Fakânsje

Menno WiersmaWrafkes

Ik hie al in dei fan tefoaren yn ‘e noas dat d’r wat barre soe. Frou wie tassen oan ‘t ynpakken en narre Baas mei alderhanne fragen wat se al as net meinimme moast. Meastentiids andere hy dat se dat sels betinke koe. Der bedarre allinne iten en boartesguod fan my yn myn eigen hûnetas; de lytsbazen soene op dy … Lees verder »

Foekje by de Swette

Menno WiersmaWrafkes

Pyt hie it dan wol gauris oer ‘sosjalisearjen’; no wat dat oanbelanget kinne se d’r hjirre ek wat fan! Ûnderweis by it útlitten kom ik al fan allerhanne soartgenoaten tsjin, mar ik moat my ek troch it byljend folk fan goeie kunde fan Baas en Frou ûnder de sturt begnuve litte. Om by dy kunde te kommen hoege wy net … Lees verder »

De earste dagen

Menno WiersmaWrafkes

Moarns ier moast ik noch foar’t de sinne opkaam poernoadich pisje. D’r waard gjin sjoege jûn oan myn oppenearjen en doe haw ik it mar njonken myn kourke rinne litten. En net folle letter moast ik ek noch in gruttere boadskjip dwaan… By Pyt leine d’r meastentiids kranten oer de flier en hy romme ús smoargens altiten gewoan op. Hjir … Lees verder »

In nij begjin

Menno WiersmaWrafkes

De woansdei nei Pinkster wiene allinne Abe en ik noch oer fan ús nêst fan seis. Ik fûn it sneu foar Abe mar ik wie bliid dat ík net as âlderlêste ophelle waard troch myn nije baas en syn frou. Ik seach se al fan fierren oankommen en hie daliks troch dat ik no oan bar wie en sa sette … Lees verder »

De nêsttiid

Menno WiersmaWrafkes

Myn namme is Afke. Folút ‘Afke fan it Fryske Wetterlân’. Berne yn it Ljouwerter Âldlân op 1 april fan dit jier en dat is gjin grapke. Ik bin d’r ien fan seis; ik haw fiif bruorren. Harren nammen binne ek like Frysk as dy fan my. Wy binne lykwols net fan it Fryske ras mar Labradors fan it jachttype. Ús … Lees verder »