Bûsjild

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

Koartlyn moast ik sels op ‘e snijbank. My waard deselde ridel ôfdraaid dy’t ik ek altyd doch at ik mei eigners in operaasje-ôfspraak meitsje foar harren bist. Ik mocht de jûns derfoar nei achten net mear ite en dyselde deis ek gjin drinken mear nimme.

 

Moarns om acht oere moast ik my melde by de opnamebaly fan de polyklinyk en ‘k soe dan al rillegau holpen wurde. Ik waard troch myn frou nei ‘t sikehûs brocht om’t it net hielendal wis wie oft ik dy middeis sels wol wer thús komme koe mei de auto.

Nei in koart skoftke yn ‘e wachtkeamer waard ik oproppen. Ik moast my yn in lyts keamerke hielendal útklaaie en krige dêr in fierstente koart steryl operaasjehesje oan. Dernei helle in sjarmante suster my de tariedingsromte yn en waard ik op in heech bêd dirigearre. Efkes letter kaam ik mei de sjirurch yn ‘e kunde. Hy harke út ‘e flecht wei nei myn hert en longen en joech dernei de narkotiseur it konsynje om my in spuit yn ‘e kont te jaan.

Wylst in soarte fan wurgens my al gau oerfoel, ferkundige de ferpleechster my alfêst fjirder ree te meitsjen. Sy begûn sekuer myn spultsje te plôkjen as wie se in krielhin oant slachtsjen. Har epilearjen die my alderûnhuerichste sear. En ik lei dêr al sa nuver neaken en bleat foar de suster! Alhoewol ‘t ik net hielendal mear by sûpe en stút wie, koe ik noch krekt oan har freegje oft skeare net better wie. “Nee, dit giet folle makliker”,  fûn se. Dernei pakte sy in flesse spiritus en in dot watten en begûn rij myn skroatum te ûntsmetten. Ik huvere oant yn myn lytse teanen. Itselde ritueel werhelle him mei joadium. Doe waard ik nei de OK riden en dêr kaam de sjirurch wer op it aljemint, wapene mei in skalpel. Gewoan yn spikerbroek! En net iens sterile wanten oan, gjin mûlekapke foar of mûtse op. Hy miende dat ik al hielendal ûnder seil wie en kundige monter oan dat hy ‘dit skiep wol eventsjes waskje soe’, en ik bin der sa goed as wis fan dat er sei dat er dit hearskip fan syn ‘bûsjild’ ôfhelpe woe.

Dêrnei gie it dat it slydjage. Hy pakte myn iene kloat tusken tomme en wiisfinger, snie myn sek oer de bal hinne yn en knypte de hiele testikel troch it gat nei bûten ta. Doe splitste er it siedstring fan ‘t bloedfet en knope die twa oan mekoar. Op it momint dat hy it mes wer pakte om de helte fan myn genetyske foarrie derôf te fykjen, joech ik in gjalp dy ‘t eltsenien yn  ‘e OK troch ieren en sinen gong. Wie er no hielendal besoademitere?!? Myn rie te’n ein seach ik rjocht yn de synyske eagen fan dy spytgnyskjende ‘sjirurch’.

 

Dweiltrochwiet fan ‘t swit waard ik wekker yn ‘e útsliepseal. Ferstuivere frege de pasjint dy ‘t neist my lei wat my yn ‘e goedichheid mankearde. Ik grypte nei myn krús. Fansels foel my in stien fan it hert doe ‘t it hiele spul der noch like te sitten, mar ‘t wie krekt oft ik in oar yn ‘t krús taaste. Wat de lokaasje oanbelange moast dy swaffel wol by my heare, mar ik fielde it net! Ûnderwilens kaam de suster ek ferheard oandraven. ‘Och, in alderheislikst aaklike dream’, of sokssawat moat ik andere hawwe. Ik die myn eagen wer ticht en ynienen foel alles op syn plak. Ik hie krekt in ‘kijkoperaasje’ oan myn knibbel ûndergien. Rêchprik hân en it hiele barren op it skerm folgje kind. No lei ik by te kommen en sûnder mis wie ik eefkes yn ‘e slom rekke.

De fearten yn it lân fan de dreamen binne wier net te bedjipjen. Al prakkesearjend realisearre ik my dat dy operateur yn myn boaze slomkemerje alles presys sa die sa ‘t ik sels in boarre kastrear. Sels alle tariedings wiene krektlyk. Mar ik wit ynienen wer hiel klear: sterilisaasje? Noait ien krolhier yn myn skamte dy ‘t deroer prakketinkt, ik fertrou dy snijhearen foar gjin sint!

 

Sûnt dy tiid krij ik nuveraardige assosjaasjes at ús jonges om har bûsjild freegje. Dat begripe se net. Ja letter miskien, as harren dit skriuwen ûnder eagen komt. Noflike bykomstichheid foar de boarren út dizze omkriten is dat ik my sûnt dat penibele momint foarnommen haw se net earder te ûntmanjen foar’t ik seker wit dat se hielendal neat mear fiele.

Bistedokter midden yn it hert fan Fryslân

Jannewaris 2009