Middelpunt

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

Sûnt myn stopjen yn septimber liket it oft ik yn it ‘Middelpunt’ fan de belangstelling stean. Fan ‘e moarn bygelyks foel dat blêd mei deselde namme yn ‘e bus. Eltse moanne stean der kolumns fan mysels yn, mar dizze wike ek in fraachpetear fan Broer Roorda, melkfeehâlder út Grou, mei de bistedokter. Broer hie my frege syn ferhaal tefoaren efkes nei te sjen. Der stiene in pear misbegripen en in inkeld taalflaterke yn. Mar fan ‘e wike krige ik in sms’ke werom, dat der dochs wat misgien wie: de ferbettere ferzje hie de redaksje net berikt. It wie Broer opbrutsen dat er digibeet is… ‘Do kinst de juste ferzje wol op de bistedoktersite sette.’ ‘Komt klear, Broer!’ It falt ek net ta, reporter te wêzen en in grut bedriuw geande te hâlden…

Menno Wiersma, 33 jier feedokter; “Ik mis wolris de ferwûndering”

“Ja, in pluske hear.” Mei feardige hân taast feedokter Menno Wiersma (59) yn de ko. Noch even de sken deryn, hy nimt dêr de tiid foar. Dan wurdt ornaris ek it tal dagen neamd, dat yn de regel befestige wurde kin troch de byhearende ynseminaasjedatum. Wykt it al ôf, dan folget noch de meidieling fan in boltsje of kokealtsje.

Dit fertroude taferiel op mannich boerehiem sil net mear troch boppeneamde feedokter beoefene wurde. Menno hâldt der mei op. Krupsjes oan de eigen lea bringe him derta, mar wol mei de nedige pine yn it hert. ”Ja, ik hie noch graach in tal jierren trochgean wollen, en dan ek net yn dizze koroanaomstandichheden ophâlde moatte. It fielt as in anty-klimaks, in moai slot sit der sa net yn”, sa stelt hy yn it bywêzen fan syn frou Lia fêst.

Mar it beslút is hjir en dêr wol hurd oankommen. Want Menno wie soms mear as in feedokter. Om it ferhaal fan de saneamde ‘bedriuwsbegelieding’ ôf te meitsjen, as de boer noch dwaande wie om kij los te litten en in haal te dwaan, siet Menno al yn ‘e hûs om mei de boerin saken troch te nimmen, saken wer’t de boer soms ek better net by wêze koe…

In echte ‘all-rounder’ sa as der him sels wol neamt. Thús mei kij, skiep en lytsfee; mar ek mei boer én boerinne. Pake Minne wie boer oan de Ayttawei yn Reduzum. Heit Jan waard feedokter. Dat die hy 35 jier lang yn maatskip mei syn sweager, in omke fan Menno. Dat wie yn in tiid dat de feedokter noch, mei oare foaroansteande lju yn it doarp op in fuotstik stienen. No neame we inoar by de foarnamme, doe wie dat ûn-be-steanber. ”Ik haw leaver dat ik Menno neamd wurd dan Wiersma.“

Dochs is it aard fan ús haadpersoan gjin feestfierder, earder serieus en fersichtich. Menno: “Ja, foarhinne sels bleu. Ik bin ‘beskermjend’ grut brocht. Sa maklik gie it thús ek net allegear. Der kaam noch in drama oerhinne, ik wie sels oardel jier, myn suske trije. Mei de Reduzumer merke soene we nei omke en muoike op Trije Romers, by it oerstekken waard sy skept troch in auto.” Letter kaam der dochs noch in broerke.

Heit en mem binne al wer jierren wei, broer Tom is rjochter yn Grins. Der is no gjin famylje mear yn de praktyk Reduzum-Grou. De trije jonges fan Menno en Lia geane in oare kant út, technyk en hoareka.

En al wie it hâlden fan bisten him net frjemd (kninen, hinnen en dowen), Menno hâld earst ek de boat wat ôf. Nei it RSG yn Ljouwert (atheneum) koe hy alle kanten op.  Menno: “Dêr moast ik wol wat foar dwaan. Der wiene drege fakken by.”

Mar hy slagge wol en sa waard dochs de feedoktersoplieding besocht. Mar dat gie ek net samar. Wylts der no in tekoart oan feedokters is, wie it doe oarsom. De talitting gie by ynlotting en mei syn gewoane einsifers wie dy kâns lyts. Om’t Menno earst útlotte waard drige de tsjinstplicht. En dêr hie ‘ús maat’ gjin nocht oan. Menno: ‘Dat is neat foar my, mei in gewear omsjouwe. Ik rûn suver mei de siel ûnder de earm.´ Twa dagen ear’t de kolleezjes begûnen krige hy te hearren dat er dochs noch neipleatst waard. In dei letter wie er al yn Utert, earst yn de kost by in nicht. De stúdzje wie net tige dreech, wol yntinsyf. Menno; “It is echt stampe, stampe, stampe.”

