De olfert fan de bistebuorkerij

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

Op in pleats hjir flakby wennen noch net iens sa hiel lang ferlyn in boer mei syn frou, in hûn, in stikmannich kij en in keppel skiep. It wie maitiid en de lammerij wie hast dien. De skuorre siet grôtfol mei heech- en leechtoanich bletterjend fee. Der wie noch mar ien touke dat lamje moast.

 

Op in pleats fier oer de grins barde it in heale ieu ferlyn dat bargen de macht oernamen fan de boer. Mei stipe fan boppe al … de skiep. Skiep wiene altiten al meigeand bistefolk. Ommers, at der mar ien oer de daam is… Mar se hawwe byleard! Hjoed-de-dei is dat net mear sa. Se doarre foar harren sels op te kommen en hawwe leard har eigen gong te gean. Op dy pleats, hjir yn ús omkriten, hiene se útfûgele hoe’t se it bêste mei de boer oan moasten. Dy boer wie sa goed as in pûde moal, mar ferlosse koe er beslist net. Meastentiids wie der gjin help nedich, mar at it der om spande, waard it skiep op in pak strie útbûn, sjippe de bêste man syn hân oant en mei de earmtakke yn en raamde dan alderûnhuerichst mei syn grutte klau yn it skiep om, dat it gjin aard hie. Sa hat er him oan mennich skiepke fergrepen. Meastal waarden de bisten skeind foar it libben en faaks rekken de lamkes ek noch dea. En at de boer it hielendal net rêde koe, rôp er de feedokter der by. Dy hie him al faak genôch sein dat er earder skilje moast. Der wie foar him dochs ommers gjin ear mear te heljen at alles al ûnder it bloed siet?

 

De skiep hiene dêr ek goed har nocht fan. Dyjinge dy’t lamje moast, hold har de bek. It slagge harren dan sels om te wjerkôgjen at de boer it hok oerseach. En as it der wier om spande, soargen oare skiep derfoar dat de boer ôflaat waard. Lizzend parsje diene se net earder as dat it laam hielendal goed yn ‘e slúting lei. Sadwaande gie it meastentiids goed. Boppedat hie de boer mei skea en skande ek leard. Hy rôp yndie earder de help yn fan de feedokter.

 

No wie der op dit stuit noch ien sa ‘n skytwiis touke dat lamje moast. Al in heale moarn toarke en blêrde se om. Dan wer stean, dan wer lizze. Fan alle kanten wiisden de âldere skiep har terjochte, se moast har net sa oanstelle. Mar alhoewol’t se wist dat alle skiep gelyk hearre te wêzen, wie sy lykwols fan betinken dat guon mear gelyk binne as oaren. En sy wie no sa fier. Sy moast lamje en de hiele wrâld mocht dat witte! Alle warskôgings sloech se yn ‘e wyn. It wurke dwersferkeard want de hiele skuorre rekke oerstjoer. It alderheislikste kabaal miste syn útwurking net. “Dêr hast it gedonder al”, blettere in âlder skiepke doe ‘t de boer om ‘e hoeke kaam.

Ienris op it pak strie bedarre, raasde ‘Skytwiis’ alles bymekoar. En spinfuotsje dat se die! De boer hie hâlden en kearen. “Belje mar gau de fee-arts”, sei er tsjin syn wiif.

It duorre in lytse tweintich minuten, doe kaam der in auto it hiem opriden. De feedokter trof de boerinne yn de skuorre; har man siet frustrearre yn ‘e foarein. Alle skiep wiene stil, allinne in lyts lamke mekkere om har mem. Skytwiis waard yn ‘e hoeke fan it hok dreaun en foarsichtich ûnderút helle. Har laam lei ûnderwilens goed yn ‘e slúting en de fee-arts hoegde allinne mar de beide foarpoatsjes te strekken. Mei de earste de bêste parswee floepte it lamke efter it touke. De dokter lei it foar har memke del en Skytwiis begûn it daliks ôf te lebberjen. Sûnder protesten liet it bist fielle oft der noch ien yn siet. Dat wie net it gefal.

 

“Sis no mar net tsjin jo man dat it sa maklik gong”, sloech de fee-arts de boerinne foar. No, dat hie er likegoed tsjin de bline brânmuorre sizze kinnen. Want doe ‘t de boer foar it ljocht kaam, smiet syn wiif him gelyk foar de fuotten: “Do grutte olfert, dysto der bist! It wie samar klear! De fee-arts hie der gjin wurk fan!” De krinking koe net grutter. De man draaide him om en slofke suver mei syn noas op grûn it hûs wer yn……

It jier derop wiene alle skiep fuort. En Skytwiis? Hat noch wol acht kear earne oars lamme en dat gie acht kear sûnder mankearen en sûnder ienige help.

April 2009