De nachtmerje fan Afke

Menno WiersmaWrafkes

‘Och mokkeltsje, dreamsto al fan dy hetsige wâldrikel?’, en wylst waard ik oer myn lyfke tyske. Ferheard skrok ik wekker en seach ik út myn koer wei Baas rjocht yn ‘e eagen. ‘Of gie it dochs wer oer haskes?’, liet hy derop folgje. No nee, hy moast ris witte hokker nachtmerje ik hie! Hyltyd wer oer dat spul begjinne, blaf my der net fan! Fan ‘e middei lykwols noch. Baas liet my oer de dyk út en yn ‘t lân fan de buorman fleagen twa hazzen efter elkoar oan en dat draaide út op joeien. ‘No moatst efkes goed sjen, Afke!’, siet Baas my op te stoken. No haw ik altyd niget oan dy hurddravers, mar sok ôfwaaid praat hy ik net fan him ferwachte! Hawar, ik bin al twa wike sa loopsk as in teef, mar dêr rin ik abslút net mei te keap. Ik floei fansels, mar dat is lykwols hiel behindich. Boppedat behimmelje ik mysels goed mei de beklape sadat se mar amper wat yn ‘e hûs fine. Dochs wiene Frou en Baas der wol gâns op fiksearre. Sy wolle stomme graach pupkes by my. No haw ik my sels ek wolris útere oer ‘pykjes’ te prakkesearjen, mar ‘k seach noch wol wat apen en bearen op it paad dêrhinne. Hoe yn de goedichheid moat soks? No, dy lêste nachtmerje hat my wol goed út myn ‘dream’ weihelle…

Frou en Baas hawwe al hiel wat mei my útheefd. Hja hiene my yn allerhande bochten ûnder in grut kabaalapparaat lein foar ‘bonkerakplaatsjes’ sa’t sy dat neamden. En eartiids bin ik ek by de eachjedokter west foar ûndersiken en Baas hat de ier yn myn foarpoat benei lek prikt om te sjen oft ik wol sûn bin. Fansels bin ik dat! En de ôfrûne wike hiene se al trije kear wer bloed prikt om te sjen hokker momint ik it bêste nei dy ‘wâldrikel’ ta koe. Ik wie der wol klear mei…

En op dy bewuste jûn wie ‘t blykber safier. Dus ik mei yn harren wein en meielkoar op nei Sven. Wie ‘k al pear kear mei yn ‘e kunde west by tiden fan jachttrainings en ik moat blaffe dat ik dy linige apporteur bot graach lije mei. Dit kear giene wy lykwols  net nei ‘t bosk ta, mar gewoan by him thús yn ‘e tún. No, om in wiidwreidich ferhaal koart te meitsjen: wy hawwe oardel oere meielkoar omgisele en boarte, mar ik haw him net op myn krús talitten. Nei withoefolle bakjes kofje sei Baas dat it moai west wie en setten wy wer ôf op nei hûs ta. ‘Moarn nochris besykje?’, hearde ik by de efterdoar freegjen. No, sa.

Dy oare deis wy dêr nochris hinne. Earst mochten Sven en ik wer in pypfol omtyskje, mar doe hat Baas my goed tasprutsen en begûn hy my mei beet te hâlden. No, dat fleach my suver oan! En doe’t ik úteinlik fielde dat myn frutsel beroerd waard, haw ik in pear ôfgryslike gjalpen jûn. Ik haw wrachtich gûld as in lyts wolfke! ‘Dit wurdt neat en sa moatte wy net wolle’, hearde ik sizzen. Myn leave santjin, wat begrutte it my foar dy wâldrikel! Hy stie der alderôfgryslikste helpleas by, dy siel. It lei ‘m ek wier net oan him. Mar wat wie ik bliid dat ik wer mei yn ‘e wein nei hûs ta mocht…

Der is wat ôf eamele nei dy tiid. En Frou hat ek wier wol in trientsje litten. Mar ik hearde Frou en Baas tsjin inoar sizzen dat se de lju mar rabbelje litte moasten. En dat se grutsk op harren lytse wyfke binne en bleaunen. ‘In hûn heart baas oer har eigen lyfke te wêzen.’ No, better hie ‘k sels soks net blaffe kind!

Dy nacht kamen yn myn dreamen opnij piken út dy einekûr foar ‘t ljocht. En seach ik dy jerke him wer oan dat eintsje fergripen. Doe wist ik dat ik it by eintsjebeslút by de rjochte ein hie.

Oan de oare kant, ik kin wer lekker mei Frou te trainen. En dat doch ik it alderleafst! Boppedat wit Frou no dat se my net mear mei alle fjouwer poatsjes fan de grûn hoecht op te tillen at ik loopsk bin en d’r komt hommels in rikel op my ôf stowen…

Febrewaris 2022