Diggelguod

Menno WiersmaFRYSKE COLUMNS

L’histoire se répète, sa’t de Frânsen sizze. Skrassen op jins siel kinne jo net weipoetse en diggelguod dat stikken is, kinne jo better fuortdonderje. Dogge jo dat net dan kin soks foer foar psychologen wurde of in ‘skibbich’ ferhaal opsmite.

It is glûpende kâld earne midden yn ‘e winter yn ‘e oarlochsjierren fan de foarige ieu. Nel fûn in súterich katsje samar midden op strjitte. It skarminkeltsje streake de lytse faam nuet om ‘e beklomme skonken en mauke tsjin har. Nel helle de lapkespoes oan en naam har mei nei hûs. Se tôge mei it bist op ‘e earm de hege stoepe fan it doktershûs op en rûn de gong troch, sa de opkeamer yn. Ferheard kaam mem har temjitte mei harren hûn op ‘e hakken. Mem koe har dochter sa gau net in útbrânder jaan oer de smoarge skuon of de stabij stode al heal ûnder har rok troch op lytse Nel ta. Poes skrok har it rambam! Se skeat by Nel oer it skouder en fleach mei in sturt as in tuorrebout ta de keamer yn. Bijke stode deun achter har oan. De kat koe sa hurd net yn ‘e gerdinen strûpe en rûtste doe mar ûnder de porsleinkast. De hûn dûkte mei syn kop ek ûnder dy kast. Hy koe poes krekt net rikke en sloech syn sturt wakker hinne en wer. Mem en Nel hearden de kat fûleinich blazen en noch gjin twa tellen letter kaam Bijke mei in gjalp wer ûnder de kast wei. Út in skras oer syn noas sipelen grutte drippen bloed. Doe begûn Bijke âlderheisliks te blaffen. It naaide der sa út, dat Nel har hantsjes foar de earen sloech. Mem besocht de hûn te pakken te krijen mar se stroffele oer it bist en rekke yn ûnmacht langút oer de flier. Sy koe oars neat mear útbringe as boaze en loaze kreten.

Ynienen sette poes it wer op in rinnen. Se sloech har neils yn de learen stoel, fleach op it bekling en sprong doe sa streekrjocht boppe op de porsleinkast. Dêr stiene trije Delftsblauwe kommen op. De meast rjochtse fan it trio wankele efkes en trûdele doe yn in pirûette nei ûnderen. Op in hier nei miste de kom Bijke syn kop en sloech oan barrels op ‘e parketflier. Dat makke de hûn noch fûleiniger! Hy dûnse mei in kabaal om ‘e kast hinne dat it in aard hie. Op dat stuit fleach de keamerdoar wer iepen. It wie heit yn syn wite jas. Syn gesicht stie op ûnwaar. De man wie fanút de drokte fan syn sprekoere op it leven ôfkaam. Hy seach Nel stean mei de eagen stiifticht en har hantsjes stiif foar de earen. Hy eage it slachfield oer en sei gjin wurd. Pakte in stoel, sette dy njonken de porsleinkast en stapte dêrop. Grypte sûnder pardon de kat yn ‘t nekfel en wâde de gong troch mei Bijke blaffend efter him oan. Hy swaaide de foardoar iepen, pakte Bijke by syn halsbân en soalde de kat it paad op.  Bijke smoarde hast mar heit hold him stevich fêst. Poes stuitere rolleboljend oer de klinkers fan it foardoorpaad, fleach it brechje oer en stode sa de dyk op. Flak foar in frachtauto. Yn in sucht wie se sa plat as in dûbeltsje. En Nel wie krekt op ‘e tiid by de doar om it fatale momint op har netflues te fangen…

It hat wol trije dagen duorre ear’t de opskuor yn it doktershûs wer wat delbêde wie. De lytse faam wie net te treasten. Har âldere suster hie kâns sjoen om de gruzeleminten fan it ierdewurk byinoar te swyljen en wie begûn de diggels skibke foar skibke te lymjen. In heikerwei.

De skram op ‘e noas fan Bijke wie it earste dat wer hiele wie. Rom twa wike letter wie sa goed en sa kwea at it koe it ierdewurk ek wer lime. Alline fan tichteby koene jo de lymnaadsjes sjen. De skrassen op ‘e siel fan it lyts fanke hiene lykwols gâns mear tiid nedich om te hieljen.

Goed 65 jier letter. It is midden yn ‘e simmer en it is smoarhyt. Thea is krekt tachtig jier wurden. It is wol hiel stil yn ‘e hûs no‘t har kat dea is. Har skoandochter troaide har dêrom mei om in oarenien op te heljen. Dat waard Niak, in swartbûnte kastraat. In werpleatser via Stifting SOS.

Niak moast lykwols wakker omstean leare. De hiele earste dei hat er him ferstoppe efter de tillevizjekast. Mar stadichoan waard hy frijer en rekke hy wend oan Thea en sy oan him. Op ien fan syn sneuptochten troch de wente foel syn each op in erfstik: de porsleinkast. It útsicht fan dy kast ôf oer de keamer moat fantastysk wêze, tocht er. Thea seach him sjen, begrypte wat er yn’t sin hie doe’t er op it bekling fan de learen fauteuil wipte. Sy joech in gjalp wylst er de sprong weage. Faaks dêrtroch rekke Niak justjes de fierste fan de trije Delfts blauwe kommen dy’t de kroan fan de kast siere. De kom makke in healslach, like te wifeljen en mitere doe nei ûnderen. Nettsjinsteande it sachte tapyt foel er yn wol hûndert diggels. Wakker deselde diggels as doedestiids. Yndie, it wie dyselde kom dy’t Thea sels lime hie. De foaroarlochske lym hat ik net hâlden…

Wol trije moanne lei de brot op in blêd yn ‘e erker. Niak seach der sa no en dan beroufol efkes by, mar it slagge Thea net nochris om mei moderne superlym út de skibben in kom waakse te litten. “Smyt dy rommel dochs fuort, Mem”, sei ik, “It is ommers mar dea guod.” Mar fansels begriep ik ek wol dat der doe in stikje skiednis yn ‘e kontener ferdwûn.

En Niak? Hy mocht ek net âld wurde. Hy kaam de ôfrûne winter op in nacht net mear thús. It wie noch mar krekt begûn te friezen. Faaks hat hy net witten dat jo dan net oer ien nacht iis gean moatte… Mem mist har kat. Inkeld in foto en neitinzen bliuwe oer. Dy wurde dan ek tige kuozze.

Augustus 2011