‘Hinnehokje?’

Menno WiersmaWrafkes

Ik hoech der net omhinne te blaffen, it wie okkerdeis sljochtwei nuveraardich. Op in moarntiid, in pear wike ferlyn, kaam Baas lyk as altyd as earste ûnder. Gewoanwei  lit hy my dan troch de bykeuken daliks efkes bûtendoar yn ‘t waar omsneupe en giet er de itenstafel foar Frou en himsels reemeitsjen. Dêrnei ropt hy my nei binnen ta en krij ik myn brochje. Dy kear krige ik mar ien brokje! ‘Ientsje, foar de priuw!’ lake Baas. ‘Mear meisto fanmoarn net ha!’ Sels gongen hy en Frou wol lekker brea-iten! Ik siet harren wakker oan te sjen mei myn weake kikers en myn sneuste snút; it holp hielendal neat …

Doe’t sy harren iten efter de kieskes hiene waard ik wol koart útlitten en dêrnei setten wy meielkoar ôf mei de bistedokterwein. In koart ritsje lykwols, dat ús brocht nei ‘t âlde wurkplak fan Baas. Wie ‘k in pear moanne ferlyn ommers ek noch west foar bloedprikkerij mei dat gesoademiter fan myn frutselfloed. Grommelje my der net fan! Binnendoar sette Baas my wer op dy hege tafel en begûn my it hier fan myn foarpoat te knippen. Lyk as doe. Baas lake net mear mar seach o sa earnstich. Frou like sels wol in bytsje senuweftich. ‘Afke giet no efkes koesen’, spruts Baas my ta. Hy fage it keale plak op myn poat mei in ôfgryslik stjonkend lapke ôf en prikte my yn myn bloedier. Ik begrypte der neat fan mar al rillegau waard ik ferskuorrend dwyl yn ‘e kop. En fan wat dêrnei barde wit ik folslein neat mear …

Ik waard wekker op myn fertroulike hûnekleedsje en seach Frou langút njonken my oer de flier lizzen. Noch stees wienen wy wer’t Baas eartiids wurke en Frou lei my suver oerdreaun yn ‘e nekke te kardzjen. Wylst spruts se my sêft en leafdefol ta. ‘Wekker wurde, Afke!’ hearde ik Baas roppen. Dat woe ‘k wol, mar ik koe hielendal neat; ik fielde my sa slop as in lege pûde brokjes! Hiel stadichoan kaam ik in bytsje by sûpe en stút. Baas liet him njonken my yn ‘e hoksen sakje en begûn in stom ferhaal dat hy myn ‘hinnehokje’ fuorthelle hie en dat er in ‘nij ritske’ yn myn liifke setten hie. Ik begrypte der wier neat fan! Myn keale búkje tûkele wol wat, mar pine hie’k alhiel net. Wol fielde ‘k my mislik en beroerd. Omt se sa snoad leaf dienen haw ik mar wat wifelsturte …

Wer thús mocht ik wol twa (no, no!) brokjes fan Baas ha. Poer tsjin ’t sin fan Frou. En hja hie gelyk, want ik koarre se gjin oere letter wer út. Noch dyselde middeis brocht Baas Frou fuort. Har eagen moasten ‘omheech lutsen’ wurde, hearde ik. Koe moai tagelyk mei myn ‘nije rits’, omt we no dochs in skoftsje net jachttraine koenen, seinen se.

In lyts wike letter wie ‘k wer de âlde Afke. ‘k Hie al wer folle earder yn ‘e feart sitten as fan Frou mocht, mar dat wie har ûntkaam. Ik tink dat se dat net oankommen sjoen hie omt har eagen alle kleuren fan de reinbôge trochskimerje litten hawwe. Boppedat rûn se de hiele dei mei de sinneglêzen op. Mar at se dy efkes ôfsette, seach ik oan de iene kant in grutte groede. Dêr waard bot oer rabbe en ik hearde sizzen dat bistedokters folle sekuerder binne as minskedokters. Gjin idee wer’t se op doelden; myn búkje is yn elts gefal sa glêd as in ikeltsje en rekket alwer kreas begroeid.

Fan ’e moarn siet ik eventsjes oer de dyk te dikerjen nei de hinnen fan de oerbuorlju. Se skarrelen mei nocht om harren hok hinne. Doe skeat my ynienen it ôfwaaid praat fan Baas wer yn ‘t sin. Ik haw my de kop brutsen oer dat ‘hinnehokje’, mar ik kin my yn alle goedichheid net begripe wat hy dêr no mei bedoeld hat …

Juny 2022