De groede

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

By ús yn ‘e gong stiet in grutte antike mahoanjehouten tûfkast. De sintrale ferwaarming hat him sadanich útdroege dat er noadich ferlet fan restauraasje hie. Meubelrestaurateur Dirk fan Tribulet út Reduzum ûntferme him oer it pronkstik. Sels it skeinde laach finear wist dizze keunstner sadanich op te meitsjen dat jo it amper mear sjen kinne. Dochs neamt Dirk dat ek by in kast ‘in groede’ as ferwûning fan de tiid.

Yn myn wurkpaad haw ik by mannich bist besocht groeden te beheinen, mar se binne der ûnûntkomber. Ik seach it as in útdaging in wrat fan in eachlid fuort te operearjen sûnder datsto dat sjen koest. Dêrtsjinoer kinsto de wûne fan in keizersneed fan in ko altyd werom fine. Lokkigerwize groeit der by bisten hast altiten wer hier oerhinne…

Oft ik sels ek groeden haw? Dat falt ôfgryslik ta, seker sjoen de noeden fan myn fak. Wit hoe faak bin ik biten of klaud troch lulke hûnen of bange katten. Groeden dêrfan binne amper te sjen. It grutste manko op dat mêd is een kûltsje yn myn lofter boppeskonk. In merje trape my letterlik dôfhûdich ûnhuerich nei, nei’t ik har troch har fôle opskuorde bunt hecht hie. Wat die my dat sear! Mar at se tsien sintimeter leger mept hie, wie myn knibbel oan smots west. It is just op de knibbel fan myn oare skonk dat ik myn iennichst útwindich sichtbere groede haw. In kundich ortopeed hat my foarsjoen fan in nije rjochter knibbel en dat bisûnder kreas dien!

Ynwindich haw ik sûnt july fan dit jier in fjouwertal groeden oanbrocht krigen troch in Ljouwerter Kardiolooch yn myn lofter hertboezem. Om in ein te meitsjen oan de fersteuring fan it ritme fan myn rikketik. Dat like tige goed slagge: binnen twa wike wie ‘k al wer drok oan ‘t wurk! Lykwols warskôgen myn ‘hoedingel’ en myn hert my dat dat net ferstânnich wie…

Ik sil it bistedokterjen ferskuorend misse. It heucht my noch dat haadmaster Piter fan De Trije Doarpenskoalle yn Reduzum in rede hold by syn ôfskied en dat it op dat momint foar him fielde as ‘in lyts bytsje deagean’. Ik wie dêrby as foarsitter fan de âlderried en miende him ferbetterje te moatten: “Mear in amputaasje, tinkt my.” No‘t ik yn in lyksoartige sitewaasje bin, wol ik besykje derfoar te soargjen dat gjin fan beiden op my fan tapassing wêze sil. Ik haw ommers in grut ferskaat oan leafhawwerij wer’t ik earder te min oan ta kaam. Mei in bulte nocht moat dy yn steat wêze sels groeden op myn siel te behinderjen! 

Freek de Jonge frege him ea sjongend ôf oft der ‘libben nei de dea is’. Persoanlik tink ik fan net. Mar ik bin der wis fan dat der in libben nei myn bestean as bistedokter is. En ik hoopje dat it my tegearre mei Lia noch in hiel skoft gund is.

© Septimber 2020

Lia & Menno mei Afke op Flylân