‘Luctor et Emergo’

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

It moat mear as fiifentweintich jier lyn wêze dat ik op dat plak foar it lêst west bin foar kij. Ja, letter noch wolris foar in ezel of in oar útsûnderlik bist, mar doe wie it al in rekreaasjewente wurden. Dan doel ik op de pleats ‘oer de Greft’, wat no feitlik it Prinsesse Margrietkanaal is, mei it latynsk adagium út it Sieuske wapen boppe de foardoar dat betsut ‘Ik wrakselje en kom boppe’. It waard my wer yn ‘t sin brocht troch it boek ‘We strûpe derûnder!’ fan Gjalt de Groot. De skriuwer wenne yn syn jongesjierren op ‘Luctor et Emergo’. 

It wie foar my wier romantyk, dy besites mei de skou fanôf it gemaal yn it Wartenster Leechlân oer it wetter. Goed neitinke wat ik brûke moast foar in sike ko of soksawat, om’t ik oars nochris hinne en wer roeie moast. Jeen van den Berg, neef fan de ferneamde âlvestêden winner fan ’54, en pake- en beppesizzer fan de Jeen en Anna út it boek fan Gjalt, buorke dêr doe. En dat buorkjen wie gjin sinekuere op dy sompige feangrûn yn it lege midden fan Fryslân. Dat wie wier gjin romantyk mar ferskuorrend hurd bealigje om de holle boppe wetter te hâlden, lit stean om de kij genôch molke jaan te litten en dêr in ynkommen en bestean út te heljen! En wylst ek nochris op it fuottenein te wenjen wêr’t alles oer it wetter oan- en ôffierd wurde moast. Fansels moast ik mear tiid as gewoan ynplanne foar in besite, mar dy muoite wie in bagatel yn fergelyk mei de wize sa’t de boer en syn gesin dêr húsmanje moasten. En mochten jo tinke dat jo op sa’n plak útwrydske karakters oantreffe sille, dy’t foarme binne troch de iensumens? It fernuvere my lykwols dat it perfoarst net sa is! Jeen bygelyks is in innimmende persoanlikheid mei humor. Hy koe smout fertelle at der in nije ynseminator west wie dy‘t net roeie koe. Dat dy it him oanseach as der in grut frachtskip oanfarren kaam troch it kanaal. En dat hy dan de wâl ynfleach en him oan de reiden fêst probearre te hâlden. Dat moast no fansels krekt net dwaan! At it tsjinsit sûget it skip dy mei pôle en al de hekgolf yn…

Doedestiids wie myn omke Gerard Terpstra, ek feedokter yn Reduzum, eigener fan dizze pachtpleats. En doe’t ik letter ris by de nije bewenner Klaas kaam foar dy ezel, die hy my it ferhaal dat omke him wol trije kear mei klam frege hat at er de pleats wier wol keapje woe, om’t er dit plak beslist net ûnderskatte moast. Dat wie tekenjend foar dy krite, mar seker net minder karakteristyk foar myn omke!

Fansels haw ik mei in bulte nocht it boek fan Gjalt lêzen. Ik kin it eltsenien oanrikkemedearje dy’t niget hat oan hoe’t it libben yn dat wrede wetterlân der yn it ferline om en ta gong. Ik bin ek by Gjalt thús west ûnder Holwert. Wy rekken net útpraat. Ik ried mei in kofferbak fol einekuorren en twa oare boeken fan him wer op hûs oan…

April 2021