Lolke Kalsbeek, fiifentritich jier feedokter

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

Hoe yn ‘e goedichheid kinne jo it libbenspaad fan in feedokter gearfetsje yn ien ferhaal? Dat bestiet hielendal net! Heechút binne der in pear krinten út de brij te fandeljen. Hokker krinten dan? 

It begûn goed 35 jier lyn mei tongblierspuitsjen yn dizze omkriten. Noch mar krekt it rydbewiis en noch gjin ûnderfining fan ús fak. Beide hat Lolke lykwols yn de rin fan ‘e jierren goed yn ‘e fingers krigen. It fakmanskip fan feedokter sels poerbêst; it autoriden koe somtiden noch wol wat better. At er breinroer hastich is, parkeart er syn wein bygelyks samar by Bouke yn ‘e brijkarre!

Lolke, hikke en tein yn it Grouster Leechlân, kaam hjir nei de stúdzje werom as frijgesel. De keallefokclub en de Redúster merke brochten Jantsje by him; trije sûne bern foelen harren ta. Der sitte gjin opfolgers by. Dat hie it neiteam gau besjoen: it feedoktersbestean is drok. Lolke is teminsten altyd en ivich drok mei ‘de praktyk’. Syn wurk is syn hobby.

Hoe ‘t er yn ‘e omgong is? Hy is goed mei kij, hat er ek ferstân fan. Kin ek bêst mei de measte boeren. De kollega’s? It is mei in maatskip krektlyk as yn in houlik. At der noait argewaasje wêze soe, binne der sufferts yn ‘t spul. En it lytsfee dan? Al hoe ‘t er syn bêst ek docht, it sprekoere is gjin pree foar him. Hûnen en katten, hawar. Mar rap hie er de doaze wer ticht doe ‘t der net in knyn of in marmot út kaam mar in echte slang! “Dy moasto mar dwaan”, seit er dan. Leaver hat er in túnslang yn ‘e hannen of pielt er yn syn frije tiid wat by de sitkûle om.

Ljipaaisykjen is syn grutste passy. Der moat sels syn wurk bytiden foar wike. It sil dreech wurde at er him yn ‘e takomst beheine moat ta de neisoarch allinne.

Krityske noaten hâldt Lolke net sa fan. Wol om se sels te kreakjen, mar net om se te ûndergean. Doe’ t bygelyks in kear it bloedtaapjen út de sturt by in ko net sa goed slagge sei de boer: “It liket wol akupunktuer!” Fuort wie Lolke, en dy boer hat him dy deis nea wer sjoen…

Syn lingte frustrearret him ek wol ris wat. By grutte kij moat in batte, in pak strie of in hiel kninehok, sa giet it ferhaal, wolris útkomst biede om him op hichte te bringen. Meastentiid lykwols kompensearret er mei kennis en kunde en foaral mei de mûle. Dat wurdt wer wat dreger foar in grutter publyk. Dochs wie it op ús boerejûn yn Poppenwier wer fermaaklik at er syn ferhaal docht mei in Simmer 2000-ko op it toaniel, dy’t yn alderhande posysjes maneuvrearre wurdt om ynjeksjetechniken sjen te litten. En al hielendal at er dernei mei in hylaryske utering komt oer it televyzjeprogramma ‘Spuiten en slikken’. Der wie in wrâld en noch wol folle mear foar him iepen gongen, dêr ‘t er sels net iens mei Jantsje oer doarde te praten.

It is foar syn kompanjons wol ris dreech Lolke te folgjen. Wie er doedestiids de grutte promotor fan it rôljen en stekken fan in ko mei in lêbmageferdraaiïng, sûnt er sels ek ris in ko dea hie nei sa‘n aksje, mei dat tsjintwurdich net mear. Of it moat wêze…. en dan belânje wy yn de lytse letterkes fan Lolke syn betingsten. Dat lêbmagestekken fan him is oars in ûnneifolgber ritueel. Fral syn mimyk! Earst al by it hanwaskjen mar letter ek seker net minder by dat eksplosive stekken. Freegje de boeren mar nei.

Lolke mei graach op ‘e hichte bliuwe. Hy hat him bytiden al opjûn foar in kursus, foardat de oare trije maten fan it bestean witte. Dat kostet him soms sels in auto. Op Papendal rekke er syn praktykwein kwyt. Mei de hiele mikmak deryn fansels. Eins ek noch in gelok by in ûngemak. Koe er alles ris hielendal nij oanskaffe.

Mear krinten? Dy binne der by ‘t soad. Mar ik wol my noch ta ien beheine. Tsjintwurdich hawwe in protte boeren de badkeamer útwreide oant yn de skuorre. Dy sit dan faaks by de achterdoar. Sa kaam hy ris yn it foarporteal om ‘folk’ te roppen, kaam der net krekt de boerinne ûnder de dûs wei stappen? Lokkich hie se al in broekje oan, mar mear ek net! Wat Lolke doe sein hat kin ik allinne mar riede. Wol wat er seit at er dat ferhaal wer ris docht; “Godtomme! En se die net iens in handoek foar!”

Op 2 maart is Lolke Kalsbeek sechtich jier wurden. Al 35 jier in besiele bistedokter. Dei en nacht foar hûndert persint ree stean foar de boeren en harren fee. It leafst soe er noch wol 35 jier trochgean wolle…

Maart 2009