De krysthazze
Perfoarst haw ik al lang en breed yn ‘e rekken dat der eat bysûnders yn ‘e loft hinget. Soks bespeur ik daliks oan alderhande maneuvels. Yn it foarste plak komt it kofjeapparaat mei de waarmhâldkanne út de kelder nei de koken. Dat is fêste prik foar eltse jachthûnetraining mei Frou. Faaks hat sy dan sels har ‘bûtendoar-ornaat’ al oan. In aldendeiske wurkbroek en benammen yn dizze tiid fan’t jier is se foaral lekker waarm oankleid. It flutterjurkje dat Frou no lykwols oan hat strykt dêrmei as âlde hoassokken. Ik begryp der neat fan! Mar rillegau komme de pipen út de sek: “Giet Afke hjoed mei de baas mei?” Fansels giet Afke mei Baas mei! Ik strûs efter him oan nei de auto ta en wip yn ‘e kofferbak fan syn nije bistedokterwein dy’t gjin gelûd makket. Nei in tút swaait Frou ús út en ropt se Baas nei dat er foarsichtich wêze moat. “Jawis!”, andert er. Wat in ferrassing, it sil my benije wat der no barre sil!
Baas sjongt of fluitet ûnderweis altiten lûd mei de kabaalboks mei. Dat docht my suver sear oan myn earflappen, mar ik hâld my goed. Ik lit it oer my hinne komme en jou mysels del op myn hûnekessen. Nei in skoftke stoppet it fokaal, beweegt de auto net mear en binne we blykber teplak. At ik oerein kom sjoch ik dat wy by in grut fjild oankommen binne. Neffens my bin ik hjir noch nea earder west. Der steane in stikmannich fan dy ûnbidige weinen sa’t âldbaas Pyt ek hat. Ferduld noch en ta, it mist my net dat er dêr omspaant. Mar dan is ús mem der faaks ek! Ik reitsje optein en begjin útwrydsk mei myn kwispel te giseljen. Yntusken docht Baas de efterflapdoar iepen en mei ik derút wippe. Ja hear! Ik begroetsje daliks âldbaas Pyt en ús mem fansels. Mar och heden noch en ta! Myn fiif bruorren Abe, Epke, Foppe, Hylke en Gurbe binne der allegearre ek. Wat in feest! Wat in geweldich famyljebarren! Gysten rauze wy troch it fjild om inoar hinne. Baas en alle nybazen litte ús balstjurrich úttjirgje, oan’t wy troch âldbaas Pyt ta de oarder roppen wurde. “Ties, sit!” “Oskar, hjir!” Ties? Oskar? No wist ik wol dat Abe en ik de iennichsten wiene dy’t harren eigen namme holden hawwe, mar wat klinkt dit stom! Wat alderûnbidichst stom… Mar hokker rook krij ik no ynienen yn myn noasters?
“Jimme binne let, wy binne alfêst begûn”, hear ik âldbaas Pyt sizzen. En dan sjoch ik se lizzen. Ik wol der wol daliks hinne te gnuven, mar dat kin net omt Baas my oan ‘e line dien hat. Ik moat my raar fersinne at dêr net wol tsien hazzen dea op in rige lizze. “Yn it bitefjild fierderop moatte noch wol mear sitte. Wolsto dyn eigen krysthazze sjitte?”, hear ik âldbaas Pyt freegjen. “Ik bin net fan’t sjitten”, andert Baas. “Nee, do wolst se wer better meitsje fansels”, laket myn âldbaas, en hy triuwt Baas sa’n sjitpiip yn ‘e hannen. Om ús hinne wurdt in bytsje bedimme gnyske. Dan sette wy mei-ienoar ôf nei it bitefjild ta. Ik drobbelje stiif neist myn krebintige baas mei.
Op in brede rige strúne wy meielkoar troch de biten. Ik bin de alderearste dy’t in hazze yn de noasters kriget. Dít is myn kâns! Fan Frou mei it net, mar no is’t de bedoeling dochs just! Handich strûp ik út de line wei en set ik de sokken der yn it fjild troch. De hazze sjocht my oankommen en betinkt him gjin momint. As in streep fleane wy efter elkoar sigesaagjend troch de biten. Ik hear it razen en tjirgjen efter my wol, mar ik lit my dy hazze dit kear wier net ûntkomme. Dan hear ik in lûde knal en fuortendaliks fiel ik in fjoerskerpe pine yn myn lofter bil. Ik jou in ôfgryslike gjalp en lit my langút falle yn de biteblêden. Ûnhuerich, wat docht dat sear…
“Och, och, wat bisto dochs in leaf hûntsje. Wat leisto dêr no lekker langút. Ien en al ûntspanning sa op ‘e rêch. Mei al dy knuffels om dy hinne.” Ik slach myn eagen op en knipperje der tagelyk mei. “ Wêr soe se fan dreame? Poeskes?” O, wat deale! Myn leave santjin! Yn ferheardens rek ik mysels út en doch in sucht fan ferromming wylst de beide lytsbazen laitsjend njonken myn hûnekoer sitte en my oer myn búkje tyskje. Dan sjoch ik Baas oan tafel sitten en hy spytgnysket nei my: “Ik tink dat se wer oer haskes dreamd hat.” Op dat stuit wol ik him wol yn syn dôve earen blaffe: “Do grutte olfert, do hast my yn ‘e kont sketten!”
Afke fan it Fryske Wetterlân
Ik winskje alle baaskes en harren lytsfee noflike Krystdagen en boppe-al in sûn nijjier!
Desimber 2020