‘Op ‘e klepper’
Ja hear, it wie wer safier! ‘t Wie noch neare nacht doe’t Baas my útliet. Ik wit daliks wat der barre sil as it noch roettsjuster is en ik op nei it spoar krekt bûten it doarp mei Baas omtoarkje mei. Dan wurd ik gysten en oerémis en draaf ik op myn alderhurdst foar syn fyts út. It kin net misse: wy geane hjoed wer op ‘e klepper!
In hoart letter sitte wy mei syn trijen yn ‘e wein. Baas rydt, Frou fuorret him broadsjes en bakjes kofje en ik haw myn búkje al smoarfol efteryn. Foar myn gefoel duorret it dan in ivichheid ear’t wy teplak binne, mar úteinliks kamen wy telâne op in fjildsje oan de boskseame. Glûpende kâld, mar gelokkich kaam de sinne lykwols al foar’t ljocht. En fansels wie dêr ek wer in kloft swarte, giele en sels brúne soartgenoaten. By fjouwer hûnen meielkoar amper op alle teannen te tellen! Fierwei de measten hie’k noch net earder begnúfkje en begluorkje kinnen. Machtich moai!
En fuortendaliks begûn wer dat ûnhuerich lange wachtsjen; kin ik min oer. Ik wol proefstikken dwaan! Mar lang om let mochten ik en Frou dochs los. Troch myn breinroerichheid seach ik by dy foarste proef de earste dummy net goed yn ‘e greppel fallen en de twadde yn ‘t fjild al hielendal net. Moast sadwaande folslein de oanwizings fan Frou opfolgje. No, sy hat wakker fluite en roppen en sa brocht ik dy earste dummy by har yn ‘e hân. Mar dy twadde wie lestiger. Ik haw rûnom socht, wer werom nei dat plak wer’t ik al west wie, yn it skûlplak fan de helpers en úteinlik fluite Frou my nei dy greppel. Ferduld! Dêr lei dat kring! En doe moast ik skite. Wêrom? Gjin flau benul. No ja, it kaam op as poepen…‘Tja, dat moet ook gebeuren…’, hearde ik de karmaster oan Frou noch sizzen. Hawar, beide apporten dochs binnenbrocht. Mar ik moat earlik blaffe, ik waard ferskuorrend ôflaat troch in allegeduerigen geklepper yn dit hiele gedoch. Yn it fjildsje dernjonken sieten twa eiberts boppe op in heule hege nêstpeal te feiljen. Soks wie mysels ommers koartlyn spitigernôch net slagge… Baas stie myn aksje te filmjen en dat wie blykber ek net lokt. Ik hearde letter dat hy klearebare loft feistlein hie mei inkeld dy ynstruksjes fan Frou en dat geklepper as eftergrûnlûd. Ik tink dat dy earrebarren him ek fan syn sjapiter brocht hawwe, want ferdeald noch en ta: benammen fan harren gedoente hie hy wol in ferdraaid moai plaatsje!
Yn spyt fan alle earrebarredrokte giene alle oare proefstikken trouwens super dyselde dei; sadwaande kaam Frou dochs wer mei moaie papieren thús! En dat frjemde opskrift hjirboppe? Dat is Baas syn wurdgrapke dat ik mei nocht trochblaf.
April 2022