Retoerke Ljouwert

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

Sûnt rom in jier wennet Doede op in pleats by ‘t spoar. Om de boerinne hie’t net hoecht om’t se benaud foar hûnen is; mar de bern woene it sa graach dat de boer úteins mar belies jûn hat. Hy socht in boerestabij út sûnder stambeam; ientsje mei papieren fûn er te prizich. It like him skoan ta dat de boerehelp Doede mar it ien en oare bybringe moast om’t syn húshâlding ek in hûn hat. Yn’t begjin siet Doede meastentiids oan tou sadat er net fuortrinne koe. Mar geandewei krige er mear frijheid en sadwaande spaande hy al rillegau los om de pleats hinne. D’r wennet ek in hynder op dy pleats. En dy Happe krige de skuld dat it mis gie. Tegearre geane de beide bisten wolris it fjild yn en op in kear krústen se neist it paad nei it spoar ta om en slûpte Doede troch in gat yn ‘e hikke de spoardyk op. Fansels kaam d’r krekt op dat momint in trein yn folle faasje oan. De treinmasinist seach lokkigerwize fan fierren hokker grut gefaar Doede rûn en brocht hoeden de trein ta stilstân. Sûnder omhaal liet de hûn liet him oanhelje en waard er troch de masinist meinaam yn syn kabine. Doe’t se yn Ljouwert oankamen bedarre Doede yn’t asyl oan it kealledykje. De boer wie yn alle staten. Hy krige net allinne in print fan de NS, it asyl moast ek betelle wurde foar de opfang. Ik kin hjir mar better net melde wat de boer útkreame hat wat de masinist dwaan moast at er Doede wer op it spoar oantreffe soe…

Dat barde in pear wiken letter lokkich ek net. De boer seach lykwols it swurk al driuwen doe’t de trein op ‘e hichte fan de pleats opnij stoppe. Hy miste Doede fourtendaliks en prompt sette hy de sokken d’r yn nei’t spoar ta. Hy seach de konduktrise noch krekt mei de hûn omtôgjen en wonk wyld mei syn earmen. De masinist sette Doede yn syn kabine en die de doar ticht. Hy swaaide noch troch it rút werom wylst er de trein wer yn gong sette. Troch de toeter dy’t dêrop folge fielde de boer him alderheislikst ferrivele. Mar hy betocht him gjin momint, stapte subyt yn syn auto en reesde nei de stêd. Hast tagelyk mei de trein wie ‘r op it stasjon. Wat him dêr op dat stuit ôfspiele hat? Kin ik allinne mar nei riede… Ienris thús bedarre Doede yn elts gefal wer oan tou.

Doede op it stasjon yn Ljouwert (Foto’s mei tank oan Marijke van der Wal)

De jongste faam fan de boerehúshâlding hat kunde yn ‘t doarp oan in famylje mei in alderaardichst hûntsje. In teefke. Doe’t dy loopsk wie, waard d’r in knappe reu by socht. De dochter moast daliks oan harren Doede tinke en frege har heit wat dy d’r fan tocht. It like de boer in skrander foarstel. Koe Doede ek ris wat kostjild ynbringe! No ynseminearret de boer syn eigen kij, mar fan de hûneseks wit er net rjocht it fijne. Sadwaande frege hy goede kunde of trije minuten fêstsitten fan de reu lang genôch wie foar in geve befruchting fan it teefke…

Doe’t de bistedokter de rook fan dit hiele relaas krige, frege dy him ôf oft it wol in ferstândige set wie om Doede it swiet fan de biology fan de fuortplanting priuwe te litten. Ik haw nammentlik grutte noed dat Doede ynkoarten wer útpykt en op de trein nei Ljouwert hipt. Mar de boer moat dan net ferheard opsjen dat er de reu fan ‘e Weaze opswylje kin.

Febrewaris 2020