De hantekening fan Kroes

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

Ik haw it as bistedokter noch meimakke dat in boer op skreiershoeke by winterwaar inkeld op redens te berikken wie. Dan gong ik fanôf Heechhiem op noaren nei de Roekeboer foar keallerij mei yn ‘e iene hân de ferlostas en yn d’oare de operaasjekoffer. Kleare romantyk! Machtich fûn ik dat. Spitigernôch bin ik in hakkenkruk op redens; absolut gjin talint en sloppe ankels. Ik gean net oer ien nacht iis, mar at der lykwols in toertocht riden wurde koe, wie ‘k fan de partij. Fûn it manjefyk om mei krôkjend waar de Prinsehôftocht te streekjen troch de Âlde Feanen. Nei sa’n 40 km riden en klúnjen skearden de binnenkanten fan myn ankelknobbels lykwols oer it iis en wie de ‘koek’ wol op en in ‘zopie’ mear as wolkom. De Alvestêdetocht wie sadwaande net foar my ornearre…

Myn jongere broer Tom is fansels út itselde hout snien. Hij skafte noaren oan mei fan dy stive, hege skuon. Ik fûn dat dy jo tefolle yn jins bewegingsfrijheid beheinden sadat it like oft  jo ‘mei de broek fol’ rieden. Dy liet ik dus slûpe…

Yn it winterke fan ‘96 trof ik op ‘e Ûlesprong op it iis by tafal Hotse, in boer by ús út de krite. Hotse is krekt sa’n leafhawwer as ik, mar behept mei itselde mankemint. Hy hie him bûgels oanmjitte litten troch in útfiner út Ie. Dy moasten op de noaren monteard wurde om jo ankels te stypjen, sûnder dat jo bewegings nei foaren en efteren begrinzge wurde. Hotse swearde derby! Ik dus op nei Ie. Fanôf de alderearste kear dat ik mei bûgels ried koe ‘k myn lok net op. No koe ‘k pas tochten reedride! Oerdwylsk waard ik daliks lid fan de Alvestêdeferiening.

De winter dêrop batste de froast der noch fûler yn. Doe’t foarsitter Henk Kroes op 2 jannewaris ‘It giet oan!’ ferkundige, foel ik haljetrewalje yn ‘e prizen. Ik wie nammentlik dat earstfolgjende jier fuortendaliks ynlotte! Sa oerkaam my wakker deselde mazzel as doedestiids mei de lotterij foar myn bistedokterstúdzje! Myn lidmaatskip op it lêste stuit resultearre fansels wol yn in lette starttiid fan pas tsien oere op dy ferneamde 4 ͤ jannewaris. It soe ek in hiele kâlde klobbe wurde…

Manmoedich gong ik foarearst foar de wyn fan start. By Reduzum waard ik op de Swette troch doarpsgenoaten lûd oanmoedige. Op de Luts helle ik myn broer yn dy’t goed trije kertier earder fan start gongen wie. Wie ‘k de earste yn ús praktyk dy’t in mobyltsje oanskaft hie; dat kaam my no moai te pas. Yn Starum hie ‘k foar ‘t  earst en fuort ek foar ‘t lêst efkes kontakt mei it thúsfront, dêrnei stûke de Nokiabatterij nei alle gedachten fan ‘e kjeld.

No waard it mienens stôk yn ‘e wrede noardeastewyn. Yn hyltyd wikseljende ploechjes belâne ik yn Boalsert. Healwei! Ik gunde mysels dêr in lang skoft en de kochte snert en meinommen brogge smakken goed. Poeh, ik koe dêrnei mar dreech de slach wer te pakken krije. Safolle oefenkilometers hie myn drokke praktyk my net gund te meitsjen. Ik moast weromfalle op myn basiskondysje fan jierren as skoaljonge troch waar en wyn fytst te hawwen.  Om en naby Arum rekke ik in skoftke yn ‘e streek mei in aardige maat. Hy skoudere my lykwols doe’t ik trochskimerje liet dat ik perfoast geniete en alles wat no noch op myn iispaad kaam as tajefte beskôge. Hy gong inkeld en allinne foar de einstreek op ‘e Bonke…

Fanôf Harns wie it foaral wer rjocht yn ‘e wyn op. It begûn te skimerjen en foar myn gefoel duorre it in ivichheid ear’t ik Frentsjer yn ‘t fizier krige. Mar dat wie in bagatel yn fergelyk mei wat my yn tsjuster noch oer de blikfeart naar Âlde Leie te wachtsjen stie! Derfan oertsûge dat ik yn Bartlehiem fan ‘t iis reage wurde soe, besaude ik my deroer dat ik gewoan nei Dokkum dirigeard waard! Op de Dokkumer Ie ried ik it hiele ein op kop, myn folgers lieten it ôfwitte om oer te nimmen…

It thúsfront siet ûnderwilens yn tûzen noeden en belle ûngerêst mei de organisaasje oft der ek riders onderweis yn ‘t reid oantroffen wiene. Lokkich waard ik troch myn oare helte op de tillevyzje sinjalearre yn it skynsel fan de stêdsljochten. It die bliken dat ik fiif minuten foar’t de post yn Dokkum sluet ôfstimpele. No pas begûn ik sels te leauwen dat ik de Bonke helje soe! It lêste hoart wie ommers foar de wyn.

As in nochteren keal bin ’k yn ienlikens oer de Ie werom gisele. In pear kear gong ik ûnhuerich op ‘e hûd troch skuorren yn it troch tûzenen tramtearre iis en ûnderwilens gunde ik mysels net iens tiid foar foeraazje. Yn in flok en in sucht wie ‘k wer tebek yn Bartlehiem. Doe rekke myn illuzje yn skossen op de Âldtsjerkster Feart. Troch op ‘e nij dy skrale wyn en hongerlapje gong by my it ljochtsje út. Yn Âldtsjerk waard my ferkundige dat ik it lêste stik wol kalm útride koe, omt ik de einstreek dochs net mear foar tolven helje soe.

Oer de Moark seach ik yn ‘e fierte de felle lampen op de Bonkefeart. Efternei besjoen siet ik yn it ploechje dat foar it each fan de kamera’s delsetten waard as de ‘teloarstelden’ dy’t it krekt net helje soene. Sels fielde ik dat net sa. Gjin krúske fansels. Mar ik wie sa goochem om kertier oer tolven efkes it einpetear dat de NOS mei Henk Kroes op ‘e Bonke hold ôf te wachtsjen. Fuortendaliks dêrnei skeat ik de foarsitter oan mei de fraach oft hy yn ‘t lêste stimpelfakje syn hantekening sette woe. Fansels wie hy my te wille. Sadwaande helle ik precys fiifentweintich jier lyn nota bene de sjournaalbylden. En ik bin oprjocht grutsk dat ik de fiiftjinde Alvestêdetocht folbrocht haw! In barren om te kuozjen omt krupsjes my op dit stuit beheine soks ea nochris te dwaan.

Jannewaris 2022