Jongereinsoarch

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

D’r giet noch wolris wat ûnbidich mis yn de soarch foar de jongerein. De grize giet jin somtiden oer de grouwe at jo de skrinende ferhalen yn ‘e krante lêze. Foarbylden by de rûs! It is absolút net ferwûnderlik dat it jongfolk ferskuorrend ûntspoart at jo sjogge hoe’t bern betiden oan harren lot oerlitten wurde. Oan de oare kant fernuvert it my hoe merakels fleksibel de jeugd ek wer wêze kin. Dat se wis en wrachtich wer op it rjochte paad komme kinne nei in dramatysk trauma. Hoe sit soks by bisten? In frappant foarbyld út ús eigen keppeltsje skiep.

De measte skiep hiene al lamme, doe’t it swarte touke ek sa fier wie. In skiepke der’t ik doel by hie, omt se in neikommeling is fan ús alderearste Swartblês, de âlde Betty. It mei dan in healbloedsje sûnder bleske wêze, se hat lykwols it eigenwize aard fan har memme kant. Sa die bliken. Moarns betiid, it wie noch tsjuster, setten de fleagen troch en rêde se harsels. In grou wyt laam. Dêr wie se al drok mei dwaande droech te himmeljen en it kopke stuts al omheech doe’t ik it spul oantrof. Moai! Gau yn in hokje dermei en efkes foar de wissichheid fielle oft d’r net noch ien oankomt. Jawis! Ik helle noch in lyts swart eike foar ’t ljocht en lei dat njonken har wite broer. It like allegearre prima en it memke ûntferme har slikjendewei oer beide lamkes.

De oare moarns lei de wite raam fol sopen by syn mem, mar it swarte dinkje raasde omraak yn de oare hoeke fan ’t hok. Hoe’t it lamke it ek besocht te sûpen, by eltse loop nei ’t jaar krige se in oplawibus mei de kop fan har mem. Nuver! In swart skiep dat har eigen swarte laam diskriminearret? Ik sette it touke op har kont del en liet it swarte eike drinke. Se hie ferskuorrend toast en sobbe dat it in aard hie. Yn soksoarte fan sitewaasjes brûk ik altiten ús hûn. Dus Afke derby yn ’t hok. Dan nimme skiep in laam faaks yn beskerming. No, dat holp krekt neat! Us skiep binne Afke ûnderwilens wol wend en sadwaande stiene se alle trije wakker nijsgjirrich de hûn te begnuven en Afke wifelsturte oerdreaun wer werom …

Dan mar ‘t touke fêsthâlde en ‘t lamke drinke litte, oanhâlde as storein en sjen wa’t it earst belies jout. Nei twa dagen woe ’t swarte laam ynienen net mear sûpe at ik yn ’t hok kaam. It seach d’r ek net súterich út en dus haw ik it spul stikem yn eagenskou naam. Wol ferdraaid noch oan ta!  At it wite laam drinke woe, skeat it swarte ek hurd op har mem ta en treau har grutte broer nei it oare oer. Stiene se tegearre oan deselde kant te sûpen en mei de sturt te giseljen. It wite laam hyltyd foaroan en mem liet it ta omt se rûkte oan de sturt dat de ‘goeie’ oan har jaar siet. Wat in goochemerts! It ienichste neidiel, de wite waard ôfgryslik smoarch, omt hy op knibbeltsjes altiten ûnder mem troch nei it oare oer rikke moast …

Ik frege my wol ôf hoe’t it komme soe at mem mei har spantsje nei bûten gong. No, dat wie in dei raze fansels, omt it swartsje earst stees har mem kwyt wie en dy it op har beurt ferpofte om lûd werom te jaan. Mar ek dêr rekke it laam al rillegau op ôfjage. Deunby har grutte broer bliuwe! Goed seis wike letter is de hiele ritus noch wakker gelyk: de pyntere swarte wachtet oant har broer drinke wol en sûpt dan mei. En se groeie beide as koal!

Ik wol de proef op de som nimme en bin wisberet om it eike oan te hâlden. En dan bin ik ferskuorrend benijd hokker mem sy sels letter wurde sil. Of soe soks neiskaaie? Wurdt ferfolge!

Juny 2023