Krystknyn

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

Piter is de namme, as jo my tasteane. Ik bin ien fan Jehannes fan de Trije Romers. Bin al hiel jong út ‘e hûs rekke, mar myn nije wente wie in boppeslach. In hiel grut striehok, in âld hinnehok, mei útsicht op it westen. Yn de nêstkastkes koe ‘k my weromlûke at dat sa útkaam. Dêr wipte ik doedytiids samar yn. ‘k Wie noch linich, dat hat der tsjintwurdich wol oan.

Myn nije lytsbaas wie wakker wiis mei my. Hy ferneamde my nei de âld boppemaster fan dit doarp, om’t ik krekt sa ‘n búkje hie as hy. En, noch folle wichticher, Lytsbaas ûnderkende myn iensumens en woe my net ferPiterje litte. Sadwaande kaam Loekie derby. Se kaam fan Flânsum. By in boer wei, der’t de bern net goed mear op har pasten. Mar hja hiene Piter goed te fiter! Ik wist noch net iens dat Loekie komme soe, doe’t ik yn in koai op transport set waard troch de heit fan Lytsbaas. Nei Grou, sa die letter bliken. Ik krige in spuit yn myn achterste en fierder haw ik neat mear fernommen. Mar nei ôfrin wie‘k wol myn bûsjild kwyt! En dat neamt himsels ‘bistedokter’… Brek my de kninebek net iepen… Dy hiele aksje hat de Linepraat, de doarpskrante, helle, dat wit ik noch goed. De master fan lytsbaas, myn namgenoat, hie dy hiele dei pine yn ‘e holle. Dy nuteslachter fan my miende dat soks te krijen hie mei in soarte fan hekserij, krektlyk as dat reklamespotsje mei dy Amerikaanske presidint. No, ik hie ‘Apeldoorn’ wol belje wollen om moard en brân te razen, mar dat dogge kninen no ienris net, no? (nijsgjirrich nei dat stikje?)

Doe‘t Loekie dan kaam ha’k it fuortendaliks noch ien kear besocht, mar myn lyts man koe neat mear klear meitsje. De leidinkjes wiene leech. Dochs ha wy in tige noflike tiid hân tegearre. By ‘t simmer mochten we yn in stjelp yn ‘t gers en sa. Dat wie suver fekânsje. Faak sieten wy deun tsjin mekoar oan yn ‘t hok en sa oerlibben we ús earste kryst. Dat dizze famylje harren beheint ta grapkes oer útwrydske fretterijen mei knyn op ‘e spiiskaart waard doe daliks dúdlik. ‘Flappie-tafrielen’ waarden ús sadwaande Godtank besparre. Krektoarsom, wy krije in ekstra woartel of sa op soksoarte fan dagen. En ik seach der al net lijerich út, al sis ik it sels. Ik hie der grif wol klear foar west. Sadwaande hawwe wy tegearre trije kear kryst belibbe. Ik rekkenje altiten yn krystfeesten, myn bertedatum wit ik net iens! Lokkicher as doe haw ik nea wer west. Spitigernôch fielde Loekie dat oars. Sy fûn dat der eat ûntbruts. En bewize kin ik it net fansels, mar ik haw altyd tocht dat it gemis oan in neiteam har siik makke hat. Sy krige in swolm oan ‘e kaak en koe net mear goed ite. Grutbaas hat wakker besocht der wat oan te dwaan, mar sa‘t ik al trochskimerje litten haw, ik achtsje syn kapasiteiten op it mêd fan de genêskunde net sa heech. Lang hat Loekie net lijd. Lytsbaas hie der ferskuorrend fertriet fan. Master frege him op skoalle wat der oan skeelde. Yn trienen die de lytse man ferslach. Wa fan de twa der sneuvele wie, woe myn namgenoat witte. Doe’t er hearde dat it Loekie wie en ik net, andere hy ‘pedagogysk’: “Gelokkich mar.”  Dat ferbjustere Lytsbaas noch folle mear…

Lang ha‘k net allinich west. Der waard in jong ding hielendal út Âldelamer helle. It like wol in punkknyntsje. Sy neamden har Punky. Kuifje fûn ik sels in moaiere namme.

