Frutsel

Menno WiersmaWrafkes

Doe’t Baas fan ‘e moarn ûnder kaam en my nei bûten litte soe, fielde ik mysels sa ferskuorrend modzich. Hy moast my suver wekker meitsje, sa sleau en moalich wie’k. Baas kin dat hiel fynfielend. Hy begjint my earst ûnder myn strôtsje te kardzjen en dan rek ik my út, draai ik mysels stadichoan op ‘e rêch, en dêrnei tysket er my oer myn búkje. Dat lit ik sa lang mooglik mei de eagen ticht gewurde om’t er my eins gjin grutter deugd dwaan kin! Mei in protte muoite rôle‘k op myn poatsjes werom en gappe wiidbekkich. En dat wylst ik fan ‘e wike krekt de hiele wrâld wol oan koe. Doe haw ik sa hearlik traind mei Frou. Ik speurde as in spear en appertearre as ‘t spoar. Ik haw alle dummys prompt fûn en fuortdaliks by Frou brocht. Och, wat wie se grutsk op har lytse mokkeltsje! Sels de jachtoefenmasterin wie optein. Ik begryp dus neat fan dy lamliddichheid . Bin wier net siik of sa mar ik kin wol in gat yn ‘e dei sliepe… Dochs mar efkes yn ‘t waar sjoen en dernei krige ik, krekt lyk as eltse moarn, iten fan Baas. Hie’k sljocht gjin sin oan. Ik haw him oansjoen en doe begûn Baas te skodholjen: ‘dan mar net, Afke…’ Hy seach wat sneu om’t ik in bytsje jierdei bin. Ik bin hjoed sekuer acht moanne âld.

Geandewei de dei gie it wat better. Frou lit my wat letter op ‘e moarn lekker lang út en dan kin ik wat omsneupe en snaaie. Frâl yn smoargens. Frou fynt my mar in fyske; ik mei dat lykwols ferskuorrend graach dwaan. Wurd dêr ek sa roppich fan dat ik thús daliks de hiele bak wol leechfrette kin! Somtiden moat ik dernei wer koarje, bynammen as ik tefolle woartelstôkken út it heakelguod fandele haw. Hjoed net en dus haw ik hearlik myn bak leechfretten. Ienris wer yn myn hûnekourke skrok ik sa ôfgryslik dat it hier my dwers op ‘e sturtbonke stie. D’r leine farske drippen bloed op it kleed! Wêr kamen die yn ‘e goedichheid wei? En net allinne op myn kleed, se leine ek rûnom op ‘e flier. It fielde boppedat krekt of ik myn miichsel net goed ophâlde koe. Ik dus wakker oan myn frutsel sneupe om te sjen wat dêr te rêden wie. Hie al murken dat dy de ôfrûne dagen stadichoan opswollen rekke wie. Suver in gleie prom. Jawis! Dêr kaam it wei. Net bêst… Daliks alles opslikje fansels en de flier skjin ljepke mei myn mûldweiltsje. En mar prakkesearje. Soe dit dan wêze wat de frou fan Pelle okkerdeis oppere? Pelle sit ek by ús op jachttraining en soe neffens har syn earste ‘wiete dream’ hân hawwe. No, Monty wie dêr noch hielendal net oan ta, andere dy oare baas doe. En ik seach dat hy syn spytgnyskjen nei Frou suver net ynhâlde koe wylst er dat sei. Mar Pelle en Monty binne reukes en ik bin in wyfke. Ik haw d’r gjin idee by hokker ‘dreamen’ my te wachtsjen steane. Op dat stuit kaam Frou wer yn ‘e keamer en sy seach my drok dwaande mei myn lape. Se dikere de flier oer en rekke suver oerémis: ‘Afke wurdt in grutte faam!’, rôp se út. Se nodde my leafdefol en dat joech my it gefoel dat ik gjin noed hawwe moast. Frou brocht Baas gau op ‘e hichte. Se sei him dat se ‘t al in pear dagen oankommen sjoen hie. It sil by it folwoeksen wurden hearre, sa moast ik hjirút wol begnuve…

Twa dagen letter is it floeien noch folle slimmer: myn doaske is no sa lek as in tjems! Dochs mei ik mei nei de training ta. Myn stimming is sa ûngelikens as it waar en ik haw nearne nocht oan. Mar dy jachttraining wol ik fansels net slûpe litte, dan meitsje ik wol nocht! Frou siet d’r suver wat oer yn. Wat soene de reuen wol net útheve? Ik hearde har beljen om advys. Letter fentilearre se oan Baas dat neffens de oefenmasterin it just in geve útdaging foar de baaskes wêze soe dat harren hûnen har net ôfliede litte meie troch de hormoanen. Sa sette ik mei Frou dochs wer ôf nei de Súdwesthoeke.

It wie ûnlijich waar mei in kâlde wyn en winterske buien. Earst liet Frou my lang yn ‘e auto wachtsje, wylst de reuen wakker omfleane mochten. Lang om let gie de training los en mocht ik ek foar ‘t ljocht komme. No, dat soarge foar opskuor. Om syn beurten moasten de hearen oan myn frutsel snuve fansels. Dy grutte Flatcoat stuts sels syn hiele noas ûnder myn krús en gong mei my oan ‘e haal as wie ‘k in kroade! Sels haw ik mar in ‘krekt-as-neat-oan-‘e-hân-hâlding’ oannaam. Jawis, myn frutsel is grut, der rint wat út en ik bin wat min by de wurken. Duh! It soe wat, fierder neat loas, hear… Doe ‘t de reuen wer oan tou sieten en de opwining delbêde wie, mochten wy om bar in dummy troch de feart ophelje. Koe eltsenien moai ôfkuolje! It wetter wie desimberkâld, mar dat die my eins wol goed. Koe allinne dat kring earst net fine! Dernei diene wy in proefstik yn stânfêstigens. Dat kin ik tsjintwurdich poerbêst. Earder hie ‘k wolris striid mei Frou om’t ik wakker ungedurich wie. Dan baarnde it my yn om te wachtsjen oan ’t Frou it sinjaal jûn hie dat ik gean mocht. No, jimme kinne wol riede dat dy reuen harren sels net altiten yn ’e macht hiene. Se moasten hyltyd efkes by my lâns noaskje…

Dernei rekke ik mysels ek kwyt by it appertearjen. Koe neat fine, harke net nei en seach gjin ynstruksjes fan Frou. Lokkich wie se net boas. Is se lykwols hast nea hear, der net fan. Se stie mei in hândoek klear om my droech te wriuwen ear’t we wer ôfsetten nei hûs ta.

No liz ik wer lekker mudzich yn ‘e grutte koer fan dy âlde swarte. It leafst op ‘e rêch en ungesjeneard mei it frutsel omheech. Ooooh, wat fiel ik my ûnhuerich looooopsk. Om my mei it moarn wol wer oer wêze…(djippe,grommeljende sucht)

Jannewaris 2019