<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"
In lyts kertier ear\u2019t de wekker giet, rattelt de tillefoan. Jelle hat help nedich by keallerij fan in rier. Ik rek my \u00fat en bliuw noch eefkes op \u2018e r\u00each lizzen oan\u2019t myn oare helte oer myn b\u00fak strykt en my oantrunet dat ik der \u00f4f moat. Gau str\u00fbp ik yn \u2018e klean en str\u00fbs nei \u00fbnderen ta. \u00dbnderweis yn … Lees verder \u00bb<\/a><\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_mi_skip_tracking":false,"_exactmetrics_sitenote_active":false,"_exactmetrics_sitenote_note":"","_exactmetrics_sitenote_category":0,"footnotes":""},"categories":[10],"tags":[],"yoast_head":"\n