Waarme Wintermiddei yn De Wartenster

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

Op sneintemiddei 5 febrewaris fan 15.00 -17.00 oere smite Gjalt de Groot en Menno Wiersma de rapen gear yn De Wartenster mei smoute ferhalen oer harren boeken ‘We strûpe derûnder’ en ‘Elke dag dierendag’. De ynrin is fanôf 14.30 oere op de Midsbuorren 7 yn Warten. Tagongspriis is €10,- en dan krije jo kofje of tee mei wat lekkers fansels.  It wurdt fêst in bisteftich gesellige middei yn gearwurking mei Eddy van der Noord fan Utjouwerij Louise. Fan herte wolkom!