Se wie in bytsje drok. ADHD soe men tsjintwurdich sizze. Eartiids seine wy gewoan dat de heit of mem ek al wat beweechlik wiene. Mar fierders wol leaf, hear. It waard fansels nea wer sa as mei Loekie. Ek mei har oerlibbe ik trije kear kryst. Doe lei se samar op in moarn dea yn ‘t hok. My tinkt dat har hert it bejûn hat, mear falt der net fan te sizzen. Mar goed, dêr siet Piter Knyn wer allinne…

Doe kaam der in trio, twa hampelmannen en in wyfke. Lytsbaas sil wol tocht hawwe, dy Piter oerlibbet alles. Kin de groep mar better wat grutter meitsje. Dy beide mannen mochten fansels wer gjin wille fan harren ponkje hawwe. En in skofke letter kaam der ek noch in Dutsk frommes by. Hiene de pake en beppe fan Lytsbaas meinommen fan fekânsje earne út de Harz wei. In hiel kreas eike, mar in bytsje stiif en sa slûchslim as in motsje. Angela neamde ik har. Meimekoar waarden we sa in lytse koloanje, in kommune sa’t jo wolle, kompleet mei in multykulty tintsje. Hiel nijmoadrich, dêr net fan en ek wol gesellich. Mar Lytsbaas syn ambysjes giene fierder. Der kaam in kloft dowen by ús yn it hok te wenjen en dêr wie’k minder oer te sprekken. Sa bretaal as de boal, man! Dy koerkoppen naaie gewoan mei dyn bôle út ast net oppast. En ast der wat fan seist, skite se dy gewoan op ‘e kop. Ik bin fan hûs út sosjaal en ik haw in grut read hert, mar dêr moast gjin misbrûk fan meitsje, want dan set ik it op in brommen. Dat is ek sa’n bytsje it iennichste lûd dat der út my komt, hear. En ik jou fansels in roffel mei de achterpoaten. Kinst my net lilker krije…!

Ôfrûne simmer ha wy ‘krisis’ yn ‘t hok hân. Ien fan dy beide froulju wie yn har jachterige rite sa ôfgryslik djoeisk, it gong der om wei! Wier, by de kninen om’t ôf. Alle trije rammelers kinne ommers neat mear en dus wiene wy der glêd mei oan. Sy fleach by de muorren op en ús oan. Mysels hat sy in stik út myn ear biten, it bloed siet witwêrsanne. Lytsbaas moast yngripe en hat har in pear wike by ús weiholden. It koe gewoan net oars. Ik krige it gefoel dat ik soks al ris earder meimakke hie. Dat ferrekte yngripen fan minsken yn jins wille en genot; wy hearre baas yn eigen sek te wêzen. Wy fokke wier net altiten as kninen. Ik sjoch mei oergeunst nei dy dowen, der sit hast altyd wol ien of mear fan te brieden. Hawar, it sil no ienris sa wêze moatte.

No is’t hast wer krysttiid. Myn tsiende, by libben en wolwêzen. Tiid foar de libbenskronyk fan in flapear, hie ‘k sa tocht. Ik fiel ommers oan alles dat myn knyntsjedagen hast op binne. Ik bin gjin skaad mear fan eartiids. Kin tsjintwurdich wol mei de oare kninen troch it rip frette. Bin sa goed as blyn, hear hast neat mear en bin sa krebintich as in kroade. Mar der wurdt hjir wakker op my past. Minsken, it liket Leppehiem wol! Lytsbaas soarget foar in poerbêst miel iten en de hampelmannen tinke der goed om dat ik myn gerak krij. At wy it op hawwe, wurd ik yn ‘e watten lein troch de beide eikes. Se fersoargje sels myn facht as it sa útkomt. En at it kâld is, sitte wy alle fiif deun tsjin elkoar oan. Wat wol in âld knyn no noch mear?

En mocht dy âld boppemaster no miene dat er assosjaasjes meitsje moat mei syn eigen foarlân, lit him dan betinke dat it noch net sa min tahâlden is yn Leppehiem. En lit dejinge dy’t it krystmiel mei knyn dwaan moat nochris oan dy âlde flapear tinke. Ik winskje eltsenien in noflike kryst; it soe myn lêste wol ris wêze kinne. Teminsten, as ik het al helje. Piter wie de namme, as jo my tasteane.

Desimber 2012