Mei de noas yn ‘e djerre

Menno WiersmaWrafkes

Potferjaneinepyk! Betiden soenen jo dy kwispel fan my d’r wol ôf fykje wolle! Dat kring ferriedt my altiten wer. Foaral yn ’e ûnderwâl, wer’t ik op ’t heden sa graach omsneupe mei. Dan stekt dy plom boppe alles út, al hielendal at ik drok yn aksje bin…

De plom fan myn kwispel yn it blomrike gers fan it Swettepaad

It is alwer in hiel hoart lyn dat ik wat fan mysels rûnblaft haw, mar hjir bin ik ek wer ris: Afke fan it Fryske Wetterlân. Net dat d’r neat bard is de ôfrûne tiid. Och heden noch ta, ik belibje genôch! Ik train meastentiids wol twa kear yn ‘e wike mei Frou. Allinne mei dummy’s, hear; haw mar gjin noed. Somtiden mei ik by in hûnekriich wol wyld sykje. Dan stean ik wier folslein op skerp! Koartlyn noch in pryske pakt; Frou in byldtsje en ik in woarst. Wat wie se wer út ‘e skroeven en grutsk op har lytse mokkeltsje… En fansels gean ik eltse dei mei Baas en Frou in ein te rinnen. Moarns faak by it Swettewetter lâns. Machtich moai! Frâl no yn ‘e maaitiid. Sa’t ik earder wol trochblaft haw, ik bin en bliuw in apporteur. Bring alles by de Frou. Myn speurnoas wurket poerbêst, alhiel at ik eat foar ‘t snotsje haw.

Afke krijt hast nea op har faalje, útsein yn ‘e maaitiid dan. Wat is it gefal? Ik rûk ûnder de wyn op it wyld fan fierren. Benammen hazzen, mar ik mei net mear efter dy hurddravers oanfleane fan Frou. Hat se my sa goed as ôfleard. No ja, at sa’n haske dan sa stom is om him yn ‘e reiden te ferbergjen, kin ‘k it net litte en snip ‘m. En dan nimme myn baaskes kreas dat bist fan my oan omt se tinke dat ik tenei neat mear by harren bringe sil. Fansels bin ‘k wol wizer, hawar ik lit har mar lekker yn dy waan. It is mei in do fan Baas ek al ris bard. Dy seach my te let en doe koe ‘k ‘m sa snippe en by Baas yn ‘e hân bringe. Hielendal net skeind, hear, Baas liet ‘m sa wer fuortfleane…

Mar goed, om in lang geblaf koart te byljen, ik haw myn omtinken ferlein nei mûzen en einen. Net dy domme einen sels, dy fleane ommers altyd de loft yn. Ik haw mear niget oan harren nusten. Earder brocht ik Frou ien foar ien de aaien wol út in nêst en dan lei sy se wer kreas werom. Mar doe’t my ris in aai, sûnder opsetsin (!), út de bek knoffele is, fûn ik út hok lekker snobguod dat is. Rikel, wat smakke dat merakels! Dat ja, no kin ‘k it net litte en kreakje ’k dy kringen en smikkelje se mei smeits op. Mar dat fine dy baaskes fan my dan wer net goed. En dat begryp ik net! Nim my net kwea-ôf. At ik nei in wedstriid gean, krij ‘k fan Frou in hurdsean aai om’t ik dêr neffens har mear kriich fan krij. No, wat in wurk. Se siedt dat spesjaal foar my wol fiif minuten lang, wylst se sa rau folle better smeitsje. Hearlik dochs, dy djerre sa lekker smotsich oer dyn lape slingerje en opslurpe!

Mar goed, dy kwispel fan my ferklapt dus at ik sa’n lekkernij stean op te skrânzjen. En dan krij ik in klets mei it hûnetou fan Frou dwers oer myn bealchje. Of slimmer noch, somtiden skuort Baas my gewoan oan myn kwispel út de wâl. Dan draait er myn gisel suver fan syn woartel, wylst my de djerre noch út ‘e bek dript. Moast dy begripe! Fyn dat wol ferrekte sneu, hear. Sels it poatsjebaaien nei in poepenêst wurdt my ferbean. My tinkt, dy swartmigels binne d’r dochs by de fleet?

En dan begryp ik Baas net. Dy hellet sels hast eltse dei aaikes by syn dowen út it hok. Dat doocht blykber wol? Hy seit dat er net noch mear fan dy skiters hoecht. En at er dan in aai knoffelje lit, ropt er my en fal ik mei myn noas yn ‘e djerre om it op te lebberjen. Lykwols brekt my dan it tûmneiltsje! Snapsto it noch?

Maaie 2023