In poatebinerke derby

Menno WiersmaWrafkes

Al wol langer hie ik der praat fan heard, mar in skoftke lyn wie it dan safier. Hjoeddeis spaant der hjir in lytse soartgenoat fan my om hûs en hear. No is der wolris faker in útfanhûzer, mar ik hâld der perfoarst rekken mei dat dizze net mear fuort giet. Sadwaande haw ik nei twa dagen fan har negearen der mar oan tajûn. ‘Eefje’ neame se har en se blaft spitigernôch wat nuvertalich en in bytsje eigenwiis. Hawar, sa slim is dat no ek wer net. Lokkich nimt se rap de krekte toan fan my oan. En it falt my net ôf hoe skjin oft sy al is. Dochs barden der yn it begjin wolris ‘ûngemakjes’ en dan moast ik goed útsjen wêr’t ik myn poaten delsette soe om’t ik oars betiden it hiele hûs troch printe. Tsjintwurdich docht se alles yn de tún; de stront moat Baas lykwols daliks opromje om’t se dy oars sels wer opfret. De lytse fiislak moat alsa noch in protte leard wurde …

Yn de keamer is der in grut plak tusken skieppestekjes foar har ornearre, lykas by my doe’t ik hjir alwer hast seis jier ferlyn kaam. Noflik dat se sa no en dan efkes opsluten wurde kin, oars hinget dy dogeneat my de hiele dei oan de hals! No moat ik earlik blaffe dat ik yntusken ferdraaid graach efkes mei har hûntheie mei, mar net de hiele dei troch! En alhiel net at ik sels mei Frou te trainen of, noch moaier, nei in hûnekriich west haw, dan haw ik myn nocht fansels.

In protte dinkjes út myn eigen puppetiid komme my ek wer yn ‘t sin. Do skuorst dy betiden de wangpûdsjes út. Bygelyks dat fan it kattelûkje. As pup kinsto dêr moai trochhinne strûpe. Mar dy lytse fretpûde yt as in wolfke en groeit as koal. Op in stuit komt my der dochs in gjalp út de bykeuken! Ik en Baas der fuortdaliks hinne. En ja hear, dêr siet dy lytse aap, smoarfêst! It like wol in drege keallerij om har der dochs noch troch te wrotten. Mar goed, se wit dat dát net mear kin. Dy lytse smycht kin no lykwols noch wol o sa skarlúnsk troch it lûkje koekeloere …

It is in grutte binde yn hûs; rûnom lizze boartersguodbisten, touklossen en heal ôfkôge gnaustêven. Dy lytse poarre tôget mei al dat spul de hiele keamer troch. Hast alle wiken komme de lytsbazen of Frou ek nochris mei nij guod oansetten; do wurdst der suver mâl fan! Alle jûnen romje se dy brot op yn in grutte koer en dat lytse ding skuort oerdei de hiele saak wer oer de kop. No kin ik dat wol gewurde litte, mar it like my better om dan mar gewoan mei te dwaan. Sadwaande tôgje wy tegearre wat ôf. Tsiere dogge wy net, wy rauze wol efterinoar troch de keamer at de iene mei de oare syn favorite boartersguod útnaait. Baas fynt dat goed en hat der sels niget oan. Salang’t wy mar neat ferniele fansels. Oant no ta is dat net bard, útsein at dy poatsjebiner de plint oansjocht foar in gnaubonke, dan krijt se op har soademiterke.

It is mar goed dat Baas net mear wurket, hy en Frou ha tegearre in deitaak oan ús beide. Moarns wurde wy los fan mekoar útlitten om’t dat lytse ding my oars hieltyd yn it fel of oan de earflappen hinget. Wat dat oanbelanget hat se my it ôfsnauwen wol leard. Dat die ik earder nea, mar jo moatte wol! In snuter op syn tiid blykt fertuten te dwaan; ik moat myn grinzen oanjaan. Wier, oars hâld ik gjin kwispel oer.

Ik bin net oergeunstich oanlein, mar ik fyn it wolris dreech dat dy lytse flarde safolle oandacht freget en ek kriget. It kopke fan in pup eaget altiten oandwaanlik en dat makket minsken sûnder mis weak. Begryp my goed, sels kom ik wier neat tekoart. Sa komt der bygelyks in protte hûnefolk oer de flier om in saneamd puppeslokje en dat nimt lokkich foar my ek faaks eat mei. Hiel attint. Dochs fielt it in bytsje dat de earste dummy net mear foar my opsmiten wurdt en dat myn baaskes net sa bot hinkje om myn seare poat. Oan de oare kant, koartlyn wie de lytse droktemakker yn ‘e skiterij. It wie suver stil yn hûs, sa’n pine yn ‘t liif hie it lytse skytmerakel. Dat begrutte my ek wer ta de teannen út. Baas hat har lokkich gau wer better makke en no rauze wy wer tegearre troch de tún. Doe haw ik besletten dat wy eins in moai span binne. Dat hear ik minsken ek sizzen at wy sa no en dan mei syn fjouweren troch it doarp omspane. Dêrom sil ik wakker myn bêst dwaan om dat donderstientsje de knepen fan it apportearjen by te bringen. Krekt salang dat alle jagers op de kriich kjel wurde at sy sjogge dat Afke en Eefje op de list steane. Se binne warskôge! Sa, ik haw myn wrafke bile.

Afke fan it Fryske Wetterlân, hûn fan de bistedokter en syn Frou