De slachrjemme op ‘e taart

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

In lyts kertier ear’t de wekker giet, rattelt de tillefoan. Jelle hat help nedich by keallerij fan in rier. Ik rek my út en bliuw noch eefkes op ‘e rêch lizzen oan’t myn oare helte oer myn búk strykt en my oantrunet dat ik der ôf moat. Gau strûp ik yn ‘e klean en strûs nei ûnderen ta.

Ûnderweis yn ‘e auto betink ik dat Jelle dat bist dochs net yn dy  bûtenstâl kealje litte sil mei dit ûnlijige waar? Wol dus, want Jelle troant my mei troch de tsjustere melkerij nei dy potstâl ûnder in selsmakke ôfdak. Hecht genôch, der net fan, mar it siicht der ûnhuerich op it stuit. “Ik tink net dat it keizersneed wurdt hear”, bêdet Jelle myn tinzen del, krekt as hie der dy lêzen. Ik lûk in lange plastikwant oan, himmelje it bunt fan it rier en sil de geboartewei yndûke. Dat slagget net samar; Jelle moat him goed te skoar sette tsjin it bist om har te plak te hâlden. Mei syn trijen wrakselje wy sa wat om en goed tsien minuten letter haw ik toutsjes om de poaten fan it keal en hingje Jelle en ik dêr tegearre oan. Der sit absolút gjin skot yn, want der is fierstente min romte. “Ik wol bêst wol snije, hear, mar hjir net.” Dat begrypt Jelle.

It rier hat nea earder in bine om hân, lit stean oan tou rûn. Ear’t wy mei it bist troch it donkere gat fan de melkerij yn ‘e lisboksstâl binne, is der al in kertier ferrûn. Dan bine wy oan de hoarnen in twadde lange loopline fan peal nei peal rjochting it foerpaad en buorkje sa meter foar meter nei it plak dêr ‘t wy hinne wolle. Jelle soalt in kear oer de roasterflier en ik knyp myn hân alderheislikst tusken de touwen. Wy foeterje al, mar flokke net. It rier rekket dan noch in kear los en fjouwert it foerpaad twa kear op en del. Nei trije kertier stiet it bist einliks sa ‘t wy it hawwe wolle en kin ik har skeare en waskje. Wy binne der dan lykwols noch net, want wylst ik de pleatslike ferdôving ynspuitsje sil, feecht it rier wyld om har hinne. Dan noch mar in prip jaan om har sleau te meitsjen. Út foarsoarch doch ik ek noch in hândoek oer har eagen om it bist it idee fan ‘nacht oer Java’ te jaan.

Yntusken is Mieke, de frou fan Jelle, mei twa pake- en beppesizzers foar it ljocht kaam. Mieke hânlanget altiten by keizersneed, mar woe de útfanhûzers net allinne yn ‘e hûs achter litte. De beide berntsjes hawwe in jaske oer harren nachtklean oan en observearje de hiele situaasje slûch en klomsk. Lokkich kinne se beide wol oer bloed en feroarje se net at ik it mes yn de lofter flank fan ‘e pasjint set.

Rillegau leit der in grouwe bolle op ‘e flier, sa helder as in bij. It hechtsjen fan it liif en de wûne nimt altyd in protte tiid, mar it rier stiet no as in peal, sadwaande kinne wy moai efkes prate. Mieke hat jimmer belangstelling foar jins famylje en sa en dan fljocht dat skoft om. Jelle wol it leafst mei melken begjinne, mar dat mei net fan my. Jo witte mar nea oft it bist wer it mâle fel oankriget, no? Ik wit net krekt mear hoe ‘t wy deroer yn petear rekken, mar doe kaam it ûnderwerp reynkarnaasje op it aljemint. As hokker bist soe Jelle werom komme wolle, frege ik him op de man ôf. “As bist?!?”, andere Jelle fûl.  “Ik wol as mins werom komme, en dan it leafste as wynboer. Wynboer yn Frankryk, fansels!” It blykt dat de santiger(!) eltse jûn twa glêzen reade wyn mei in protte smaak oer syn tonge nei binnen slabbert. Mieke knikt befêstigjend dat it wier is. Sa leare jo ris wa’t jo boeren binne wylst jo in wûne naaie.

It lêste eintsje fan it hûdhechtsjen kin ik allinnich wol oan. Jelle makket risselwaasjes om te melken en Mieke ferdynt mei de beide bern yn ‘e hûs. Oft ik aansten noch efkes yn ‘e hûs kom as ik klear bin, freget Mieke by de doar. Graach! Mieke har appeltaart is ferneamd by myn kollega’s en sels bin ik oan’t no ta noch net yn ‘e gelegenheid west om dy te priuwen…

As ik de koken ynstap rûk ik him al. Mieke hat alfêst in stik yn ‘e magnetron opwaarme. De beide bern boartsje ûnder de krystbeam en tsiere in bytsje. Mieke weeft der rap mei ôf. Oft ik ek slachrjemme derop ha wol. Graach, fansels. De kollega’s hawwe net oerdreaun, heite! Ûnder it genot fan it baksel prate wy noch in pypfol en dan set ik wer ôf. As ik by de melkerij Jelle noch eefkes goeie sizze sil, hear ik de man foeterjen en skellen op in ‘akelige rotko’. It liket my wiis Jelle gewurde te litten. Mar ik hie it al lang en goed witten at ik Jelle west hie: ik hie tsien jier lyn de hiele brot ferkocht en in spultsje yn Frankryk oanskaft. Mei in âld wyngert derby. Wachtsje op dy reynkarnaasje, ik tocht it net!

As ik myn eagen iepen doch hear ik yn ‘e fierte de klok lieden. It is krystmoarn, earste krystdei. Ik slikje mysels om ‘e mûle, mar priuw gjin slachrjemme. Dat ha’k dreamd. En dy keizersneed wie fan ‘t hjerst. En Mieke wie troch har appeltaart hinne doe ‘t ik dêr wie, wit ik noch. Ik draai my nei myn oare helte ta en lis hoeden myn ear op har hert, wylst ik har in bytsje ûndogens tyskje. Ik fernim dat sy ek al wekker is.

Desimber 2011