Krityk
‘Was dat nou nodig?’ It is alwer goed fyftjin jier lyn, mar ik wit it noch sekuer. It wie moarns yn it telefoanysk sprekoere op de praktyk yn Grou. Ik luts myn wynbrauwen op en wist efkes net wer’t it oer gie. ‘Ik lees jouw stukjes altijd en ik moet zeggen dat ik ze niet allemaal even goed vind, hoor’, ferfolge it minske oan de oare kant fan de line om’t it efkes stilfoel. Doe skeat my ynienen yn it sin wêr’t sy nei alle gedachten op doelde. Myn stikjes ferskynden yn de ferskate doarpskranten rûnom yn it hert fan ús provinsje en ik wist net hokker stik wannear yn watfoar krantsje presys pleatst waard. Ik hie al moannen lyn in bistedokter skreaun oer kommunikaasje mei bisten ûnder de titel Dokter Dolittle. Wat dy dokter en Eddy Murphy yn de film mei deselde namme sa goed kinne, pretindearje ík abslút nèt. Om fan ‘flústerpraktiken’ hielendal mar te swijen. Ik moast it sadwaande altiten dwaan mei it ynkleure petear fan de baaskes en myn eigen ûndersikings. Blykber stie dát ferhaal op dat stuit yn de Kommune fan Warten.
De piskiker
Ik moat earlik sizze dat ik ornaris foar myn ferhalen tastimming frege fan de baaskes oft ik eat publisearje mocht. Earlik sein binne (dêrtroch?) de argewaasjes oer myn ‘bistedokters’ allikewol op de fingers fan ien hân te tellen. Mar yn dit gefal hie ik yndied gjin permisje frege … De frou yn kwestje kaam yn dy snoarje mei har suster oates en toates mei harren reukes, twa sneue bruorkes fan in dwerchras, by my op it sprekoere. Sneue? Wol, beide hûntsjes hiene om bar allerhanne krupsjes. Sa waarden se bot yn har manlikheid oantaast; de iene krige in kyste yn syn bal, de oare in syklik swolm. Alsa moasten de beide hearkes ien foar ien harren bûsjild ynleverje by my. Fierder mankearen se fan alles: fan sûkersykte oant allergy, hernia, hertkwaal, de pis net ophâlde kinne en ek noch faak skiterij derby. No hie ik stees oeral wer medikaasje foar, mar geregeldwei wie it dochs wer yn ‘e hobbel. Troch al dy komplikaasjes rekken we faaks fan de rein yn de drip en somtiden wist ik it ek suver hast net mear. Doe’t ien fan de beide fjouwerpoaterkes ek nochris stadichoan keal waard, tocht ik oan in seldsume hormoanôfwiking en ik sloech foar dat mar net mear te behanneljen. Dêr wiene de beide susters it trouwens folslein mei iens.
Lykwols hiene de dames betocht in piskiker te rieplachtsjen en dy kaam mei de net te belykjen diagnoaze dat it âlde dwerchje fertriet hie. Deaûngelokkich! En dêr hie dy alternative dokter spesjale dripkes foar. Ik hie skreaun dat de bistedokter dêr net safolle mei koe en dat waard my kwea ôf nommen …
De rekken
Krityk op myn behannelwize haw ik fansels ek wol ris krigen. It heucht my fan in âldere hûn mei dizenige klachten. Om bar kamen de baas en de frou mei it bist by my op it sprekoere mei tsjinstridige ferhalen. Ferskate ûndersiken brochten gjin beskied en de rekken rûn mar op en waard net betelle. Doe woene se röntgenûndersyk dwaan en dat ferpofte ik om de skea te beheinen. Stúmsk ferdwûnen de minsken nei de kollega yn de stêd en dy die it wol. Fansels krige ik it op myn brea doe’t dy foto wol útslútsel brocht. Oft dy rekken dêr wol betelle is? Ik soe it net witte …
Spoedklinyk
Kommentaar fan kollega’s haw ik ek wol hân. Bygelyks oangeande de boarre mei it ‘Dolly Partonsyndroom’. Lês mar nei yn myn boek. Fan hiel oare oarder is de Amsterdamske hûn dy’t biten waard. Wat wie it gefal? Op freedtejûn wurdt Nero snipt troch in fûleindige hardershûn yn it Vondelpark. De baaskes op ien ein nei de spoedklinyk. It is der hartstikke drok om’t yn de haadstêd alle krupsjes nei seizen dêr bedarje. Nei goed twa oeren wachtsjen wurdt Nero troch ende wer troch ûndersocht en de kollega fan tsjinst beslút dat it net slim liket en dat Nero sa wer mei nei hûs kin. Ferromme sette de baaskes noch dyselde jûns ôf nei harren wykeinhúske op de Burd yn Grou.
De oare moarns is Nero lang net fit en komt it hiele spul by my op it wykeinsprekoere. De termometer ferriedt hege koarts en op it plak yn syn nekke dêr’t er biten is, is it tsjok en pynlik. Ik jou in prip tsjin de pine en skriuw antibioatika foar. Fansels freegje de baaskes of dit foar te kommen west wie en ik anderje dat ik sels nei alle gedachten juster daliks wat meijûn hie. Ferbjustere rekkenje se ôf en de sneins bellen se dat it gelokkich al wer folle better gie mei Nero.
Noch dyselde wike krige ik in nitelich berjochtsje fan de spoedklinyk. Dat it gjin manier fan dwaan en alhiel net kollegiaal wie sa’t ik my utere hie nei de baaskes fan Nero. Yn it kader fan it hjoeddeiske hammerjen op reduksje fan antibioatikagebrûk hie it ferstannich west net fuortendaliks medikaasje foar te skriuwen, punt út. Dat by in behanneling yn twadde ynstânsje in langere kuer nedich wie, die der blykber net ta. Ik tink trouwens dat de Mokumske baaskes net allinne obsternaat oan de bel lutsen hiene om reden fan tekoart sjitten yn de behanneling; faaks ha se noch folle lilker west dat myn wykeinrekken noch net de helte wie fan dy fan de spoedklinyk …
Sa wurdt mar wer hielendal dúdlik dat at it om sinten giet, it gau krityk wurdt.
Septimber 2024