De weesfôle fan Holwerda Sathe

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

Doe’t ik op sneintemoarn buorfrou Froukje oan de tillefoan krige, murk ik daliks dat sy behoarlik fan ’t hynder wie. Sibrecht, de âld merje, lei dy moarns samar dea yn ‘e hynsteboks en de fôle fan krekt twa moanne rûn ferstuivere om har mem hinne. Fansels wiene ús bourlju op dat stuit finaal fan ‘e kaart.

Ik beskôgje it as in grut foarrjocht dat wy sa frij wenje. Oan de râne fan it doarp sjogge wy fier it fjild oer, mei yn ‘e fjirte Friens en Grou. By ‘t simmer binne dy fjilden bûnt en as wy oer ús eigen keppeltsje swarte en wite skiep hinne dikerje, sjogge wy swartbûnte kij en Fryske hynders. As dy kij yn it ferline foar melken ophelle waarden troch de boerinne, tysken der faaks ek nochris in pear stabij’s om har hinne. Dat lêste bart lykwols tsjintwurdich net folle mear, wy hearre se somtiden alline noch mar blaffen. Nimt net wei dat ús buorlju, Froukje en Nico Hooghiemster, leafhawwers binne fan de Fryske rassen. Nico melkt in goed tritich FH-kij. Der wurdt biologysk buorke op de pleats en dêrtroch binne de greiden yn ‘e maityd ek noch ris kleurryk.

Nico en Froukje hawwe net allinne in bulte nocht oan it Fryske laach, sy binne ek fokkers. De kij geane geregeld nei in keuring en se brûke faak harren eigen bolle. Dat fokkersbloed ferleagenet him ek net by de hynders en de hûnen. Foar harren stabij’s hawwe ús buorlju sels in eigen kennelnamme: ‘Holwerda Sathe’, sa hjit harren buorkerij nammentlik. En dy namme komt fansels ek werom yn de nammen fan de kij en de hynders.

Ik kom foar alle bisten wol by Nico en Froukje oer de flier. Mar dy bewuste sneintemoarn ha ik der net iens west. De merje koe ik ommers al net mear rêde, mar der moast wol wat barre mei Marijke, har fôle. By in fôle fan noch gjin wike âld is in oare merje sykje de koartste klap. ‘Omwenne’ is net altyd like maklik, mar soks kinne jo besykje. Der sneuvelt ek wolris in fôle en dan stiet der in mem mei fertriet en in fol jaar. Troch in spesjale ‘fôlesintrale’ kinne eigners mei soksoarte fan drama’s mei elkoar yn kontakt brocht wurde. Dat koe no net, want in fôle fan goed acht wike wol wier net mear by in oare merje drinke. Mar dy fôle kin ek noch net sûnder memmemolke. Sadwaande kaam ik mei in ynternetside mei winken op ’t aljemint. En in leveransier fan memmetatepoeier (ferfangende molkpoeier) dy’t harren sels op snein derfan foarsjen woe.

Sa ’n advys jaan is ienfâldich; mar in fôle út in amer drinken leare is dat minder. De earste dei wie it in kwestje fan wat yn ‘e amer omblabberje, mear net. In dei letter krige it bist wol safolle toarst dat it samar ynienen klear wie.

De wiken dernei krige de weesfôle neffens in fêst skema it drinken en  groeide as koal! Der is lykwols noch wol in hiel oar aspekt dat omtinken fertsjinnet en dat is it gedrach. Ompopkje mei in wees is net goed. It bist leart dan net it gewoane hyndergedrach oan. It leart gjin respekt foar minsken te hawwen en is der dus ek net benaud foar. Sa ‘n fôle wurdt klierich of optwingerich en is letter net mear te hântearjen. It alderbêste is in maat. Lokkich wie dy foar hânnen op Holwerda Sathe: Jente, in inter. Tegearre rinne se op ’t heden yn de foartún fan de pleats. En sy pakke prachtich mei mekoar om. Se komme mei harren beiden fuortdaliks oansetten at Froukje mei de amer om ‘e hoeke komt om Marijke te boarnen. In feest om nei te sjen! Sa is Holwerda Sathe no in goed weeshús wurden.

Froukje mei Jente en Marijke

Wêr’t Sibrecht oan stoarn is? Har hert hat it nei alle gedachten bejûn of sy hat in skuorke yn de aorta krigen en is dêrtroch deablet. Soks bart spitigernôch wol faker by Fryske hynders. It komt as in tongerslach út in kleare loft en is altiten in drama.

Dan noch efkes oer ús eigen eachweiding, ús machtich moaie útsicht. Net allinne wurde de buorlju âlder; de easken foar it biologysk buorkjen wurde ek oanskerpe: de kij meie bygelyks net mear op stâl oanbûn wurde. Sa wurdt harren it wurk sa goed as ûnmooglik makke. Hoelang Marijke, de oare hynders en de kij mei it byld bepale sille yn de greiden oan de súdkant fan Reduzum? De tiid sil it leare.

Froukje hâldt Imme Feike (L, de dekreu) en syn healsuske Odina Fardou (R) fêst en Nico de beide merjes Alefke (L) mei fôle Marije en Theuniske (R) mei Marrit. Alefke (2008) is in dochter fan Theuniske (1998), lyk as Jente, de inter. De kij hawwe der ek niget oan.

Wolle jo mear witte fan Nico en Froukje Hooghiemster fan Holwerda Sathe? Sjoch dan op harren eigen side!

Juny 2012