Afke’s Tsiental

Menno WiersmaWrafkes

At baas moarns fan ‘t bêd ôf komt, lit hy my alderearst troch de efterdoar yn ’e tún. Ik mei dan nei it pisjen stomme graach efkes oer it fjild dikerje. Meastentiids bart der net safolle bysûnders, mar op Himelfeartsdei hat de einewrâld my ferbjustere.

Midden yn ’e fiver hat baas fan ‘t maitiid in nagelnije einekoer pleatst, rjocht tsjinoer it stalt. Ik hie wol fernommen dat dêr al in pear wiken in ein yn húsmanne. Krekt dy moarns kaam sy mei har neiteam foar ‘t ljocht. D’r wie al ien pyk yn ‘t wetter en it memke mar kweakje om de folgende nei ûnderen te trúnjen. Ik seach de pykjes wifeljen oft se dy lytse himelfeart oandoarden. Hoe tapaslik op dizze dei! Dochs lang om let plompte de iene nei de oare it wetter yn: ….acht, njoggen en sels nûmer tsien rûgele d’r doe samar hommels yn dûkflecht efteroan. It hiele spul begûn daliks nei michjes te happen yn ‘t reid. No, wat in aardichheid!

Mar dan komme der ynienen twa jerken op it aljemint. Se skeare fanút de flecht de fiver yn en sette daliks op it eintsje ta. Der binne al tefolle jerken en dy wolle mar yn ding: oer in ein hinne fansels! It eintsje sjocht it swurk driuwen en ferdwynt as in skeet wer werom yn ‘e koer. De beide jerken sjogge ferbjustere om harren hinne en de pykjes driuwe as in benaude kloft deun tsjin elkoar ûnder de koer om. Dat duorret noch gjin minút en dan komme de beide markols foar ‘t ljocht. Sy hawwe noch gjin twa meter fan de einekoer ôf in nêst yn de reiden en binne lyk as alle poepen ferskuorrend territoriaal. Se hawwe it net op al dy pykjes stean en begjinne wakker yn de kliber om te pjukken! It lytse guod wit sa gau net wer‘t it hinne stowe moat en guon dûke fan de weromstuit mar ûnder wetter. Dan komt mem wer út de koer op dit wrede gedoch ôf. Ien fan de jerken snipt syn kâns en dûkt boppe-op har. Se ferdwynt mei de kop alhiel ûnder wetter! Wat in nuvere en fiersten te iere foarljochtingsaksje foar dy earme pykjes! Wat moatte dy hjir no yn ‘e goedichheid wol net fan fine? Ik wit eins ek net wer ‘t ik it earst en lêst sjen moat mar by eintsjebeslút sit it memke harsels eptich te poetsen en mei acht piken op de wâl te bekommen. Twa binne der dus dan al sneuvele en nei de fûgelhimel fearn…

Eigenaardige fûgels hear, dy einen. Ik soe sels letter ek wol graach ris pykjes hawwe wolle, mar ik wit noch net rjocht hoe’t soks giet. Ik moat der eins net oan tinke dat ik fjouwer wike lang yn in koer sitte moat te brieden. Dat liket my op fleanen…

© Afke fan it Fryske Wetterlân

Maaie 2021