Foekje by de Swette
Pyt hie it dan wol gauris oer ‘sosjalisearjen’; no wat dat oanbelanget kinne se d’r hjirre ek wat fan! Ûnderweis by it útlitten kom ik al fan allerhanne soartgenoaten tsjin, mar ik moat my ek troch it byljend folk fan goeie kunde fan Baas en Frou ûnder de sturt begnuve litte. Om by dy kunde te kommen hoege wy net altiten mei de auto; like faak geane wy op wat sy ‘fyts’ neame. Ik kin dêr net op fansels, mar ik wurdt dan yn in karke efter dy fyts treaun. Dêr moast ik ferskuorrend oan wenne. Ik woe d’r it leafst sa gau mooglik wer útwippe, mar dat kin net om’t se my oan de hâlsbân yn dy karre fêst sette. Ik kin dan noch krekt oer de râne hingje en dat doch ik dan ek mar. Yn’t begjin jammere ik derby. Dat sil wol snoad like hawwe, mar wat kin my dat no skele. At soks by dat saneamde ‘sosjalisearjen’ heart dan mei ik bêst myn betinksten hearre litte, fyn ik. Mar by eintsje beslút haw ik my d’r mar by deljûn. It giet eins wol lekker flot en ik sjoch folle mear as yn dy tinte yn’e auto. En se fytse dochs inkeld mei moai waar; want reine, dêr hâld ik net sa fan…
Dizze sneintemoarn giene wy wer ris nei de Swette ta. Der troffen wy in wol hiel bysûnder hearskip mei syn saneamde ‘Frysktalige Hollânske Herder’, Foekje. Neffens Baas is dy Ids op swarte houten skuon de ‘Grutte Keunstner fan Easterwierrum’ en binne syn wurken al roastich ear ‘t se ôf binne. Doe’t wy krekt fan hûs ôfsetten, binne wy noch troch de homeie kaam werfan oan wjerskanten swiere, brúne peallen steane. Dy moat Ids ek makke hawwe. En Foekje hat er ferneamd nei in Fryske hurdrinster fan eartiids der’t wat mei wie. Wol, dizze Foekje kin ek hurd drave. Sy hoecht net mear yn ‘e karre mar rint gewoan njonken de fyts.
Ús treffen gie goed. Se hie net safolle niget oan my. Foekje is in bytsje wreed, sawol yn ‘e omgong as yn ‘e bek. Mar ‘Frysktalich’? Bylje my der net fan. Se blaft en grommelt mear Stedsk. Siz mar Liwwarders, sa‘t âldbaas Pyt dat ek sa moai kin. ‘Heerkes nog an toe, krijstou wel te vrete? Kest wel deur dyn eigen ribben skiete. Soan dunne Labrador hew ik yn myn hele leventsje nog noait sien!’ Ik bin fansels hielendal net meager. Ik haw har efkes flink op it festje spuid dat ik in echte ‘field trial’ bin. Hie se noch nea fan heard fansels! Mar fierder wie se net ferkeard, hear. Bytsje rimpen, net mear en net minder… Har baas hie just wol ôfgryslik niget oan my. Ik mei dy Ids wol lije. Syn keunsten moat ik noch wat oan wenne… Moai mantsje op houten skuon. Klompen binne dat, seit Baas. Soe ik wolris mei omtôgje wolle! Ik wie suver bliid dat ik wer yn ‘e karre mocht, want ik lei nei de kuier bekôf yn it reid mei dat waarme waar.
Augustus 2018