Myn earste tsjûchskriften!

Menno WiersmaWrafkes

Ik bin mei Frou al in pear jier dwaande mei jachttraining. Net dat ik ea mei op jacht gean, hear. Ik haw ommers al ris op ‘e wraf west oer it feit dat ik net iens achter in haske oan mei! Meastentiids traine wy mei dummy’s en hiel soms mei dea wyld. Dat fyn ik dan wol hiel spannend en krekt echt. Mar Baas en Frou binne net sa fan de jacht en dat is foar my dan wer spitich. Dy training hat in hiel skoft stillein yn dy tiid dat minsken mei frutselkapkes foar harren snuffert omspaanden, mar tsjintwurdich meie wy lokkigernôch wer los! Troch dyselde alteraasje bin ik ek wat letter mei myn diploma’s, hawar… Dat stekt nammers nau. Do soest blaffe, at dy dummy of it wyld mar binnen brocht wurdt, dan is it altiten goed. Mar sa is it dus krekt net! Ik moat streekrjocht de ynstruksjes fan Frou en har fluit opfolgje en net fan dat paad ôfwike; en ik mei mysels net iens útskodzje at ik troch wetter west bin. Earst it spul sittendewei ôfjaan! Wat dat oanbelanget hawwe wy beide in protte leare moatten…

Myn earste proefstik

Dizze simmer kaam dan de dei fan it earste proefstik. It is noch tsjuster at Baas my útlit, sadat Frou yn alle rest harsels en ús spul fan dy dei ree meitsje kin. Ier en betiid sette wy mei de auto ôf. Faaks moatte wy dan in hiel skoft ride, sadat ik my noch efkes deljaan kin. At wy teplak binne wurd ik earst troch in bistedokter neisjoen. Frou is dan wakker ynnommen at sy komplimintsjes kriget dat ik sa noflik bin. Fansels, der is thús wat mei my ompield. Baas kin mei my ek alles dwaan, ik haw sels wol model stien foar in selskip!

Diploma

Ik wit net wat senuweftigens is, mar ik merk oan Frou dat se harsels net is. It leafst bin ik net as earste oan bar, dan kinne Frou en ik efkes de kat út de beam sjen. Wurdt fral sy folle rêstiger fan! Bin ik wol as alderearste: dan smoart Frou my hast oan it lyntsje fan de spanning! Dy earste kear dat wy tegearre op it aljemint kamen gongen hast alle proefstikken geweldich, útsein it ‘markeren’. Dan wurdt de dummy yn ‘e fierte opsmiten en moat ik ‘m yn ien loop opfandelje en werom bringe. Ik siet nei Frou te sjen en hie net sjoen wêr’t dat kring fallen wie… Dochs krige ik myn earste C-diploma!

Nijsgjirrich Afke

De folgjende kear gie wer alles poerbêst, behalve dat ik by ien fan de proefstikken mei de dummy ûnderweis in karmasterstintje tsjin kaam, en ik it net litte koe efkes om ’e hoeke te sjen oft dêr ek noch wat lei. Dat mocht net! Sadwaande krige Nijsgjirrich Afke dy deis hielendal gjin diploma …

Klucht

De tredde kear wie hielendal ien grutte klucht. Der gie fan alles mis. Om barren makken ik en Frou flaters neffens de karmasters. De grutste oanfluiting wie in fier apport dat ik geweldich by Frou brocht. De karmaster wie sels optein! Oant de help as klikspaan út de boskjes kaam om te sizzen dat ik healwei mei de dummy ompankoeke hie. ‘Dan moat ik jim nul punten jaan.’ Sels Baas wie dêroer letter feraltenearre. At hy eartiids in minne repetysje wiskunde makke hie, krige hy altiten noch in ‘peal’ foar de muoite: ‘Jo jouwe in hûn dochs gjin nul!’ Eins kin it my hielendal neat skele, ik haw lykwols in prachtige dei hân. En ik en Frou hawwe in protte leard!

Wat ik it leafste doch

De lêste kear yn Drinte foel alles op syn plak. Frou wynt de karmasters om har lytse finger troch te dwaan dat ik en sy dit foar’t earst dogge en dan lizze se alles noch ris wiidweidich út. En fansels apportearje ik dêrnei as de bêste en sadwaande, al blaf ik dat sels, haw ik myn B-diploma dik fertsjinne! Frou is út de skroeven, sa grutsk. Mar foar my is it gewoan wat ik ommers it alderleafste doch: troch it bosk strune, oer it fjield strûze en troch it wetter brûze. En dêrnei bring ik elts apport by Frou yn ‘e hân.

Septimber 2021