De hanwjukkigen
De earste twa wiken fan de ôfrûne simmermoanne hawwe de frou en ik nei Ingelân op fakânsje west. Us beide hûnen wiene mei en wy ha in prachtige reis makke dêr’t ik hiele ferhalen oer optekenje kinne soe. Dat doch ik lykwols net mar at jo al nijsgjirrich binne is it ien en oar wol op Facebook te finen. Ik fiskje der wol in opmerklike ûnderfining út dy’t moai oanheakket by it petear dat ik mei Bartle de Leeuw hie oer it eigenaardige fladderfolkje fan de hanwjukkigen (Chiropera), de flearmûzen. Wy sieten earst in wike yn de Yorkshire Dales, de krite fan myn wrâldferneamde kollega James Herriot, en de twadde wike ha wy húsmanne yn Low Wood yn it Lake District. Benammen op dat lêste plak tilde it op fan de flearmûzen. No bin ik sels net in saakkundige dy’t soarten ûnderskiede kin, mar ik hie wol troch dat dêr in grut ferskaat omwjukkele!
It wurd ‘flear’ komt fan it Middelnederlânske wurd ‘vlederen’ dat fladderje of wjukkelje betsjut. Dit wurd docht behelplik oan, dochs binne flearmûzen de iennichste sûchdieren dy’t wier fleane kinne. En dat dogge se just tige linich en behindich mei in hege frekwinsje fan wjukslach sadat it der útsjocht as wjukkeljen. In wûnderlike evolúsje hat dit lytse bistke trochmakke, wêrfan der yn ús lân in lytse tweintich soarten foarkomme. Bartle komt dêrfan hjir yn it noarden op syn heechsten acht of njoggen tsjin.
Fansels haw ik myn petear mei Bartle op in jûn at it begjint te skimerjen om’t wy ek it fladderfolkje yn aksje sjen wolle. Sûnt in jier of sân hat Bartle syn eigen bedriuw ‘Floara & Fauna Undersyk’ dat ekologysk advys jout. Hy kin bygelyks ynroppen wurde troch It Fryske Gea om it bioferskaat oan planten yn byld te bringen. Mar ek troch boeren om sjen te litten oft se yn oanmerking komme kinne foar behear-subsidzje. Dit hat alles te krijen mei de nije Wet natuerbeskerming út 2017, eartiids bekend as de Floara & Faunawet, dy’t hjoed-de-dei falt ûnder de Omjouwingswet. Oangeande de fauna kinne ekologysk adviseurs ek benadere wurde troch partikulieren of wenningbouferienings dy’t ferbouwe of slope wolle. Sy moatte dan yn haadsaak neigean at der ek flearmûzen húsmanje foardat der isolearre, renovearre of ôfbrutsen wurde kin. Swellen en mosken wurde tagelyk ek meinaam yn sa’n ûndersyk. At jo soks oantreffe, dan moatte der maatregels nommen wurde, sadat de bisten nei de tiid wer weromkomme kinne. Foar elts projekt moat der grif fiif kear ynventarisearre wurde, twa kear op jûn en trije kear moarns ier en betiid. En somtiden yn de hjerst ek nochris twa kear op in jûn. Nachtwurk foar Bartle dus!
Echte natuer hat Fryslân sa goed as net mear, it is tsjintwurdich allegearre kultuerlânskip. Wat dat oanbelanget is it mei de flearmûzen al krektlyk as mei de greidefûgels. Boeren hawwe mei har lânwurk en buorkjen it lân tige gaadlik foar ljip en skries makke oant en mei de sechstiger jierren fan de foarige iuw, wylst der mei de hjoeddeiske wize fan melkfeehâlderij suver hast gjin plak mear foar de kening fan de greide is. Sa wiene der yn alle âlde behuzings genôch naden en kieren om te skûljen foar it fladderfolkje. It suniger omgean mei enerzjy soarget derfoar dat boargers alle gatten en holtsjes tichtsmarre yn harren wennings. Faaks is dat ek it grutte ferskil mei Ingelân. De wize fan bou is dêr gâns oars as hjir mei in protte natuerstien op it platte lân en boppedat binne de Ingelsken minder oprommerich as wy. Der stiet in hiele boel yn ferfal en dat binne by útstek moaie skûlplakken fansels.