Lokkigernôch wie der ek tiid om ris om jin hinne te sjen, Menno wie al ferhuze nei de studinteflet en dêr wie ek dûmny’s dochter Lia Bos, in biologystudinte. En dat kaam nei de stúdzje goed fan pas; troch in hastich houlik koe hy mei in berop op it kostwinnersskip opnij de wapens by him weihâlde.

Menno; “En dan bin je 26 jier, grutte wurkleazens by feedokters, mar omke wie hast 70 jier; ik koe fuort begjinne.” Dat wie earst yn leantsjinst mar letter al gau yn de maatskip. In ‘gedrocht’ kin men dat neame, mar in feedokterspraktyk is ék gewoan in bedriuw, sa leit Menno út. Unyk neamt hy it tiidrak oant 2015 ta dat hja mei fjouwer feedokters yn maatskip de praktyk dienen, werby ek alle fjouwer froulju meiwurken. No hat men dit model loslitte moatten, ûndertusken binne der 8 bistedokters en tal fan assistentes…

Men kin der fan opsjen mar it is de tiid, it is de opkomst fan it ‘lytsfee’ en it wurkjen yn dieltiid. De ferhuzing nei Grou past ek yn dit ferhaal. Mar mei minder tiid en romtebeslach jout it grutfee altyd noch rom 60 % fan de omset.

Trijentritich jier feedokter, dan makket men ek wat mei. En Menno mei der graach oer fertelle en skriuwe; PR leit him wol, al hoechde dat om de oaren net altyd. Jûn seit er ek by elk ferhaal dat ik it mar net opkriuwe moat…

Sa wie syn earste keizersneed, by in skiep, net in súkses: it skiep gie dea. Menno: “Der is noait in ferkeard wurd oer fallen. Ik ha my ek altyd oeral wolkom field. Mar it bliuwt wol minskewurk. En soms tink ik wolris, it hie oars moatten. Sa hat eltse (fee)dokter syn eigen tsjerkhôf. Der ha je de stúdzje net foar dien, mar it heart der wol by. Wat ik wol ris mis is de ‘ferwûndering’ oer dat it meastal wol goed giet, en oer hoe’t de natoer yninoar stekt.” No is it by feedokters ek sa fan ‘u vraagt, wij draaien’ en stean je der fersteld fan wat minsken soms besteegje wolle oan in hûn of kat, sa fertelt Menno. Dochs hat hy altyd in soad aardichheid hân oan dit ferskaat oan bisten én minsken. Heroysk binne syn ferhalen oer de begjintiid dat der mei de skou of winterdei op redens it wetter oer gie foar keallerij, yn eltse hân in tas. Derby wie it maklik dat hy grut en sterk wie want ien kear by de boer wol men him sa lang mooglik sels rêde. Menno: “in slach yn’t lêch, dat koe ik faak wol oprêde.” In sterk ferhaal is ek dat in kollega him rôp by in boer mei fiif deade kij, in sechsde stie op omfallen. Ek Menno stie foar in riedsel, oan’t dat er it bist by it ear fielde en stream fernaam. Koartslúting hie in ramp feroarsake. Op sokke mominten komt syn omgong mei minsken, foar guon boeren in beaken, by need fan pas. 

Hoe it allegear komt wit Menno ek net. De skaalfergrutting hat goede dingen brocht, grutte stâllen, bettere fentilaasje, sûner fee. “We wurkje no mear preventyf. Dogge mear bedriuwsbegelieding. Mei soms ien-twa besites op in moarnskoft hâld it op. Us heit die wol ris fiventweintich! Foar eltse spuit moast er komme.”

Dat de praktyk gjin yntinsive feehâlderij hat spyt him net. Dat massawurk leit him minder. By kij ha we ek wolris tefolle oan ‘bulk’ dien, sa seit hy, tink oan de droechsetters. En nije kwalen tsjinje har oan. Eartiids stiene de kealtjes op de bûthúsflier, sûn en wol, no dogge we alles wat kin en ha we krypto…

“Mar der stean dingen oan te kommen dat it wer oars moat. It is net maklik“, sa beslút hy. “En ik bin mear fan de sike ko as fan it gehiel fan bedriuwsfiering. Der sit ek wer myn niget foar lytsfee oan fêst.”

Omdat fan útstel soms ôfstel komt en we net witte wannear we troch de koroana wer wat meie wol ik graach no, en ik tink nammens alle boeren én boerinnen Menno hertlik tank sizze foar alle noed en soarch oan ús en ús fee bestege. We winskje dy mei Lia en de jonges alle goeds ta.

Broer Roorda, Grou

Oktober 2020