Lofsankje op it lân fan James Herriot

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

Ofrûne simmer haw ik mei myn sydsulver goed trije wike op fakânsje west nei Ierlân. Dat stie al tiden op it amerlistke en dy prachtige reis brocht ús nei útwrydsk wiidweidige lânskippen, rûge kliffen, nijsgjirrige stêden en folkse kroegen mei noflike minsken. Om nea wer te ferjitten, sa moai. Mar earlik sein moast doe op de weromreis it aldermoaiste noch komme. Eat der’t ik my al hiel lang och sa op ferhûge hie!

Underweis fan Dublin mei it grutte fear werom nei Wales wie ‘t al griemerich waar en dat waard allinne mar slimmer op de seisbaans autodyk tusken Liverpool en Manchester troch nei it noarden ta. Sa’t de Ingelsen sizze ‘reinde it katten en hûnen’ en wy stuiteren loftsridend troch ûnbidige plassen op ‘e dyk fan de iene file yn ‘e oare en skrokken fan alle ûngemakken dy’t wy ûnderweis seagen. Sels kin ik dêr poer min oer om’t soks my in ûnbehaachlik gefoel jout. Wy wiene bliid dat wy efkes foarby Lancaster de M6 sûnder skansearjen ferlitte koenen en it wrachtich drûch begûn te wurden. It lânskip en ek wysels knapten der suver daliks fan op. Dat mocht ek wol om’t wy yntusken rom seis oeren riden hienen oer in stik dat neffens de navigaasje maklik yn trije kinnen hie. Doe’t wy de heuvels fan it Yorkshire Dales National Park efkes letter ynrieden kaam sa no en dan sels de sinne derby. Dit is presys it lânskip dat ik sa goed werken fan de tillefyzjesearje fan de lette jierren santich oer myn Ingelske kollega James Alfred Wight. Fansels is dizze man folle better bekend as skriuwer fan syn ûnderfinings as bistedokter ûnder de ferneamde skûlnamme fan James Herriot.

Ik wol oeral wol efkes stopje en kykjes meitsje, sa moai is it hjirre! At ik dat doch en út ‘e wein stap, hear ik wylpen roppen en sjoch ik ljippen om my hinne wjukkeljen. Opsteapele stiennen muorkes en meänderjende beekjes foarmje in soarte fan postsegellânskip mei rûnom skiep en hjir en dêr kij of in hynder yn de greiden en it jûnsljocht fan de sinne betsjoent dat gehiel folmakke. Ik reitsje folslein út de skroeven en myn kamera klikt oan ien tried wei oant myn oare helte my ta de oarder ropt: ‘Sille wy jûn ek noch earne sliepe?’ Jawis, wy moasten troch nei Askrigg.

At wy dat doarp ynride, stiet lyk tsjinoer de tsjerke mei in markante kantige midsiuwske toer in antike bistedokterswein foar Skeldale House, it pân der’t myn âld-kollega wier syn praktyk holden hat. Hjoeddeis sitte der in oantal apparteminten yn mei romrofte nammen as bygelyks de ‘Tricky Woo Room’, nei ‘t bysûndere rikefroushûntsje dat gauris yn de ferhalen foarby komt. Goed fyftich meter fierderop stap ik de smoarfolle pub fan it White Rose Hotel binnen. Dêr leit sels in hûn langút foar de bar. Ik moat muoite dwaan om yn petear te reitsjen mei de âld baas efter de taap en begryp dat er spitigernôch gjin keamer mear beskikber hat. Mar goed dat wy reservearre hiene!

De oare moarns stap ik ier en betiid fan bêd om it lemieren yn Yorkshire te belibjen. Nei in slachje troch de buorren set ik it fjild yn op ien fan de ûntelbere kuierpaden dwerstroch it lân en meitsje in slach om it doarp. Yn in jisterke rinne trije kij mei nochteren keallen. Ientsje is der noch mar suver krekt en siket mei de kop skean omheech stjittend it bloeiende jaar fan mem. It ûngâns leit noch as in glysterige bringst njonken dit tafriel yn ‘e greide. Ik fernuverje my oer de gastfrijens fan de boeren hjir, de dúdlike paadwizers en it hechte houtwurk fan alle stekjes foar de trochstappen en de brechjes oer de beken. Bûtengewoan! Knyntsjes spatte ferskrokken foar my út harren holtsjes yn, mar de kij dy’t krekt molken yn in lange rige it lân ynstappe litte har perfoarst net troch my fersteure. Wylst de spronkjes fan myn hert my oantrune troch te kuierjen yn de moarnsdage, lûkt myn mage my werom nei ‘t hotel foar in ‘full English breakfast’.

De hiele dei doarmje wy troch de Dales, ride troch ûnmjitlike heidefjilden en genietsje fan prachtige fiersichten. Wy swalkje troch blomrike fjilden, typyske Ingelse plakjes en lâns glinsterjende streamkes dy’t boartlik troch it lânskip slingerje. De tiid fljocht en foardat wy der goed en wol erch yn hawwe sitte wy oan in grouwélich jûnsmiel yn ús hotel. Moarn moatte wy troch nei Newcastle en op de boat werom nei hûs. Ien dei is fierstente koart yn dizze machtich moaie krite! Sadwaande nimme wy it beslút dat we wis en fêst weromkomme. Mar it lit him tinke fan dan in hiele fakânsje lang!        

Augustus 2023