Nimrôt?

Menno WiersmaWrafkes

Ier en betiid raus ik njonken Baas op syn twatsjiller yn ‘t roettsjuster oer de dyk by it spoar lâns foar de pipoe (om te pisjen en te poepen, red.). Efkes letter karkje wy mei Frou yn de bistedokterswein op nei De Sweach. Net dat plak fan de hynstestrûpers, mar dat fan de bôlefretters, der’t ik yn it ferline ek wol trainde mei Frou. Yn dat grutte bosk mei in wûndermoai heidefjild en ek noch wat wetter. Afke stiet hjoed wer hielendal ‘oan’; machtich fyn ik dat!

Ik begjin der slach fan te krijen om presiis te dwaan wat Frou en de karmasters op de jachthûnekrigen fan my ferwachtsje. Ik bring de dummys of it wyld sekuer en rap op tiid binnen en lit my net mear ôfliede troch oare hûnen, rinnend of fleanend wyld, lokfûgels of hantlangers dy’t op it ferkearde plak omstrune. Wat dy helpers oanbelanget, der sitte betiden dummysmiters by, blaf my der net fan! Meastentiids goed bedoeld hear, dêr net fan, mar net altyd like snoad. Benammen at se te betiid út harren skûlplak komme en dan hiel behoedsum fuortslûpe, wylst ik noch oan it sykjen bin. Hawar, ik sjoch de maneuvels en hear de tûkjes kreakjen, mar lûk my der neat mear fan oan! Sadwaande fertsjinnen ik en Frou yn de hjerstmoanne twA-diploma’s en ek noch, as in brokje bûter yn ‘e brij, in earste priis. Wat dat opsmiet? No, Frou in stik izer dat no op ‘e kast stiet en ik in grutte pûde hûnebrokken. Wer ris wat oars te smikkeljen as altiten dyselde deistige brot! Sels Baas kriget hieltyd mear nocht oan dit soarte fan barrens. Wêrom? Dat blaf ik jimme oan ’e ein wol súntsjes yn ’t ear …

Súkses komt net samar fansels; ik en Frou ha wat ôftraind! De lêste tiid by de boskfiver in Sint Nyk. Ek in prachtplak! En koartlyn noch by myn âldbaas in bysûndere wurkwinkel dy’t efternei in moaie tarieding wie op myn grutste boppeslach oant no ta. Hokker dat is? No, dat gong sa: op freed de trettjinde kaam Frou út de skroeven thús: ‘Wy meie moarn nei De Sweach!’ In oare hûn wie siik of sa en wy mochten ynfalle. Joepydepoepy! Dy jûns waard alles redsum troch Frou klearsetten en haw ik my noflik yn myn koer deljûn. At baas dan midden yn ‘e nacht my útlit, wit ik dat it wer safier is!

It is noch skimerich at wy yn in lange rige fan baaskes mei harren hûnen troch it bosk omtoarkje nei de earste proef ta. Mear as in oere moast ik wachtsje ear’t ik oan bar wie om in ein út it wetter te fiskjen en in goes yn ‘e wâl te sykjen. Samar klear, skytmaklik! Op nei de folgjende proef, in ka op ‘e heide markeare, mar earst in jager yn ’t bosk helpe eat op te sykjen. Ek beide samar binnen! En sa gie it de hiele dei troch. Ik brocht Frou alles kreas yn ‘e hân en gjin inkele karmaster hie kommentaar. ‘Het hondje (dat bin ik dus!) zoekt goed en brengt het keurig binnen’, sizze se dan.

Oan de ein fan sa’n dei bin ik sa wurch as in hûn en lis ik lekker te koesen ûnder Frou har stoel, wylst sy oan ’t huppeltsjewetter drok sit te rabjen en te swetsen mei oare baaskes. Dan stjonkt it gewoan fan de opsnijerij! Dat wolle jo net witte en ik hoech it ek net te hearren! Dan ferkear ik hearlik yn dreamlân. Mar ynienen skrik ik wekker at alle minsken stean gean te klappen. Frou lûkt my oan myn line mei nei foaren ta en kriget triennen yn har eagen. Wat wie it gefal? Wy hiene de folle mep oan punten krigen en dus de haadpriis! In grut stik hout, moai foar yn ‘e kachel.

Ta eintsjebeslút is eltsenien grutsk op my. Fan âldbaas Pyt oant de trainer ta. Fansels strielet soks ek in bytsje op harren ôf. Wat dy lêste oanbelanget, hy hat bêst wol faai west, hear. Der wie in snuorje dat ik neat mear goed dwaan koe! Hy hat my sels, hoe sil ik no dat kreas grommelje, wolris foar ‘frutselhûn’ útmakke. Frou moast der suver om gûle. Mar dy’t mei triennen siedzje, sille wille rispje, seit it bylwurd. En de wâldrikel hat byleard. No mient er dat er my nei de ‘Nimrôt’ bringe sil. Wat dat no wer is? Gjin flau benul. Eat mei hiele grouwe mûzen snippe of sokssawat. Ik tink dat ik dat wol kin. Mar lit ik jimme dit bylje, der is mar ien dy’t útmakket hokker rôt Afke snipt en dat is Afke sels. Punt út! En at ik ‘m gryp, dan doch ik dat net allinne foar Frou, mar fral ek foar Baas. Want dy seit dat er troch al ús boppeslaggen Frou tsjintwurdich folle better yn ‘e stokken hâlde kin. No, dat is wat wurdich. Mar net trochblaffe, hear, hâld jim de bek …    

                                                                                                

Oktober 2023