Werom nei it petear. It begûn healtsjuster te wurden en rillegau seagen wy de earste gewoane dwerchflearmûs foar it skimerljocht kommen. Bartle lit op syn detektor hearre dat it kloppet troch in sinjaal yn in legere frekwinsje opnij ôf te spyljen sadat wy it wol hearre kinne. Elke flearmûssoart hat nammentlik syn eigen toanen op in bepaalde hiele hege frekwinsje dy’t bûten ús eigen gehoar lizze. Ek al sjochst him net, mei dat stikje technyk kinst him dochs gewaarwurde. Ik wit noch goed dat der eartiids folle mear flearmûzen te sjen wiene boppe ús tún. Wy mienden dat dy oerdei foaral yn de klinte fan âld-buorman Franke Kuperus skûlen. As jonge besocht ik se dan mei in bal yn in sok te fangen. At ik dy omheech smiet, kamen se der daliks op ôf fladderjen. It doel wie dan dat se yn de sok hingjen bleaunen fansels. Lokkich lieten se harren hast nea te fiter hawwe. Bartle laket smout en werkent dit spultsje fan alear.
Flearmûzen hawwe wol eagen mar sjogge poermin. Harren ‘byld’ fan de omjouwing wurdt foarme troch de lûdssinjalen dy’t se sels meitsje en ek wer werom heine. Krektlyk sa’t echo-apparatuer wurket op skippen of sa’t ik sels as bistedokter wend bin mei scandiagnostyk. Sa kinne sy it paad fine en ek harren proai te pakken krije. Dy bút bestiet benammen út ynsekten. Bartle wit my ek te fertellen dat it skala oan lûden folle grutter is as wy mar miene. Harren kommunikaasje is yn de djoeiske perioade gâns oars as oars! At wy it doarp ynstappe komt der ynienen in gruttere letfleaner (laatvlieger) foarby mei yndied in gâns oar lûd.
Steefêst mei in sigaarke yn syn mûle krij ik mear nijsgjirrichheden fan Bartle te hearren. De gewoane dwerchflearmûs komt hjir fierwei it measte foar, fierder de rûge dwerch-, wetter- en marflearmûzen ek wol; de rossige (betiidfleaner) komt er seldsum tsjin. De pearing fynt plak yn de hjerst. En de manlju hâlde it bepaald net by ien wyfke; somtiden hâlde se der in hiel harem op ta! De wyfkes bewarje it sied yn in spesjale klier om’t it befruchtsjen pas folle letter plak fynt. En hja hâlde harren wintersliep earne oars, nimmen wit eins presys wêr. De mantsjes bliuwe hjir wol en sliepe de hiele winter yn âlde gebouwen of holle beammen. Yn de maitiid foarmje de bisten dan faaks wer mei-inoar in koloanje. Fan heal maaie oant heal july wurdt meastentiids mar ien jong berne. Nêsten meitsje flearmûzen net en de jonge sprút moat mar earne hingje of fljocht oanklampe oan mem mei har om …

Ta beslút komt ek noch efkes hûnsdûmens op it aljemint. Guon letfleaners en marflearmûzen binne drager fan it lyssafirus dat rabiës of hûnsdûmens feroarsaakje kin. Yn ús lân is dat noch nea bard, mar der is wol in protokol dêr’t ik sels mear as ien kear mei te krijen hân haw. At in hûn of kat mei in flearmûs omspaand hat, moatte sy daliks yninte wurde. At minsken der mei yn oanrekking kaam binne, moatte se nei de dokter en faaks geane sy dan it medyske sirkwy yn. Boppedat moat de flearmûs yn kwestje ek opstjoerd wurde foar neier ûndersyk. Bartle hat dêr net sa’n swiere mûtse oer op. Dochs hawwe minsken faaks in bytsje ôfgriis fan de hanwjukkigen. Dy assosjaasjes komme meastentiids fan grizelfilms oer bloedsûgjende fampiers. Lokkich komme dy hjir net foar …
Bartle is mei niget it fladderfolkje begûn te detektearjen as hobby en docht dat no as zzp’er ‘fan beropswegen’. Koartlyn hat hy mei nocht noch in doarpsgenoat oplaat om ek ekologysk ûndersyk te dwaan. It oplieden is de âld-learaar fan ‘e lânbouskoalle net ferleard en dat makket de sirkel wer rûn!
Juny 2025